24 desimber 2021
Wizige op 24-12-2021, 14:51:00
Ik hie my noch sa foarnaam yn dit Nijs fan it Nut om efkes net oer corona te skriuwen, mar we ûntkomme der no echt net oan. De Weidumer skoalle is ticht, de bern sitte wer folop yn it thúsûnderwiis en guon húshâldings sitte yn karantêne om’t der coronabesmettingen binne. En sa sitte wy dus ek as húshâlding yn isolaasje, om’t we alle fjouwer posityf testen binne. No dat wie wol efkes skrikken, dy twa streepkes op de thústest en letter fjouwer positive testen by de GGD. Mar gelokkich knappe we wer aardich op en meie we oer in pear dagen wer nei bûten ta. Litte we hoopje dat, as dizze Rûnkranter útkomt, we it firus wer út Weidum ferdreaun ha en in grutte slach slein ha yn de “Weidumer groepsymmuniteit”!
Alfêst foar op 'e kalinder: Jiergearkomste 3 maart 2022
Entree súd
Gelokkich ek noch oar nijs. Bygelyks ûntwikkelingen oangeande de plannen fan de oanpassing fan de súdentree fan ús doarp. Earder joegen we it berjocht al troch dat we mei de gemeente yn oerlis binne oer de yngong fan it doarp oan de kant fan Mantgum. Ûnderwilens hat de gemeente trije farianten útwurke. Dizze farianten sille besprutsen wurde yn in gearkomste mei de omwenners. Oare belangstellenden kinne de plannen ynsjen by It Nut.
Oanmelde kin troch in mailtsje te stjoeren nei pleatsliknutweidum@gmail.com. Wy meitsje dêrnei in ôfspraak mei jo. Ek sille we op ús jiergearkomste it definitive plan presintearje.
De gemeente heeft inmiddels drie varianten gemaakt voor de aanpassing van de ingang van het dorp aan de zuidkant, de kant van Mantgum. Deze plannen worden besproken met de omwonenden en het definitieve plan zal op de volgende jaarvergadering worden gepresenteerd. De plannen liggen nu ter inzage bij Gertjan van der Meer. Belangstellenden kunnen zich melden via pleatsliknutweidum@gmail.com.
Jeu de Boules baan Wa hat in goed idee?
Al in pear jier leit der in stikje grûn yn ús doarp te fertutearzjen. It wie ea bedoeld as in Jeu de Boules baan, mar in protte ballen binne der net goaid. It giet om in plak oan de efterkant fan Nij Dekema. Der binne yn 2021 net genôch oanmeldings west foar in bydrage út it doarpebudzjet. Neffens de regels moatte je dat wat oerbliuwt weromjaan oan de gemeente of reservearje foar in bepaald doel. We ha as Nut besletten it jild te reservearjen foar it opknappen fan dizze Jeu de Boulesbaan. Wat wolle we as doarp mei dit plak. Moat it in Jeu de Boulesbaan bliuwe of hat immen in hiel oar idee? We hearre it hiel graach. Ideeën en plannen kinne by ús melden wurde fia pleatsliknutweidum@gmail.com.
Wie heeft er een goed idee of plan voor de Jeu de Boulesbaan die achter Nij Dekema ligt? We hebben namelijk geld gereserveerd om deze plek op te knappen. Laat het weten via bovenstaand mailadres.
Wy winskje elkenien hiele fijne dagen ta en in sûn en lokkich nij jier!
Gertjan van der Meer, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper, Anton Wijnstra en Tialde Ploegh.