22 novimber 2020
Wizige op 23-02-2021, 16:01:35
It wie heal oktober doe’t Gemma Peridon tocht: Ik fyn it sa sneu foar de bern dat de hiele “Sinterklaas-feeling” der dit jier net is, dat moat dochs oars kinnen. Se goaide ris in baltsje op by it Nut en sa kaam it dat wy tegearre besochten de goedhillichman nei Weidum, Jellum en Bears te heljen. Dat wie noch efkes spannend, want hy hat it fansels smoardok yn dizze tiid en boppedat hearden we op it Sinterklaasjournaal dat Sinterklaas dit jier thús wurket.
Mar it is slagge! Op sneon 21 novimber waard de Sint tegearre mei syn Pyt troch Sytse op in TukTuk troch ús doarp riden. Op ferskate plakken yn it doarp stoppe it selskip en kaam Sinterklaas efkes fan syn stoel ôf om de bern dach te sizzen. Wat wie in prachtich om al dy bliere kopkes te sjen. Der waard songen, de bern koenen mei Sint en Pyt op’e foto en Pyt hie foar alle bern noch in pûdsje lekkers. Ek de bern út Bears en Jellum waarden net ferjitten.
It Nut hie foar alle hûshâldings yn it doarp noch in aardichheidsje. Wat wie it in prachtige moarn.