23 april 2022
Wizige op 25-04-2022, 09:23:14
De grutste kostenpost op de enerzjyrekken is hjoed-de-dei it gasferbrûk. Dêrom is it foaral wichtich om dat ferbrûk te beheinen. Faaks is der sûnder in soad kosten te meitsjen al winst te heljen troch ienfâldige maatregels en oanpassing fan it gedrach. It goed isolearjen fan it hûs freget wol in ynfestearring, mar is in maatregel dy’t faak ek in soad besparring opsmyt.
De ynfestearring kin faak yn in beheind oantal jierren weromfertsjinne wurde.
Doarpsenerzjy Weidum kin helpe by it kiezen fan wat in ferstandige folchoarder is.
Ienfâldige maatregels
It gas- en stroomferbrûk yn in wenning kin al beheind wurde troch lytse ienfâldige maatregels lykas Led-lampen, radiatorfoly, termostaat bystelle, siichgatten opsykje.
Dat hoecht net folle te kostjen mar kin dochs al wat opsmite.
In enerzjycoach kin dêr by helpe. Hy komt lâns en yn oerlis mei de bewenners besjocht hy hoe’t sûnder grutte yngrepen besparre wurde kin op it enerzjyferbrûk en dus ek op de kosten. Foar elts spesifyk gefal sille de bêste maatregels ferskillend wêze: de coach kin helpe om út te sykjen wat it measte helpt en wat al goed ynoarder is. De quick scan is fergees foar alle ynwenners fan Weidum. Dy wurdt útfierd troch Klaas Hofman. Hy is in ûnofhinklik enerzjycoach en wurket ûnder oaren foar it enerzjyloket fan de gemeente Ljouwert. Hy kent de minsken en huzetypes yn en om Ljouwert goed.
Enerzjyadvys
Wa’t oerwaget om it hûs te isolearjen, dan is de tarieding tige wichtich. Earst it dak of earst de flier? Of dochs de muorren en de ruten? Alle Weidumers dy’t graach mear witte wolle kinne fia de koöperaasje gebrûk meitsje fan in ûnôfhinklike enerzjyadviseur. Hy stelt in rapport op oer wat foar yngrepen it measte rendemint ha en wat bygelyks bêst wat letter kin. Dat is foar elk hûs wer oars.
Doarpsenerzjy hat mei Tjalling Reitsma, in ûnôfhinklike adviseur, in priis fan € 200,- ôfpraat en dêr betellet de koöperaasje de helte fan. It kostet dan dus noch € 100 ynkl. BTW. Der wurde mei in waarmtekamera ek ynfraread foto’s makke, dêr’t op sjoen wurde kin wêr’t de grutste waarmelekken yn it dak of de gevel sitte. It meitsjen fan de waarmtefoto’s is in ûnderdiel fan it advys.
Mear witte of meidwaan?
Weidumers, dy’t graach mear witte wolle, dy’t belangstelling ha foar in ‘quick scan’ of in enerzjy-advys, kinne dat trochjaan oan de enerzykoöperaasje. Stjoer in berjocht nei: info@weidumduurzaam.frl en dan wurdt it regele.