D’UM

Nijs fan It Nut maitiid 2019

1 novimber 2019

Wizige op 27-11-2019, 12:15:15

Nijs fan It Nut maitiid 2019

It nije jier is noch mar in pear moanne ûnderweis, mar wy ha as bestjoer kwa wurk al hast in jier draaid. Der komt yn de nije gemeente fan alles op ús ôf en we ha hast alle wiken wol in útnoeging foar ien of oare gearkomste. We kinne net oeral by wêze, mar besykje it wol. Sa is Sytse-Auke al in pear kear nei gearkomsten oer it sosjaal domein west. De gemeente hat fiergeande plannen likop dit flak en der wurdt frege om mei te tinken.
Ek Nij Baarderadiel (it gearwurkingsferbân fan de tsien doarpen dy't nei de gemeente Leeuwarden gien binne) is folop yn oerlis en we binne drok dwaande mei it doarpebudzjet. Hjiroer aanst mear.

(Het jaar is nog maar een paar maanden oud, maar wij hebben als bestuur er qua werk al bijna een jaar opzitten. Er komt veel op ons af in de nieuwe gemeente: dorpenbudget, sociaal domein, Nij Baarderadiel en noem maar op.)

ÛNDERHALD / GEMEENTEWURK
Op 22 jannewaris ha we út hannen fan ús doarpewethâlder Friso Douwstra it ‘Dorpsprogramma 2019’ krigen. Dat program is in pear wiken letter ek hûs-oan-hûs ferspraat yn Weidum.
Hjir ha jim de plannen fan de gemeente yn lêze kinnen. Sa sil de gemeente mei de fytsbrêge by it Weidumer Hout oan de slach, sil it brechje by Nij Dekema oanpakt wurde en sil der in ûndersyk nei wenferlet dien wurde. As jim sels ‘klein leed’ melde wolle oan de gemeente kin dat fia it telefoannûmer 14058.

(Het ‘Dorpenprogramma 2019’ is huis-aan-huis verspreid in Weidum. Hierin staat onder meer vermeld welke (onderhouds-)plannen de gemeente heeft voor ons dorp.)

JIERGEARKOMSTE
Tongersdei 14 febrewaris wie ús jiergearkomste. It wie in drok besochte jûn! Ek wethâlder Douwstra wie oanwêzich, tegearre mei syn kollega Bram Louwerse (doarpsmanager fan de gemeente). De wethâlder hat mei harke, sels ek wat ferteld oer syn wurk en der wie ek romte foar soargen oer de nije gemeente en dan foaral oer it feit dat jo in doarp net fergelykje kinne mei in wyk yn de stêd. It wie in goeie gearkomste. Franci Heeger wie ôfgeand en op ’e nij beneamber. Sy waard mei grut applaus werbeneamd. Fijn dat wy Franci ek de kommende fiif jier noch yn ús bestjoer ha meie! It ferslach fan de foarige jiergearkomste en it jierferslach kinne jo werom lêze op www.weidum.eu. 

Nei it skoft wie der oandacht foar in twatal presintaasjes. Tialde hat útlis jûn oer it doarpebudzjet en Steven hat in presintaasje jûn oer de stân fan saken oangeande de restauraasje fan de tsjerkeklokken. As it goed is, binne de wurksumheden útein set en as alles neffens plan rint, sille we fan ’t simmer de klokken wer hearre kinne! As it sa fier is, sille we dêr fansels op ‘Weidumer wize’ oandacht oan jaan.

(De jaarvergadering is druk bezocht. Ook  wethouder Friso Douwstra was aanwezig. Franci Heeger is onder groot applaus herbenoemd als bestuurslid. Belangrijke verslagen zijn terug te lezen op www.weidum.eu. Na de pauze heeft Tialde uitleg gegeven over het dorpenbudget en heeft Steven een presentatie gegeven over de stand van zaken inzake de restauratie van de kerkklokken.)

DOARPEBUDZJET
Op de jiergearkomste ha we in útstel dien oer de besteging fan it doapebudzjet. De ferieningen dy’t fan de gemeente Littenseradiel in strukturele subsydzje krigen (en no dus net mear fan de gemeente Leeuwarden), kinne dit jier dat bedrach fan it doarpebudzjet krije. Se moatte dat dan wol nêdich ha. Yn 2020 kinne de ferieningen dan noch 50% fan it bedrach oanfreegje. Dêrnei is de ‘âlde regeling’ ôfboud. It doarpebudzjet is bedoeld om de leefberens yn it doarp te behâlden en te fergrutsjen. Inisjativen dêrta kinne yntsjinne wurde by It Nut. It Nut besjocht oft de oanfraach yn oanmerking komt foar (in diel) takenning. It plan foar besteging fan it doarpebudget wurdt dan op de jiergearkomste presintearre. As der jild oer is, kinne der yn de rin fan it jier noch oanfragen dien wurde.

(Het dorpenbudget is bedoeld voor initiatieven die de leefbaarheid in het dorp behouden en versterken. De verenigingen die structurele subsidie kregen van de gemeente Littenseradiel, kunnen deze voor 2019 (indien nodig) volledig aanvragen. Voor 2020 geldt dat ze deze structurele subsidie voor 50% aan kunnen vragen, als ze deze nodig hebben. In 2021 is de ‘oude regeling’ afgebouwd. Aanvragen kunnen worden gedaan bij ‘Het Nut’. ‘Het Nut’ bekijkt of de aanvraag in aanmerking komt voor (gedeeltelijke) toekenning. Het plan voor besteding van het dorpenbudget wordt vervolgens op de jaarvergadering gepresenteerd. Als er nog geld over is, kunnen er gedurende het jaar nog steeds aanvragen worden gedaan.)

NIJ BAARDERADIEL

De 10 doarpen dy’t fan de gemeente Littenseradiel nei de gemeente Leeuwarden gien binne, ha harren feriene yn Nij Baarderadiel. De doarpen prate mei elkoar oer ferskate ûnderwerpen en Nij Baarderadiel praat mei de gemeente út namme fan de 10 doarpen. Dat hat foar beide partijen in protte foardielen. De gemeente hat ien oansprekpunt en de doarpen steane meiïnoar sterker. In fijne gearwurking dus! Op dit stuit wurdt praten mei de gemeente oer de fergunningen/regels dêr’t ús doarpseveneminten harren oan hâlde moatte en de kosten dy’t dy meibringe, de wize fan âld papier sammeljen en hoe om te gean mei it doarpebudzjet.

(De 10 dorpen die van de gemeente Littenseradiel naar de gemeente Leeuwarden zijn gegaan, praten met elkaar over verschillende onderwerpen. Zo wordt er op dit moment over de dure en tijdrovende regels gepraat waar de dorpen tegenaan lopen. Gezamenlijk wordt ook met de gemeente gesproken.  Zo heeft de gemeente één aanspreekpunt en staan de dorpen met elkaar sterker.)  

Wolle jo wat witte fan of kwyt oan It Nut, dan kinne jo kontakt opnimme mei ien fan de bestjoersleden:

Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper en Tialde Ploegh.