11 jannewaris 2023
Wizige op 11-01-2023, 10:45:13
Troch Marineke van der Zijpp
Wy krigen in appke: Us skoalle It Pertoer hie al tiden achter de skermen mei plannen dwaande west om in IKC te foarmjen. En no wiene, foar in presintaasje hjirfan, alle pakes en beppes útnoege om op 24 novimber nei de foarstelling te kommen. Soks is foar in beppe net te fersitten fansels, dat óp nei it doarpshûs. Dêr wie al in sfear fan enerzjike opwining; yn de hal en de seal, oeral toarken bern om. Omdraaid op ’e stoel waard der omraak roppen nei beppes, entûsjast beändere mei grutske wiuw-hannen. Hieltyd mear rigels mei bern waarden op hastich byskode gymnastykbankjes delplante. Je kinne je ferwûnderje oer de grutte populaasje fan ús skoaltsje hjoed-de-dei.
Doe gie it ljocht út en kaam skoallehaad Hanno Zomermaand, yn de spotlights fan ljochtman Patrick Kramer, oan it wurd. IKC betsjut Integraal Kind Centrum: in pedagogyske foarsjenning, wêryn’t ûnderwiis, berne-opfang en maatskiplike aktiviteiten gearfoege binne. In soarte fan ‘alles-yn-ien-skoalle’, foar bern fan 0 oant 13 jier, fallend ûnder ien bestjoer mei deselde pedagogyske fyzje. Boppedat wurdt der gearwurking socht mei ferieningen en stichtingen yn de buert. Bygelyks mei It Pleatslik Nut of aktiviteiteclub It Roekenêst, om sa aktiviteiten en rinnende projekten op elkoar ôf te stimmen. Achter de skermen wie It Pertoer hjir al tiden mei dwaande. Hanno klonk entûsjast en optein; it wie dúdlik dat hy in soad kânsen sjocht yn dizze fernijende foarm fan ûnderwiis, dy’t al sûnt 2008 yn ûntwikkeling is yn Nederlân. It IKC biedt in rike learomjouwing, mei de hiele dei troch in ôfwikseljend programma mei sport, kultuer, technyk, wittenskip en muzyk. Alles mei it aksint op ferbining, respekt foar in oar en persoanlike groei.
It Pertoer hie foar dizze middei gearwurking mei Kunstkade socht: in organisaasje foar allerhanne foarmen fan kultueredukaasje yn Ljouwert. Al in pear wiken hiene de bern workshops folge wêryn’t harren eigen talinten sintraal stiene. De bern popelen om harren tarette optredentsjes sjen te litten oan it publyk. In meiwurker fan Kunstkade naam de mikrofoan oer en mei har oansteklike positive toan rôp se de pjutten en kleuters op it toaniel. Nei in hearlik rommelige tastream fan lytse minskjes, de iene dryst, de oare felegen, koe de act fan start gean. De pjutten tikken yn ’e rige lânskuierjend in groep kleuters yn ’e sliep, wêrnei’t se dreamden oer superkrêften. Mar, omdat elk yn ’t echt ek persoanlike superkrêften hat, lieten alle bern op in lûdsbân om bar hearre wêr’t se goed yn binne: fuotbalje, sjonge, helpe, piano spylje, ensfh. Dêrnei bylden se dat út. In hiele positive oanpak fansels en elkenien krige eefkes in momint fan ‘shining’. Ek, of benammen, foar alle glimkjende fans yn it publyk.
Fan groep 2 seagen wy filmkes dy’t opnaam wiene. Neat gjin foarôf ynstudearre stikjes út in skriptboekje, mar sels betochte ferhaaltsjes oer b.g. fuotbaljen en pesterijen op it skoalplein. It bernepublyk lei hieltyd yn in deuk fan it laitsjen. Prachtich dat dizze kreativiteit sa’n soad werkenning oplevere. Dêrnei kaam der in blok ‘dûns’, mei tuskentroch foar elk wer in persoanlik momint. Se lieten de meast linige en fernuftige keunstkes sjen, dy’t ûntfongen waarden troch lûde ooh’s en aaah’s fan de taskôgers. Ferfolgens kaam teater oan bar. Learlingen dy’t toaniel leuk fine hiene eigen sketskes ynstudearre. Ek hjir wie dat bassearre op eigen ynteresses, dus fansels wer wat mei fuotbal. Mar ek wie der ‘in hân ferdwûn’. Dêr kaam in skelter-ambulânse oan te pas om it probleem op te lossen. Meielkoar hiene se wat betocht en mei plezier útfierd. De muzyk gie op lûd en we seagen op in freerun-manier bern fan links en rjochts oer turntastellen hippen: fol enerzjy. En as lêste wie der in lytse presintaasje fan muzyk. Guon wiene noch mar krekt yn ‘e kunde kaam mei in ynstrumint en dan fuort al foar in folle seal spylje. Dat wie wol dapper. De begelieder fan Kunstkade sei dat ek. Dy fûn it allermoaiste oan dit projekt, dat in soad bern dingen útprobearre hawwe, dy’t se noch nea earder dien hiene. Ek dat learlingen elkoar ynspirearje en fan elkoar leare en dat der sa’n protte gearwurke waard. “Dat is toch wel heel mooi, hè”, sei se op waarme en entûsjaste toan. En oft wy ek eefkes by de graffitybuorden lâns rinne woene want skilderje hiene se ek dien. Dy buorden hongen by it poadium as in mini artgalery. “Ga zo door met kreatief zijn!”, fitere sy de bern oan. “Applaus!!”