D’UM

Topjûn foar Sjongerij Weidum mei it Remember Novem

22 novimber 2012

Wizige op 10-11-2019, 17:02:15

Topjûn foar Sjongerij Weidum mei it Remember Novem

Op sneon 10 novimber organisearre Sjongerij Weidum in muzikaal spektakel yn it Doarpshûs fan Weidum. Yn gearwurking mei de Pop and Jazz Orchestra The Academy út Frentsjer, it Roekies Combo en de Elvis Tribute Artist Kees Versluys, waard in jûnfoljend programma bean, dêr't sa'n 300 minsken op ôfkamen. De Sjongerij iepene de jûn mei in fiiftal nûmers, û.l.f. harren dirigente Anna Bonnema. Ferskes fan û.o. Abba, Grease en Eric Clapton waarden fjouwerstimmich útfierd. Foaral de útsmiter Does your mother know, spatte fan it poadium! Undertusken wiene de leden fan it Roekies Combo achter harren instruminten krûpt en song Yldau, mei it koar, it swingende Listen to the music. De Roekies namen it dêrnei oer, oanfolle mei Wybo, Ait Jan, Wytske en Jasmin. Pop-, rock- en soulnûmers, it klonk geweldich, wat in talint yn sa'n doarp! Dêrnei wie it tiid foar in lytse ombou op it poadium want de Bigband The Academy, ûnder de firtuoaze lieding fan Evert Bossema, moasten mei harren allen plak hawwe. Mei dy oerweldigjende bigbandmuzyk, harren twa sjongeressen en de ‘backing vocals’ Yldau, Wytske en Jasmin, blaasden se de seal op. It publyk fûn it prachtich, mei dy oansteklike pop, jazz en rock and roll kaam it noch mear yn de stemming! Dat moast ek, want nei it skoft kaam de grutte útsmiter. Mei The Academy en Sjongerij Weidum as eftergrûnkoar kaam in ‘echte Elvis ten tonele’. Toaid yn in orizjineel wyt kostúm mei brede glimmende rym, teach hy ûnder de swingende klanken fan See See Rider, it trepke by it poadium op. Der rûn in hage fan befeiligers efteroan, dy't it útsinnich publyk yn 'e stokken hâlde moast. De iene nei de oare bekende Elvishit dendere de seal yn: It's now or never, In The Ghetto, Blue Suede Shoes. Soms bruts der in fan troch de befeiligershage om in hantekening te freegjen en by it nûmer Teddy Bear fochten de minsken om de bearkes dy't Elvis goaide. De bigband blaasde hege noaten en it koar song mei alle macht de moaiste akkoarden. Mei it nûmer Can' t Help Falling In Love naam Elvis ôfskie, hoewol’t it entûsjaste publyk noch lang net genôch hân hie. Nei in hertstochtlik We Want More kaam Elvis noch even foar it ljocht om You're a great audience te wuiven, mar doe wie it echt ôfrûn. Wat in machtich barren. Lokkich hiene wy goed plak yn it noch net hielendal ferbouwd doarpshûs en koene wy noch lang nei- en byprate mei ús allen.