Postcoderoos projekt

25 novimber 2019

Wizige op 26-11-2019, 11:03:49

Postcoderoos projekt

In doarpswynmole of sinnepanelenpark?
It is op dit stuit net mooglik om in doarpsmole op te rjochtsjen en dêr binne wy ek net foar. It taastet it moaie iepen lânskip oan. Mar doarpsenerzjy Weidum fynt dat wy net foar de ferantwurdlikheid wei rinne kinne. Ynkoarten en as der genôch dielnimmers meidogge, wolle wy in “postcoderoos” projekt starte. Dat jout foar alle Weidumers de kâns om diel te nimmen mei in tal panielen, dat oerienkomt mei jins eigen stroomferbrûk. Jarig Boersma hat in dak fan ien fan syn pikestâllen beskiber stelt om dêr 220 sinnepanelen op te lizzen.  Der binne wy him tige tankber foar!

Foaral foar minsken, dy’t gjin geskikt dak ha of dy’t it gewoan net moai fine, kin dit in kâns wurde om it stroomferbrûk te ferduorsamjen. Wy bin no dwaande mei it oanfreegjen fan de subsydzjes en fergunningen, en wy hoopje yn desimber mei mear ynformaasje te kommen. Nei de jierwikseling bringe wy in flyer by de doarren lâns. Yn de tredde wike fan jannewaris organisearje wy in ynformaasjejûn yn it doarpshûs.
 

Wolle jo mear witte?
Nim dan kontakt op mei ien fan de bestjoersleden (Gertjan van der Meer, Geert de Groot, Steven Duursma) of stjoer in mail nei doarpsenerzjyweidum@gmail.com