D’UM

Bern de Baas yn Easterwierrum

30 juny 2014

Wizige op 28-11-2019, 13:37:14

Bern de Baas yn Easterwierrum

It BIS-stik fan 2014 is mei rjocht in berne iepenloft spul, want alle akteurs en dûnsers spylje ek bern. As primeur meie der ek wat “echte” âlders meispylje yn it begjin, mar dan wurde se fuortjage troch harren opstannige bern en nimme se de lieding yn it doarpke Timptille oer. Earst lekker patat en frikandellen ite, skoalskriften ferskuorre, sliepe op it plein mar al gau ûntsteane der twa groepen: de bokkebinde en de leave lamkes. Wa sil útmeitsje hoe’t it fierder moat as it iten oprekket of ien pinemûle hat. De hurde striid om de macht, mei it narjen en driigjen is net berneftich, mar lokkich komt der úteinlik fersoening. It ynsjoch dat it lilk wêzen op oaren, omdatst oandacht en leafde mist fan heit en mem, net liedt ta oplossings en dat je better as ien groep gearwurkje kinne. Fan de 34 spilers út hiel Littenseradiel komme der 10 fan it Pertoer, in grut tal. Twa, soms trije kear wyks op it fytske nei Easterwierrum. It ferget fansels in protte tiid en oefenjen om sa’n grut projekt mei tekst en dûnsjen der yn slite te litten. As in stik net echt ‘stiet’ hat alles foar neat west. Lokkich is it ek dit jier wer tige slagge en is it foar spilers en publyk in hiele ûnderfining en in lust foar it each. Lineke Fopma is ien fan de earsten dy’t opfalt, omdat se de mikrofoan fan foarsitter Lucy Brouwer ôfpakt, dy’t de jûn krekt iepenje sil. ”Ik fyn myn rol grappich, as kakker. Ik fyn it spesjaal dat we stout dwaan meie, minsken fuortjeie, dat is leuk. Ik sil elkenien dy’t meidocht misse, aanst. En ik doch nei de simmer wol audysje by Muzt, de bernemusicaloplieding, dat liket my moai!” Ik tink dat hja in goede kans makket. Ja, sommigen ha echt talent en krije de smaak te pakken. Hylke de Boer spilet foar it earst mei, mar hy springt der ek echt út mei syn fleurige, enerzjike útstrieling. “Ik was heel blij dat ik uitgekozen was van de 90 kinderen die auditie deden, het is wel heel leuk. Maar ik was eerst wel zenuwachtig, zou ik de tekst niet vergeten, ging alles goed, op het zingen na dan. Dat kan ik niet goed”. Lokkich is alles dik yn oarder, as hy opkomt yn syn útfynstkarke giet der in grutte laits troch it publyk. Hilda Jaspers docht ek foar it earst mei, mar hja stiet op it toaniel as die se dat al jierren. As lid fan de leave lamkes sjocht hja der prachtich út yn in reade jurkeftige kreaasje. “De ferskes binne leuk, de dûnsen gean goed en myn kostúm fyn ik hiel moai, alles is leuk”. Posityf dus. Alle bern hawwe trouwens skitterende klean oan. Anneke Hogeveen, sûnt it begjin fan BIS de fêste kleanûntwerpster, hat dit jier fan âlde klean en lapen persoanlik foar elk bern in unyk kostúm makke. (Dat wie handich foar de naaimemmen, we hoegden dit jier net oan de bak mei patroanen, knipsels en naaiwurkjes!) Ek Beitske Boersma wie wei fan har swierige strokenrok. “ It wie oars as foarich jier, it stik is folle moderner. Ik fûn it earst jammer dat ik gjin rol hie, mar as dûnser en sjonger ha je folle mear te dwaan. Ik fyn it fijn om my yn de brutale rol út te leven. It is in leuke tiid en ik sil de bern aanst wol misse”. Iris de Bree fynt it ek oars as foarich jier. “ It spilet makliker, do meist sels mear mei boartsje, sels betinke, grapkes útgebreider meitsje. Ik fyn dat hiel moai. It kostet in soad enerzjy, dat heal jier oefenjen, mar no sjochst wol wêr’st it allegearre foar diest”. Nynke Punter, in soepel en linich dûnstalint, fûn de repetysjes op it lêst wat saai wurden; se wie wol klear foar it optreden “De ferskes fyn ik foaral moai om meielkoar te sjongen. Ik wie net sa senuweftich, ik fyn it gewoan hiel leuk allegearre”. Pyke Kramer, ek in moai útdoste dûnser fan de Bokkebende, falt ek foaral op de ferskes . “Ja, it is it leukst om te sjongen. Earst fûn ik de repetysjes dreech, mar letter foel it mei. En no fyn ik it hiel leuk om mei te dwaan”. Merel Visser hâldt fan toanielspyljen, “ik heb een wat zorgzame rol, dat vind ik mooi”, mar is ek gek op dûnsjen. “Het is heel leuk om te dansen en te zingen op de muziek en ik heb een superleuk kostuum! Ik zal straks de gezellligheid van alle kinderen wel heel erg missen”. Marijke Dijkstra frege har bij de earste repetysjes ek ôf oft se it der wol foar oer hie, in heal jier lang repeteare. “Mar no by de foarstelling tink ik, hjir doch ik it foar. Ik fyn it hiel leuk om in truttich famke te spyljen en it is in superleuk toanielstik. In bysûnder momint fyn ik yn it stik as Olivia hast dea giet, dat fyn ik moai om te spyljen, dat is spannend.” Ek Mees Sijperda waard wolris wurch fan alle repetysjes en it dûnsjen, “mar no wit je wêr’t je in heal jier foar switten hawwe. It is wol oars as foarich jier, toen moasten we faak hiel hastich ferklaaie, mei mear en wat gewoanere klean. Mar no ha we ien hiel moai kostuum. Ik sil de bern om my hinne aanst wol misse. Is it BAM, ynienen allegearre oer…”. En ik tink dat Mees dêrmei wol ferwurdet wat foar alle bern nije wike jilde sil. Ynienen is it foarby, it byelkoar kommen, sminken, ynsjongen, de spanning foarôf, de kick fan it optreden, eufory as it wer goed gongen is, de lol dêrnei meielkoar. Hoewol ’t it in heal jier lang in protte tiid en enerzjy fan de bern ferget, is it in unyk en ûnferjitlik barren om foar sa’n grut publyk sa’n knallend stik del te setten. Marineke van der Zijpp