20 april 2012
In jier as wat lyn trof ik de âld-dekaan fan myn middelbere skoalle yn Ljouwert. We hiene in moai petear oer ‘eartiids’ en ‘no’ en hoe’t der einliks neat feroare wie yn al dy jierren. Allinne dat de jongerein fan eartiids no de âlden binne fan de jongerein fan ‘no’. De âld-dekaan hie in prachtige teory oer de leeftyd wêrop’t bern echt witte wat se wurde wolle as se letter grut binne. Bern fan sân, acht jier âld skine krekt dan it bêste byld te hawwen fan wat se letter wurde wolle. Doe’t ik sân jier wie woe ik muzikant wurde; op in poadium, mei-inoar muzyk meitsje en sels dingen betinke en útfiere. Ik wie sân jier yn 1976 en tusken doe en no is der hiel wat bard. Ik fertsjinje it measte fan myn brea net mei it meitsjen fan muzyk, mar bin noch altyd yn ieren en sinen muzikant. Ik bin op in hier nei berne yn Weidum (myn widze stie foar yn Bears, mar nei in pear moanne ferhuze ik mei widze en al nei It Wiel) en dêr ha ik oant myn 23ste wenne. Ik wenne dêr mei ús heit Remmelt, ús mem Rinske, broer Jan en suske Maaike. Ik bin de middelste en myn namme is Evert Bossema (foar safier’t jimme dat noch net útpluze hiene). Yn 1976 wie de kleuterskoalle yn Weidum en de legere skoalle yn Bears. Yn it buske by Skelte ried ik fan It Wiel nei Weidum en letter sels op de fyts nei Bears. Der wie fansels noch gjin fytspaad, mar der lei in smel en bol klinkerdykje. Ik siet yn in hiele lytse klasse mei Roel Oostra, Rinze Tijsma, Minne Nauta, Auke de Jong, Gerard Hallema, Tiny Krol, Annet Hoitinga, Albert van der Veen en Geert Wierstra. Ik tink mei in soart wille werom oan dy bernetiid. In lytse skoalle foar in pear lytse doarpkes. Eltsenien koe elkoar en neffens my is dat noch sa. Fan die lytse skoalklasse gong hast eltsenien nei de Mavo Nijlân yn Ljouwert. Ek wer in hiele lytse skoalle (alteast foar stedse begrippen; goed trijehûndert learlingen). Yn Weidum en omkriten waard net mear boarte, mar ‘pubere’. Yn ús tiid ‘childen’ wy efter de âlde kleuterskoalle. Fierder koene we keatse, nei it korps en nei de jeugdclub. Ik ha net it idee dat ik wat mist ha. Der wie yn en om it doarp altyd fan alles te belibjen. Foaral it jeugdtoaniel wie moai dat om de pear jier organisearre waard. Myn earste muzyklessen krige ik op oargel. Letter ha ik by it korps trompet spile. Ik kom út in muzikale famylje. Der hat in tiid west dat ús heit efter it drumstel siet, Maaike bugel en Jan en ik trompet spilen yn it korps. Der wie altyd muzyk by ús thús. It drumstel stie neist it oargel. Jan drumt ek en om’t hy krekt wat mear ‘rock and roll’ wie as ús heit én wy graach (altyd) krekt foar iten noch efkes wat rhythm and blues spylje woene, hat heit faak (nei tolve kear warskôgjen) de stoppen derút draaid. Myn earste popkonsert dat ik ea meimakke ha wie fansels dat fan FUC yn It Doarphûs. Myn earste echte popbandsje wie mei Jan Heida en Remko van der Haring en myn earste (pop)optreden wie op it Kalmafeest yn Jellum. Myn earste echte bybaan (ober) wie by Hennie Wielinga fan de Vijf Sinnen. Ik foel mei de noas yn de bûter, want neist lekker iten en drinken (sûnt dy tiid in grutte hobby), wie dêr ek foaral in soad muzyk. Henny Wielinga hat jierrenlang de Fryske Elvis Presley west. In protte jûnen haw ik neist ‘oberjen’ efter de piano trochbrocht, mei broer Jan (kok) efter it drumstel en Hennie mei gitaar efter de mikrofoan. Myn sus Maaike stie oan de ôfwask, want der moast altyd ien it echte serieuze wurk dwaan. Yn dy tiid ha ik in pear jier op it konservatoarium sitten. Prachtige oplieding, mar ik seach it net sitten om dy ôf te meitsjen. Der wie yn dy tiid hast gjin wurk foar muzikanten en doe ha ik besletten om der in serieuze hobby fan te meitsjen. Yn deselde tiid spile ik trompet by De Sterrekiekers fan Frjentsjer (ûntstien yn de Alvestêdetocht fan 1985). Yn hast alle sealen en kroegen fan Fryslân, in part fan Drinte, Grins en Noard-Hollân hawwe we spile. En fansels yn Thialf mei EK’s en WK’s reedriden. We hawwe sels yn Thailân spile. Neist De Sterrekiekers, spile ik yn in Rythm and Bluesorkest om Hennie Wielinga hinne en by twa korpsen. Sa wiene alle jûnen fan de wike fol! Prachtige tiid. Yn 1991 hawwe we yn Weidum foar de merke in kabaret makke mei eigen teksten en muzyk. Mei Jant de Vries, Geert en Carole Wierstra en Auke de Jong bespilen en besongen wy it libben yn Weidum. By de musical hiene we stipe fan in pear blazers fan De Sterrekiekers. Fan dat momint ôf bin ik begûn om mear eigen muzyk en teksten te skriuwen. Nei myn konservatoarium-aventoer ha ik de learare-oplieding Skiednis/Ierdrykskunde dien. Yn 1995 bin ik ôfstudearre en moast ik fuortendaliks yn militêre tsjinst. Ik waard trompettist yn it Fanfarekorps der Limburgse Jagers yn Seedorf (Dútslân). Der preau ik foar it earst oan de jazz en de lichte muzyk. We hiene al gau ús eigen jazzkombo dêr’t we sawol binnen as bûten de kazerne optredens mei diene. Nei myn tsjinsttiid ha ik hast tsien jier as solotrompettist spile by de Basis Bigband yn Snits. Yn dy band ha ik ûnder oaren optredens dien mei Jan Akkerman, Francien van Tuinen, Madeline Bell, Thijs van Leer en Toots Thielemans. Prachtige ûnderfining om mei sokke goede muzikanten te spyljen. Myn, oant no ta, lêste wapenfeit yn Weidum wie de jeugdmusical Fierder yn 1997. Trije kear in útferkocht Doarpshûs en in útfiering yn De Harmonie yn Ljouwert foar middelbere skoallen. Tegearre mei in tsjinstkameraad ha ik de muzyk en in part fan de lietteksten skreaun. De teksten foar it spyljen wiene yn hannen fan Tjerk Kooistra en Kees Tholen, mei prachtige haadrollen foar ûnder oaren Nynke Laverman. Is der oars neat dan muzyk? Jawis! Fansels! Yn myn studintetiid trof ik myn hjoeddeistige frou Sigrid. Sûnt dy tiid binne wy byelkoar en yntusken ha wy twa prachtige bern: Mees Remmelt fan hast sân en Bente Marijke fan fjouwer. We wenje (nei Ljouwert en Dronyp) sûnt 2008 yn Wergea (jim sjogge wol; nea fier út ’e buert west). Sigrid stiet foar de klasse yn Frjentsjer. Se jout ierdrykskunde oan de boppebou fan CSG Anna Maria van Schurman. Sels wurkje ik bij Yacht, ûnderdiel fan Randstad. Wy hawwe ûngefear trijetûzen HBO-WO’ers yn tsjinst dy’t op detasjearringsbasis projekten dogge by klanten (bygelyks ICT-projektmanagers, engineers, HR-managers en juristen). Ik bin foaral dwaande mei ynnovaasje yn ús bedriuw. Hoe riede wy ús as merklieder it bêste ta op de takomst en hokke tsjinsten en produkten hearre dêr by. Dat binne bygelyks fragen dêr’t ik mei in team antwurden op besykje te finen. Wat is der fierder bard mei dy muzikant fan sân? Yn 2007 bin ik frege oft ik dirigint wurde woe fan in bigband. Ik foel hjir en dêr wol ris yn as solo-trompettist, pianist of dirigint, mar no krige ik de kâns om sels oan it roer te stean. Net tafallich (sa as sa faak en safolle yn it libben) wie it in bigband fan âld-leden fan De Sterrekiekers út Frjentsjer. Goede muzikanten fansels en se kinne wol in feestje bouwe. It is in club fan 23 fanatike muzikanten mei twa sjongeressen, in pear semy-beropsmuzikanten en konservatoariumstudinten. Sûnt in pear jier is de namme net mear Bigband mar The Academy Pop & Jazz Orchestra om’t we folle mear spylje as allinne bigband repertoire. Neist Alicia Keys, Ray Charles, Stevie Wonder ensfh. spylje we ek eigen nûmers, wêrûnder in Frysk hip-hop stik. Om it jier hiere we De Koornbeurs yn Frenstjer ôf om dêr in konsert te jaan. Yn it ôfrune jier wie it dêr mei 450 besikers útferkocht. We hâlde wol fan muzikale aventoeren (moai breed wrâldrepetoire) mar we hâlde net fan hokjes en beheiningen. Alle jierren is der yn Frjentsjer in Rock and Roll Festival. Yn 2011 hawwe we in Fats Domino tribute spile. In oere lang ‘gouwe ouwe’ en swingende rhythm and blues. Nei de simmer fan 2011 sieten we byelkoar om te praten oer it festival van 2012. Rock and roll en grutte orkesten is net echt in foar de hân lizzende kombinaasje, meastal binne twa gitaren, in bass, drums en in bult fet yn it hier genôch. Mar de echte King of Rock and Roll is fansels Elvis Presley en yn syn lêste jierren song dy allinne mar by grutte orkesten én mei in grut koar (de Las Vegas perioade). We hiene al gau in goede Elvis imitator út Brabân (sjoch www.keesversluys.com). Mar wat makket de sirkel no echt rûn? Dat is fansels neist in Elvis en in grut orkest, in poerbêst koar. En dan komme jo fansels hiel gau út by De Sjongerij fan Weidum. Al in pear moannen binne we oan it repetearen foar in grut spektakel op 12 maaie yn Frjentsjer (njoggen oere jûns). Jimme binne fansels fan herte wolkom!!!