Nijs fan de enerzjykoöperaasje

3 maaie 2017

Wizige op 05-01-2020, 16:32:17


De earste stap is setten!
Yn febrewaris foarich jier binne wy begûn mei it hifkjen fan de belangstelling foar in enerzjykoöperaasje yn it doarp. Doe die bliken dat der wol 20 húshâldings wêze soenen om in koöperaasje mooglik te meitsjen. Dat is it minimum oantal dielnimmers om oan te sluten by de provinsjale koöperaasje en enerzjy ôf te nimmen by Noordelijk Lokaal Duurzaam.
Op 22 novimber ha twa bestjoersleden fan It Nut en Geert de Groot as finansjele man nei de notaris west en is de Koöperaasje Doarpsenerzjy Weidum U.A. oprjochte.
Fan dat momint ôf binne wy begûn mei it ynsammeljen fan de oanmeldingsformulieren en se troch te stjoeren nei de leveransier, Noordelijk Lokaal Duurzaam (NLD).

De 20ste oanmelding is binnen!
It gong stadich mar hieltyd mear minsken yn it doarp ha harren opjûn om diel te nimmen oan de koöperaasje. Begjin maart krigen wy de 20ste oanmelding yn de bus, en dat betsjutte dat wy no opnommen wurde yn de struktuer van de Fryske koöperaasje en dat wy fan NLD elk jier in bydrage fan €75,- per dielnimmer útkeard krije om wat moais foar it doarp te dwaan.
Foar it bestjoer fan de koöperaasje wie dat reden om in blomke te besoargjen by Lucy Brouwer oan de Idzerdaleane want sy wie de 20ste dielnimmer. Sy wie tige ferheard dat har dy eare takaam. Lucy hat har oanmelden by de enerzjykoöperaasje fanwege it mienskipsgefoel.
Underwilens ha nûmmer 21 en 22 har ek al wer oanmelden, it giet de goeie kant op. Weidum hat 250 húshâldens dus der kinne noch wol wat mear by.

Wat dogge wy noch mear:
Yn Littenseradiel binne no al acht koöperaasjes dwaande of yn oprjochting. Dy acht koöperaasjes wurkje gear om elkoar te helpen en te ynformearjen oer wichtige saken oangeande enerzjy. Weidum is dêr ek by oansletten.
Yn de takomst wolle wy graach mear dwaan as allinnich enerzjy leverje. Wy kinne ek helpe by it ûndersykjen fan de mooglikheden om enerzjy te besparjen en te stypjen by it finansierjen fan isolaasje. Fia de gemeente en de provinsje is it ek mooglik om subsydzje te krijen foar enerzjybesparring, en dêr kinne  wy by helpe.

In doarpswynmole?
It is op dit stuit net mooglik om in doarpsmole op te rjochtsjen en dêr binne wy ek net foar. It taastet it moaie iepen lânskip oan. Mar doarpsenerzjy Weidum fynt dat wy net foar de ferantwurdlikheid wei rinne kinne. Yn de wat fierdere takomst en as der genôch dielnimmers meidogge, wolle wy ûndersykje oft it ek mooglik is op in sintraal plak yn of by it doarp mienskiplike sinnepanielen te lizzen op in grut gebou of in boereskuorre. Dat jout foar alle Weidumers de kâns om diel te nimmen mei in tal panielen, dat oerienkomt mei jins eigen stroomferbrûk. Foaral foar minsken, dy’t gjin geskikt dak ha of dy’t it gewoan net moai fine, kin dit in kâns wurde om it stroomferbrûk te ferminderjen.

Wolle jo mear witte?
Nim dan kontakt op mei ien fan de bestjoersleden (Gertjan van der Meer, Geert de Groot, Steven Duursma) of stjoer in mail nei  doarpsenerzjyweidum@gmail.com