D’UM

Berne-Iepenloftspul Easterwierrum

27 juny 2009

Berne-Iepenloftspul Easterwierrum

Berne-Iepenloftspul Spegelspreuk Nei it boek fan Lida Dykstra Frij bewurke troch Hans Brans Lietteksten: Peter Sijbenga, muzyk: Kees van der Meer Hoe ha alle spilers fan basisskoalle It Pertoer de perioade fan repetearjen en spyljen foar it Berne_Iepenloftspul 2009 belibbe? Dat woene Marineke van der Zijpp en Janny Bottema graach witte. Op tiisdei 9 juny sieten se mei de bern te praten yn ’e klasse fan master Oord. It ferhaal fan Spegelspreuk It is 1757. Prins Willem Batavus is 10 jier âld en sil syn heit mei de tiid opfolgje as erfsteedhâlder. Syn mem en omke binne regint foar him oant er folwoeksen is. Om it folk mei de jonge prins yn ’e kunde te bringen wurdt in ‘Prinsjesdag’ foar him organisearre. Dêr begjint it ferhaal fan it Berne-Iepenloftspul 2009. Prins Willem hat der hielendal gjin sin oan om syn ferstoarne heit op te folgjen, om altyd op te sitten en poatsjes te jaan. Hy naait út nei syn beppe Marijke Muoi dy’t yn it Princessehof wennet yn Ljouwert. Mar beppe Marijke is net sa te sprekken oer de aksje fan Willem. Hy mei bliuwe oant er wer ophelle wurdt troch de adjudant fan it hôf en yn dy tiid mei er net nei bûten ta. De dagen dat Willem yn Ljouwert is belibbet er spannende aventoeren. Hy moetet Foekje mei de toverspegel, poartewachters dy’t him ûntfiere wolle foar losjild en de dronken túnarsjitekt Knoop; meast heimsinnige figueren. En as dan ek noch allegear frjemde bisten fan de tegeltsjes yn it paleis stappe dy’t betovere binne troch in spreuk mei de toverspegel fan Foekje, komt er hielendal yn de problemen. Want wat dogge je bygelyks mei in papagaai dy’t je hieltyd nei-apet en in machtich grutte oaljefant dy’t alles ûnder syn grouwe poaten fertrapet? Foardiel is dat der ek in lakei fan in tegeltsje komt en dy wurdt in goede freon fan Willem. Lodelakei helpt de prins by it finen fan oplossings. Al dy aventoeren en de tiid dy’t Willem kriget om nei te tinken oer wat er no graach wol; in gewoane jonge wêze of dochs in prins, meitsje fan de foarstelling Spegelspreuk in pear spannende oerkes. De spilers Dit jier dogge 39 bern fan de basisskoallen yn Littenseradiel mei oan it iepenloftspul. Mar leafst 13 fan dy spilers sitte op It Pertoer yn Weidum. Wat in talinten yn Weidum, Jellum en Bears! De haadrol is foar Jelle de Boer. "Ik wist earst net sa goed wat fan persoan dat wie. Mar troch faak te spyljen mei de tekst en mei help fan de regisseur komst der wol achter", seit Jelle. "Ik fyn it moai om te dwaan, mar it moaiste fyn ik noch it sjongen”. Alle minsken dy’t it stik sjoen ha sille opmurken ha dat Jelle foar it sjongen fan in solo syn hân net omdraait. Beppe Marijke Muoi wurdt spile troch Yke Koopmans. “Moatst dy goed ynlibje”, seit Yke, “want ik bin in âld wiif”. Fermaaklik is dat Yke sa no en dan op in scootmobyl ride moat, mar dan moat er it wol dwaan fansels! Renske Riedhorst spilet Baronnes Aakliksma. Pas doe’t de klean makke wurde soene kaam Renske der achter dat se in man spylje moast. “Dêr hie ik gjin sin oan”, fertelt Renske. Moai dat it dan om toaniel giet, want dy Baron waard samar in Baronesse dy’t op it poadium yn in prachtige kleurige robe omrint. Marije Fokkens hat in dûbelrol. Se is Henrike en Frou Holle. Marije stiet in soad op it poadium. “Ik fûn it stik earst wol wat faach, mar ik snap it no better", seit Marije."Ik kin de rollen bêst útelkoar hâlde, want se binne hiel ferskillend”. Marije Kalma is Freule Agaath. Sy moat yn Ljouwert op prins Willem passe. As de freule de pronkkeamer fan Marijke Muoi oan de prins toant mei allegear prachtich porslein, sjocht Willem hoe knoffelich se is. Ferskate seldsume boarden falle stikken. “Dat is krekt it leuke fan de rol”, fynt Marije. Tom Scheeper hat in drege rol. Túnarsjitekt Knoop is in man mei twa gesichten. Hy is in hiele goede túnman en hy is string foar syn personiel mar hy drinkt fierstente folle. Knoop is geregeld dronken en dan knoffelt er mei de flesse oer it poadium. “En dan moat ik ek noch in solo sjonge”, fertelt Tom. Knap hear! Remmelt Fopma hat in spesjale rol. “Ik bin in soarte fan reserve prins”. Mar Remmelt spilet Keesie de stâlfeint. Prins Willem en Keesie ha ôfpraat dat Keesie op ‘Prinsjesdag’ ynfalle sil foar Willem om sa de prins de kâns te jaan oan alle plichtplegingen te ûntkommen. In komyske rol, want Keesie wit fansels neat fan etikette en hy praat stedsfrysk. Gjin wûnder dat er samar troch de koer falt. Roelien Swart, Welmoed Vellinga, Akke van der Laan en Wimmie de Boer meitsje diel út fan de dûnsgroep. Dat groepke is in plaatsje. De famkes lykje opelkoar mei allegear it hier op deselde wize ynfrissele en hieltyd yn deselde soarte kostúms. "As it kin moatte wy thús al ús hier ynflechtsje, dat skeelt tiid", seit Welmoed. Foar alle dûnsen moat wer in oare outfit oanlutsen wurde. Suver wat stressich en hurd wurkjen foar de famkes. Se rôlje fan de iene sêne yn de oare. De iene kear moatte se klassyk dûnsje en efkes letter steane se te rocken. De klean moatte yn in omsjoch wiksele wurde. Dêr ha se lokkich harren ‘personiel’ foar. De klaaisters lizze alles op ’e tiid klear. It komt ek noch geregeld foar dat se tuskentroch bysmynkt wurde moatte. De dûnsgroep stiet ûnder lieding fan Marit Bamboe. “Marit is wol string hear”, seit Roelie. “En se kin lûd raze”, folje Akke en Welmoed oan. It dûnsjen is ek net sa maklik fine de famkes. “Moatst de paskes hurd oanleare.” No, dan is it fansels wol goed dat Marit in bytsje string is. Uteinlik fine se it allegear prachtich om te dûnsjen. It publyk jout ek gauris in iepen doekje foar dat bysûndere ploechje. "It optreden foar it publyk en it applaus fyn ik it allermoaist", seit Wimmie dan ek. Akke soe earst in toanielrol ha. Mar doe’t Marianne Diallo har rol as papagaai sa grut waard dat se it dûnsjen der net mear by dwaan koe, waard Akke frege oft se ek yn de dûnsploech woe. “En dat woe ik wol”, seit Akke. Rinke Brans spilet Baukje. It bysûndere is dat har heit it stik bewurke hat. "Dêr merk ik fierder neat fan”, seit Rinke. "Ik fyn it leuk om mei te dwaan, it optreden en it spyljen is it leukst". Marcel van Zutphen, dy’t Jonkhear Harinxmakanaal spilet, hat it ek goed nei ’t sin. Hy hat sels al in BIS-freondintsje fûn. "Myn broer Nick woe eartiids nea meidwaan. No hat hy it stik sjoen en wol hy ynienen wol meidwaan, mar no is hy fierstente âld", laket Marcel. Repetearjen Foar dizze foarstellings moast fansels in soad repetearre wurde, mar dat hiene de bern der wol foar oer. Se hiene har net foar neat opjûn en meidien oan de audysjes. “De earste audysje wie in soarte fan proef”, seine de jonge akteurs en aktrises. By de twadde kear kaam it der op oan. By toaniel krigen se de tekst: “Ik zit mij voor het vensterglas, onnoemelijk te vervelen. Ik wou dat ik twee hondjes was, dan kon ik samen spelen”. Dat gedichtsje fan Godfried Bomans is opnaam yn it stik en kin op ferskate wizen útsprutsen wurde mei útienrinnende emoasjes. En dêr kamen hâlding en rinnen ek by te pas. By de muzyk waard net allinne mei de hiele groep songen. De bern moasten ek solo’s hearre litte. Ja, en as je dat net leit… "Ik fûn it stom om allinnich te sjongen", seit Yke. "Nee, just cool!", seit Jelle. Dat jildt ek foar it dûnsjen. Foaral de jonges hiene muoite om it tempo fan juf Marit by te hâlden. Efkes foardwaan en dan hup, yn ien kear goed… Oan it Berne-Iepenloftspul dogge altyd folle mear famkes as jonges mei. De ferhâlding is by de spilers fan It Pertoer goed ôf te lêzen: njoggen famkes en fjouwer jonges. “Mar de jonges telle dûbel”, seit Jelle. Achter de skermen Ferklaaie, smynke, senderwikselje, tuskentroch ûnderfinings útwikselje en opnij konsintrearje, dat bart allegear achter de skermen. De bern hâlde goed yn de gaten wannear’t se wer opkomme moatte. Alles stiet yn it draaiboek, en dat draaiboek kinne de bern út ’e holle! Soms is it ek wol kâld yn de tinte, mar dan helpt in fleecetekken prima om waarm te bliuwen. Fan kjeld hat Yke hielendal gjin lêst. “Ik ha in hiele protte klean oan en ek noch in waarme prúk op. Ik ha it altyd hartstikkene hyt”. It is in wrâld op himsels dêr yn de tinte dy’t foar it publyk ûnsichtber is. It is dêr gesellich mei al dy spilers, klaaisters, smynksters, lûd- en ljochtminsken en regisseurs der by. Marius Delgrosso en Cas Zijlstra (regy), Marit Bamboe (dûns), Kees van der Meer (sang en muzyk) en Anneke Hogeveen (klean) binne hiel wichtich foar de bern al dy moannen fan repetearjen en spyljen. Se bouwe in sterke bân meielkoar op. Mar ien persoan binne de bern allegearre wol hiel wiis mei. “Ynstekster muoike Coby Wempe, dy is superleuk!”, sizze se yn koar. Foto: Kees Westra, Gytsjerk.