D’UM

Jubilearjende muzikanten

7 july 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:46:54

Jubilearjende muzikanten

Wilens it Simmerkonsert fan Harmonie Weidum, freedtejûn 5 july, wie wat bysûnders oan de hân; der wiene dizze jûn mar leafst 5 jubilearjende muzikanten. Janneke de Boer is 25 jier lid, Johan de Boer en Coby Kirkenier binne beide 40 jier muzikant wylst Jan van Dijk en Wietske Wiersma beide al 60 jier de stjerren fan de himel spylje. 
Njonken de brûklike sulveren en gouden OMF insignes (colliers foar de froulju), blommen en oarkondes waarden Wietske en Jan ekstra yn it sintsje set. 
Ut namme fan muzykferiening Harmonie Weidum krigen beide leden in reissjek oanbean, mar boppe-al meie sawol Jan as Wietske harren no Earelid fan Harmonie Weidum neame.
60 jier musisearje; in grut applaus wurdich, fûnen sawol it bestjoer fan Harmonie Weidum as alle taskôgers!