D’UM

Blik op it Ferline: Nei tsjerke

5 juny 2024

Wizige op 21-06-2024, 22:43:36

Blik op it Ferline: Nei tsjerke

(Rûnkranter, desimber 2014)

De tsjerken fan ús doarpen binne al ieuwenlang beakens yn it lânskip. Mar hjoeddedei wurde se  noch mar troch in hantsjefol minsken besocht. Dêrmei libbet de tsjerkeskiednis ek mar by in lytse groep troch. Foardat we it mei ús allen hast fergetten binne, yn dizze ôflevering fan Blik op it Ferline in weromblik op wat him binnen de muorren fan de tsjerke ôfspile hat.

At we no mei Kryst of op in oare winterske snein nei tsjerke ta geane, kin de jas út want it is der lekker waarm. Yn Weidum soarget Geeske – no al wer 26 jier tegearre mei Durk warber as koster – dat de ferwaarming op 'e tiid oan stiet. At it net sa kâld is hoecht dat pas op sneintemoarn, mar soms set se de thermostaat op sneon al oan om de tsjerke op temperatuer te krijen, stadich om it hout fan it ynterieur út 1708 en it oargel te sparjen. “It siicht der fansels altiten”, seit Durk, “benammen dy toer is ien grut siichgat.” Hoe kâld sil it wol net west ha doe 't der noch hielendal net stookt waard? De froulju losten dat op troch in stoofke mei nei tsjerke te nimmen en dat ûnder de lange rok te setten. At je mar waarme fuotten ha, wurdt de rest ek wol waarm. Yn de banken hat lang ek in grutte stove sitten. Dy lange houten 'kasten' binne der no noch, mar op in oar plak, as opstap om it hichteferskil midden yn it skip te oerbrêgjen. 
“At dûmny in bytsje in goede preek hat, dan ha je der gjin erch yn dat it kâld is”, stelt Durk. “Mar benammen at it kâld is moat je net te lang yn tsjerke sitte. Yn it ferline wiene de preken yn 'e regel lang. It sjongen gong mei help fan de foarsjonger h i e l  s t a d i c h. Op ien fan de kandlers by de preekstoel sit noch altiten in sânglês. Dy waard, as de dûmny de stoel opgie, op 'skerp set'. At it sân der troch wie, moast it dien wêze.” 

Kachel ûntploft

Op in bepaald stuit binne der kachels oanbrocht yn de tsjerken. Yn Weidum wie dat in kachel dy 't op cokes stookt waard, yn Jellum stie in oaljekachel. Durk: “Ds. Ype Skaaf wie yn dy tiid foargonger. Nei de preek ûnder it lêste gebed, krekt foar’t dûmny 'amen' sizze soe, krige de kachel in hoastersbui, mei as gefolch dat it lid fan 'e kachel fleach. Dûmny sei ynstee fan amen: Sa kin it ek!.”
Yn Weidum is op 'e flier noch in rustkleurich plak te sjen fan wêr 't earder in kachel stie, frijwat yn it midden fan de tsjerke. Op 'e foto (út 1959) is te sjen wat in ûnbidich lange kachelspiip troch it skip nei de souder rûn. Earder stie der in jitizeren kachel flak by de doar, in ûnhandich plak en ek net geunstich om de waarmte de tsjerke yn te krijen. Op dizze foto liket oan it gewelf boppe it oargel in soarte fan gerdyntsje te hingjen. Dat wie lykwols net fan stof, mar fan hout. It hinget der no net mear. Mei de restauraasje fan de tjerke yn de jierren '70 is der sintrale ferwaarming oanbrocht. Dat hat in goede restauraasje west, stelt tsjerkfâld Jan Monsma tefreden fêst. “We binne no hast fjirtich jier fierder, mar it gebou is noch hieltiten yn goeie steat. Mei lytse reparaasjes is de saak goed by te hâlden.”

Protter yn oargelpiip

Dy ferwaarming wie foar de tsjerkegongers hiel oangenaam, foar it ynterieur wie it minder. De droege waarmte lit it hout krimpe, soms mei grutte kieren as gefolch. Mei wetterbakjes tusken de radiatoaren wurdt de fochtichheid op peil hâlden. At it winterdeis friest, smyt Geeske amers mei wetter oer de stiennen flier om de droechte tsjin te gean.
De komst fan ferwaarming makke ek dat oargels earder ûntstimd rekken. It oargel yn Weidum is yn 1889 makke troch de ferneamde oargelbouwer Van Dam. Geregeld binne oargelisten en besikers fan de tsjerke ûnder de yndruk fan de kwaliteit fan dat oargel. Soms moat der wol even wat reparearre wurde. Sa kin it barre dat in piip ferstoppe is troch restanten fan motflinters. Dan moat sa'n piip foarsichtich ferwidere wurde en wer skjin werom set wurde. Oargelist Bart van der Sloot hat it yn Jellum meimakke dat in protter yn ien fan de pipen bedarre wie, de iepen snaffel stuts út de luchtspleet, sa wit Durk te fertellen.

Krystbeam

Geeske bringt de tsjerke alle jierren yn Krystsfear mei ballen, linten, ljochtsjes en tûken. Sûnt de grutte brân yn Volendam is in echte Krystbeam yn gebouwen net mear tastien. Dy 't der no stiet is in keunstbeam fan beskieden formaat. Yn earder tiden stie der wol in grutte beam, mei echte kearsen. Karel de Vries hie dan in grutte stok paraat mei in wiete spûns der op om de saak te dôvjen mocht der in tûke yn de brân fleane. Karel (wenne mei syn frou Ireen yn it hûs dêr 't no Wytse en Maaike wenje op it Sânpaed) wie gjin koster, mar soarge der wol foar dat allerhanne saken yn tsjerke op oarder wienen. Sa sette hy – at der in tsjinst fan brea en wyn wie – de spullen klear foar it jûnsmiel. Allinnich die hy dat al de jûns fan te foaren. Dus hie dy wyn al oeren yn lytse tinnen bekerkes stien en dat wie fansels net te sûpen. Wat oer wie, gong werom yn de flesse en waard de oare kear wer útskonken, soer as jittik.

Sulveren beker

Geeske: “It barde ek in kear dat krekt foar in tsjinst in stel toeristen ynteressearre wie yn de tsjerke. Fan De Vries mochten se der wol even ynkomme. De spullen foar it jûnsmiel stiene klear op tafel, De Vries ljochte graach ta wat it allegear wie. Lykas de prachtige sulveren beker foar de wyn. Hy rekke sa op dreef yn syn ferhaal dat er sûnder erch de beker omkearde om it sulvermerkje sjen te litten, mar fergeat dat de beker al fol siet. De flek op it kleed waard gau ôfdutsen mei in blomstikje, de tsjerkegongers ha it hooplik net opmurken.”  

Stil op snein

De tsjerkemienskip yn ús doarpen hat nea hiel grut west. “Weidum is sa read as in kraal”, ferklearret Geeske. Troch de ûnttsjerkliking is it tal tsjerkegongers yn de rin fan de jierren hieltiten fierder ôfnommen. Foar de âlde minsken dy 't dea geane, komt gjin jongfolk yn it plak. “At winters de diken glêd binne en de tsjinst giet dan net troch, dan hoege we mar in hantsjefol minsken te beljen” , jout Durk oan. Simmers yn fekânsjetiid hat in gastdûmny soms net mear as seis of tsien minsken ûnder syn gehoar. De tsjerkeried fan Westerwert hat in diskusje iepene oer de takomst fan de tsjerke. It berie giet oer fragen as: kinne wy de tsjerken noch wol yn eigendom hâlde? kinne we alle sneinen noch wol tsjinst ha? We wiene as doarpelingen al wol wend dat de klokken net alle sneinen mear liede, mar it soe yn de tradysje fan de tsjerke wol in hiel grutte ommekear wêze at it op snein hielendal stil bliuwt. Tiden hawwe tiden, net alles kin bestean bliuwe. Mar litte we ús der meimekoar – tsjerks of net-tsjerks – foar ynsette dat yn elts gefal de gebouwen foar de takomst bewarre bliuwe. 

Katja Westra
(mei meiwurking fan Jan Monsma, Jeppe Teensma (argyf wurkgroep histoarje) en Durk & Geeske Limburg).