2 jannewaris 2016
Wizige op 28-11-2019, 11:28:57
Marcos, eigner fan in restaurant yn in lyts Gryks doarpke, set alles op alles om de lêste winsk fan syn sike frou Rosanna te ferfoljen: sy wol neist har dochter op it it âlde tsjerkhôf begroeven wurde. It probleem is dat der noch mar twa grêven oer binne (en der kin net reservearre wurde). Foar Marcos sit der dus neat oars op dan foar te kommen dat der minsken stjerre yn it doarp. Yn it sikehûs draaft hy fan bêd nei bêd om elkenien yn libben te hâlden en op strjitte hat hy der hâlden en kearen oan om ûngelokken te foarkommen. As der dan ek noch twa kriminelen efter syn maat Georgios oankomme slacht de panyk echt ta by Marcos. Gelokkich wit Rosanna de holle koel te hâlden…
Under lieding fan Tjerk Kooistra binne der rom 10 Weidumer froulju en manlju wer drok oan it repertearjen foar it Binnenloftspul!!
Graach wolle wy jimme fan herte útnoegje by ien fan de foarstellings fan it Binnenloftspul.