28 desimber 2011
Se binne der noch yn ús doarpen: minsken dêr’t jo net omhinne kinne, dy’t bepalend wiene foar de histoarje fan pakwei de ôfrûne 100 jier. Minsken dy’t in protte meimakke ha en dy’t in foarbyld binne foar oaren. Sy binne ikoanen. Diskear is Theo Westendorp ús Ikoan. Ikoan fan Bears want Theo Westendorp wenne jierren yn Bears. Marineke van der Zijpp hie in petear mei him. Op 25 november teach ik nei Nij Dekama foar in petear mei de hear Westendorp. Jierren yn Bears wenne, mar no al hast 10 jier yn Weidum te plak yn in oanleunwente. Mei it sicht op lânskommende minsken en foaral de skoalgeande bern oer de Skildyk. Hy sei: “Net foar twaën komme hear, want ik moat earst alle kranten noch dwaan”. Tsjin trijen hiene alle bewenners harren Ljouwerter Krante yn ’e hûs en rekken wy oan ’e praat by de hege tafel yn de gesellige húskeamer fan Gretha en Theo Westendorp. Westendorp waard berne op 9 july 1924 yn It Heidenskip by Warkum, as de sechsde fan sân bern, op in nije pleats, nei ’t de âlde ôfbrând wie. Yn dy tiid betsjutte dat, dat hy as jonge rûnom wol helpe koe op pleatsen mei boerewurk, sûnder jild te fertsjinjen. Allinnich de winters wiene gouden tiden. “Dan holp ik mei molkeglydzjen: mei hynder en wein de molke oer it iis fan It Heidenskip nei de Gaastmar glydzje en wer werom, soms wol mei twa hynders foar de karre!” En doe krige Westendorp ferkearing. Hy moast der wol 50 km foar fytse, nei Wytgaard dêr’t Gretha Harinxma wenne. “Mar ja, yn dy tiid hiene wy fansels gjin auto, diene wy alles op de fyts. Ek as wy Abe sjen woene op It Hearrenfean.” “ Ja”, sei frou Westendorp, “mar dat moast ik ek hear, as ik nei dy ta fytste wie it ek 50 km”. Hja binne troud op 5 maaie 1959. Op befrijingsdei mei trije man út Warkum wei, mar dy giene yn ’e auto. Westendorp gie op de fyts, lâns Wytgaard, mei de oansteande nei Ljouwert. Hja setten harren te wenjen yn Jellum, op de pleats fan mefrou Hugens-Smeding (no de pleats fan de fam Andreae). Westendorp wurke dêr as bedriuwslieder. Deis nei it trouwen stie hy alwer op de kuilbult. En frou Westendorp siet in pear dagen letter alwer ûnder de kij. It wie hurd wurkjen, mar hja wennen dêr moai en krigen dêr harren beide bern: Attie (no 50 jier) en Haje (no 45 jier). Nei njoggen jier sloech it needlot ta. Troch faillisement fan de famylje Hugens moasten hja ynienen yn koarte tiid fan de pleats ôf. Wat in ferskriklike tiid, gjin wenplak, gjin wurk . Lokkich kaam der op dat stuit ek in hûs yn Bears frij dêr’t hja yn koene. En dat wie it hûs dêr’t se úteinlik mear as 30 jier wenje soene. De hear Schat, doedestiids direkteur fan de molkfabryk, hat der foar soarge dat Westendorp wurk krige op it fabryk. “Dat wie in moaie tiid, op it fabryk. Tsiis lade om fjouwer oere moarns, mûnsternimme, in soad op ’e dyk. En ik trof in protte minsken, koe elkenien. Sa moast ik wolris mûnsternimme by Oosterbaan. Mar nei it melken misten wy seis kij. Hoe’t dat no koe. Dat wy wer it lân yn en ja, dêr leine se noch. It wie sa potticht troch de mist, dat wy hiene se noait sjoen by it kij opheljen. Dêr ha wy in soad wille om hân.” Yn Bears gie Westendorp yn de fokkerij: “Myn grutte hobby wie de keallefokkerij. Dat wie ûntstien fanút de jongerein. Ik ha jierren yn it bestjoer sitten. Oeral hinne foar wedstriden en ik ha hiel wat prizen wûn; in moaie tiid”. Oan ’e wand yn de keamer hinget ien fan de prizen, in prachtich sulveren boerd. Westendorp hat mear bestjoerswurk dien. Yn Bears hat er yn acht bestjoeren sitten, meastentiids ek as foarsitter. Fan de iisclub, Freule, doarpsbelang, hy hat it doarpshûs mei oprjochte, kollektebussen regele en it skutjassen... Mei dat skutjassen giene se alle jierren in nacht fuort nei Earnewâld mei de boat, in molkbus mei pareltsjebrij mei. “En wy stiene dan as froulju jimme op ’e wâl út te swaaien”, sei frou Westendorp laitsjend, dy ’t dat noch sá foar har seach. Foar al dat bestjoers- en oar frijwilligerswurk krige Westendorp yn 1994 in sulveren earemedalje yn de ‘Orde van Oranje-Nassau’. “Dat wie in hiele ear. De minsken yn Jellum-Bears libben allegearre mei. Der hongen 46 flaggen út én op beide tuorren stie ek ien.” “Se hiene it allegearre foar dy oer”, sei frou Westendorp. “Troch ús Haje waard ik mei nei it gemeentehûs nommen, wy wisten fan neat. Ik krige him fan de boargemaster en dy hie sels ek ien krigen. Myn broer Willem, dêr’t wy altyd in protte kamen, wie yn dy tiid al jierren boargemaster, earst yn Medemblik en letter yn Volendam. En hy hie ek in lintsje krigen. Ik sei, dêr wol ik hinne. Dat wy oer de ôfslútdyk nei myn broer ta”. Hy sei: “Wat hasto dêr?”. Ik sei: “Krekt sa’n lintsje as dy. Tinkst dat ik minder bin as dy omdat ik froeger nea studearje kinnen ha? Doe fûn er it ek moai foar my.” Hy liet my in foto sjen fan it hûs yn Volendam dêr’t se altyd in soad west ha. “Op myn 61e moast ik út it wurk. Ferskriklik fûn ik dat, ik hie it sa nei ’t sin op it fabryk. Ik gie skriemend nei hûs ta, nei myn lêste wurkdei. Mar ja, dat wie yn dy tiid sa. Yn Bears fûn ik lykwols genôch putsjes om te dwaan: oanfaaie, in soad by Wypke (van de Lageweg), hynders telle. Bears wie froeger wol libbener as no. In protte minsken wurkje oerdei en hawwe oare drokten. Op in stuit rekke ik nei Grins yn ’t sikehûs, ik wie net rjocht goed, famylje-spanningen. Ik moast opereard wurde en in pear wiken bliuwe. Piet van Putten hat doe goed op Gretha past en wy krigen wol 176 kaartsjes. Mar doe hat ús Haje der achteroan west dat wy nei Nij Dekama ferhúzje koene. Yn april 2002 wie dat safier en wy ha net in momint ûnwennich west. Wy wenje hjir prachtich. En wat is it âlder wurden in ein moaier wurden. Foaral it gemak fan de rollator. Froeger sieten jo opsluten as jo net mear goed rinne koene, mar no kinne wy oeral komme.” “Dy man dy ’t dát útfûn hat fertsjinnet in medalje”, sei frou Westendorp, wylst hja mei de teekopkes op de rollator út de keuken kaam. “Froeger wie ik in soad op ’en paad, mar no bin ik bliid dat ik oeral út bin. By it skûtsjesilen wie ik ek altyd oanwêzich, ik miste noait, mar ik kom der net mear, ek net by it keatsen. It binne hiele oare tiden. De froulju wurde ek hieltyd gebekter, dat wie doe ek oars. Okkerdeis hiene wy it jubileum fan it doarpshûs fan Bears. Dêr ha wy in soad lol hân, earst al mei de bus derhinne. In geweldige dei wie dat.” “Wy komme noch in protte by Haje en syn húshâlding. Se komme hjir ek wol. En Attie, dy ’t no yn Stiens wennet, komt om de 14 dagen útfanhûs. Sy hat har eigen keamer hjir by ús.” Wy sjogge even om it hoekje, dêr’t in keurich opmakke bêd klear stiet. Dochs is it net sa dat Westendorp hielendal oeral út is. “De ‘Groenvoorziening’ woe hjir foar de ruten 18 beammen hawwe. Dêr ha wy doe aksje tsjin fierd. It útsicht is in hâldfêst fan de minsken, dêr kinne jo sa fan genietsje. Foaral fan boppen ôf sjogge jo oars sa tsjin dy tûken oan. Dus dat is doe net troch gien...” Boppedat binne der noch de kranten. “Seis dagen yn de wike. Dat hâldt jo dwaande, ek al binne wy 87 en 89 jier”. Nei in lêste bakje tee mei keek namen wy ôfskie. By de doar sei Westendorp: “Ik seach der wat tsjin oan, om alles út it libben op te reakeljen, mar it is goed gien”, en mei trije dikke tuten wuifden wy goeie oant de hoeke fan de gong.