Berne Iepenloftspul 2012

2 july 2012

Berne Iepenloftspul 2012

Dit jier spylje der 6 bern fan groep 7 en 8 út Weidum mei yn it BerneIepenloftspul, koartsein BIS, yn Easterwierrum. Dit binne Jantina Punter, Wieke de Boer, Jasmijn Visser, Wineke Brans, Pier Koopmans en Wietske Bijlsma. Dizze 6 Weidumer kanjers spylje mei noch 29 oare Littenseradielster bern dit jier it stik: De stim fan Lûdsjewierrum Wa is de stim fan Lûdsjewierrum? Dat is Hikke! Hikke kin geweldich sjonge en is yn Lûdsjewierrum en omkriten in “Idoal”. Dus Hikke sil sjonge foar de sjuery en de sjuery is kommendewei. Hikke har sân broerkes en suskes, dy 't net sjonge kinne, sille har oanmoedigje, mei hiel Lûdsjewierrum! Mar dan, as Hikke op fersyk fan har fanatyke mem ús alfêst de Hege A hearre litte sil giet it mis. Hikke giet troch har stim hinne....panyk panyk yn Lûdsjewierrum, want de sjuery kin der no elk momint wêze! Der wurde doktoaren by helle om út te finen wat har mankearret. It blykt dat beide stimbannen fan Hikke lek binne. Wat no? Der moat earne in krûd wêze wat de stimbannen fan Hikke wer hiel meitsje kin : it Lûdekrûd. De sân broerkes en suskes fan Hikke sille op syk nei it krûd yn 'e jungle. Mar wêr is de jungle? Tichterby as dat wy tinke...miskien wol yn 'e lûdetún fan Teake Túnman ?......... De premiëre hat west, wat in geweldige jun!! Een oanrieder!!!! Jimme kinne noch nei de tún fan Easterwierrum op: snein 24 juny 14.30 oere Woansdei 27 juny 14.30 oere Freed 29 juny 20.30 oere Sneon 30 juny 20.30 oere Woansdei 4 july 14.30 oere Freed 6 junly 20.30 oere Sjoch foar de kaartferkeap op www.bis2012.nl Graach oant ien fan de foarstellings