D’UM

Rjochtdei

9 july 2015

Wizige op 28-11-2019, 12:28:19

Rjochtdei

fan ferhaal nei film.

Dan hawwe je de earste priis wûn en wurdt je ferhaal ferfilme. Dat nijs komt net echt binnen kin 'k fertelle. Sjoch, ík fûn it ferhaal wol goed; mar dat seit fansels hielendal neat. Ik bin ommers gjin kenner, gjin skriuwer, gjin taalfirtuoas; ik doch mar wat. Myn gefoel moat der wat dat oanbelanget hielendal yn syn ientsje mei rêde. 
Yn in rjochtstreekse tillevyzje útstjoering yn maart waard myn koart ferhaal keazen, ik kin der noch net by. Ek net by alle reaksjes, bedankt dêrfoar.

Sûnder al tefolle útwreidzje te wollen siet ik oer it ferfilmjen nochal yn, wa soene der yn spylje, hoe soe it filme wurde?
It boadskip wie my te belangryk, te brekber ek, om ferkeard begrepen te wurden.
Mar it is prachtich dien. Dêr bin ik oprjocht tankber foar.
Sûnder immen tekoart dwaan te wollen hawwe ûnder oaren regisseur Bart Kingma, kameraman Gerko Jonker, Fenna Bijlsma en Marijke Geertsma it dochs wat skokkende ferhaal hiel moai ynfolle, it rekket je. My yn alle gefallen, sa begrutlik...

It ferhaal oer goed en ferkeard, leafde en haat, doe en no, libben en dea wie yn de earste wike fan juny te sjen yn Bynt by Omrop Fryslân. De opnamen binne makke op twadde Pinksterdei yn Winsum, de dei dêrnei yn de mûne De Zwaluw fan Burdaard en yn in soarchkompleks yn Ferwert. Doe't ik moandeis de smidterij binnenstapte hearde ik fuortendaliks Fenna's yslike gjalp. Freeslik, pikefel.
Dy kâlde prikels hie ik wer doe’t Marijke in dei letter stilswijend oan in taffeltsje siet yn Foswert, it wetter út myn eagen koe ik fuortfeie sûnder dat immen it seach.
Piet Douma, Jan Tiede Bouma, Skelte Anema, Wybo Smids, Fenna en Marijke hawwe it ferhaal oertsjûgjend delset, de iene kaam noch bûnter en blauwer thús as de oare.
Dyselde wike haw ik sawat alle nachten oer Rjochtdei dreamd. Nuver no.
It is spannend en ‘eng’ om oaren je ferhalen lêze - of yn dit gefal sjen - te litten, der wat fan fine te litten. Kommentaar en krityk is der yn soarten en maten. Moatte je dêr wat mei dwaan? Ik besleat dat fansiden te lizzen: Dit is wat ik makke haw en ik fyn it goed.
Spannend sei ik? Bloedstollend mear, foar in famke wat eartiids skruten en mei in read oanrûne holle troch it libben gie, somtiden ferskûle efter in grutte mûle. Faaks is it in idee om dat sa njonkelytsen mar farre te litten; dit projekt hat my toch echt wol mear selsbetrouwen jûn.

Mar genôch ôfwaaid praat oer mysels, litte wy it oer de film hawwe.
Wat in wurk. In regisseur, in kameraman, in lûdsman, in kamera assistint, in sminkster en sa as earder sein, seis akteurs. Shot fan lofts, shot fan rjochts, fan efteren of fan foarren, fan   ûnderen en fan boppen. Oardel dei opnamen, dan yn ’e montaazje, de voice-over ynsprekke en de audioneibewurking; al mei al sit der moai wat wurk yn. De sênes mei Fenna, Piet, Jan Tiede en Wybo wiene yndrukwekkend; de bylden makken je nijsgjirrich nei mear. It byld fan Marijke (of Marchje) yn it fersoargingshûs wie oandwaanlik. Mar it allermoaiste fûn ik miskien wol de sêne yn de mûne. Moai ljocht, kalme bylden en de tekst fan it ferhaal op skitterjende wize útbylde. Fansels hawwe je oare bylden yn ’e holle ûnder it skriuwen, basearre op eigen ûnderfining. Mar mei sa’n risseltaat binne je dat samar fergetten. De lêste sêne krige ik yn in útsjoering fan Bynt te sjen, ik wie (wer) bliid ferrast! Hie ik in hoed op hân dan hie ik him ôfsetten.
It aldermoaiste komplimint ha ik en alle belutsenen miskien wol krigen fan in frommeske út Hollân. Dochter fan in Nederlânske mem en in Dútse militêr, in ‘ferkeard’ bern om it mar planút te beneamen. Histoarika en ûndersykster, dochter fan in kealskearde mem, skriuwster fan twa boeken oer dit ûnderwerp. Se hie it ferhaal fan my krigen, mar koe dêr fansels net útkomme (ik sil it noch oersette foar har), de bylden griepen har oan;
Heel mooi gedaan! Vind eigenlijk dat het ook op de nationale tv zou moeten. 
Goede casting ook!’ sei se nei de útstjoering fan tiisdei.
Tongersdeis waard ík stil fan har; ‘ik vond het verhaal en de film prachtig en emotioneel!’

Mei sa’n ferhaal as dit soe ik wolle dat fersoargjend personiel in oar byld krijt op har demintearjende kliïnt. Dat wy, minsken, de eagen iepen dogge foar alle kanten fan in konflikt. Dat we elkoar überhaupt wer sjogge, echt sjogge. Dat eltsenien der wêze mei, mei of sûnder misstappen.
Je moatte sa mar tinke, in oarloch ken inkeld ferliezers.
Sa, dat wie in hiel soad geëamel oer 735 wurden. Dat wie de lange ferzje.
De koarte; ik fûn it hielendal te gek!

Doech,
Janneke de Boer.