Berne-Iepenloftspul

11 augustus 2011

Berne-Iepenloftspul

De kleurige wrâld fan it BIS De wrâld fan it 21e Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum is in hiel o-heden. Hoewol’t de titel fan it stik Swart/Wyt is, springt de foarstelling der út troch de kleuren. Fan it Pertoer dogge der seis famkes oan mei: Wineke Brans, Wytske Bijlsma, Janna Kalma, Jantina Punter, Jasmijn Visser en Annebaukje Haima (oftewol de 2-Beetjes, 3-Jeetjes en 1-Abeetje sa’t se harsels wol neame) Wytske spilet en sjongt mei en de oaren dûnsje de hiele jûn. Fan febrewaris ôf binne se yn’t spier. Earst oefenje yn it doarpshûs en fan maaie ôf, alle woansdeis en sneons op it toaniel yn de Pastorijtún. It is in unike kâns foar bern om harren ûnder profesjonele begelieding te ûntwikkeljen en meielkoar ta te wurkjen nei in grutte show. It ferhaal giet oer it famke Sytske, dat mei har mem en pake yn in doarpke wennet. Se tinkt dat se dom is, hellet minne sifers op skoalle en wurdt pesten troch de oare bern. Mar dan komt se der achter dat se goed yn skaken is, makket nije freonen en fynt úteinlik út wa’t har heit is. It ferhaal giet ek oer in tv-reportersploech dy’t ferslach docht fan it grutte skaaktoernooi. Se hoopje op grut nijs, mar rinne op ’t lêst tóch de primeur mis. En it giet oer in kening en keninginne, oer oarloch en de regels fan it spul. Mar wêr’t it by de foarstelling it meast om draait binne de prachtige lieten en dûnsen dy’t wy as publyk foar de noas krije. It iene nei it oare spektakulêre Mondriaan-eftige kostuum komt út de kûlisen huppeljen. De klean feroarje hieltyd neffens de ûntwikkelings yn it stik. No hie ik ek ekstra each foar dy kostúms, want ik wist wat it meitsjen dêrfan teweech brocht. BIS hat nammentlik de goede gewoante om alle âlders fan spilers yn te setten by ferkate omballingen. Se wurkje yn de catering, timmerje en fervje it dekôr út Jaap Groen syn kreative brein en naaie braaf de haute couture fan trochwintere Anneke Hogeveen. Hoewol, braaf? By guon memmen bruts lichte panyk út, doe’t de foarknipte lapen stof by harren ôflevere waarden. Stoffige naaimasjines waarden efter it lûk weitovere, (skoan)memmen belle en buorfroulju oanklampt. Monique, mem fan Jasmijn, hie thús naaisesjes om de boel op gong te helpen en hie nuttige tips as “dan trek je de stof wat aan bij de kraag” of “ dan naai je een papiertje mee wat je er later weer afscheurt”(?). Wat sille de memmen grutsk wêze, want it seach der superprofesjoniel út op it toaniel. Wytske docht mei as spiler en sjonger yn it stik, mei sa’n echt mikrofoantsje op de holle. Se is lûdsfrou by de tv-ploech en springt it toaniel op efter de reporter oan. Op de jûn dat wy der wiene krige se in trochbrutsen stok yn it each. Mar in sêne letter stie se der alwer by te sjongen, wat tsjûget fan geweldich trochsetten. “Ik fyn it sjongen en de moaie kostúms it moaist” seit se, “en it applaus. Ik bin bliid mei it geweldige resultaat”. Se docht takom jier seker wer audysje! En wat diene de dûnsers it ek hartstikke goed. Wat in ferskaat oan paskes en bewegings, sierlik of rolleboljend oer de grûn, allegearre keurich op maat en faak ek noch sjongendewei. Om it hurdsje moasten se ek ferklaaie yn in nije ferskining. Se fûnen it allegearre fantastysk om mei te dwaan. In pear seine der wat mear oer. “De repetysjes wiene hiel gesellich”, seit Jantina, “en ik ha in protte leard. It wie spannend om op te treden mar ek hiel leuk”. “Alles gewoon stapje voor stapje leren en heel vaak oefenen”, seit Wineke. En by Janna gie it út de holle learen eigenlik fansels. “It moaiste oan it optreden fûn ik as der in hiele soad minsken wiene, dat wie superleuk!” Jasmijn dûnset al folle mear foar har hobby, mar om op te treden foar al dy blide en entûsjaste minsken joech har echt in kick. “Daar doe ik it voor. Volgens mijn ouders sta ik alleen maar te stralen”, seit se, en dat wie ek sa. Mar se ha foaral de grutste lol mei elkoar, ûnder de repetysjes, efter de kûlisen. Der ûnsteane in protte nije freonskippen yn sa’n bysûndere tiid fansels. “Lokkich kom ik se mei Spulwike wer tsjin en op Hyves”, seit Jantina en Jasmijn tinkt dat se se o sa misse sil. Se wolle graach oar jier wer meidwaan, mar net elkenien dy’t audysje docht is nedich fansels. Jasmijn hat noch wol in tip: “Blijf bij de auditie jezelf en doe je best”. Dit jier is Lucy Brouwer út Weidum de nije foarsitter fan it BIS-barren. Hoe wie it foar har? “It BIS wie net alhiel ûnbekend foar my, ik ha earder sponsorwurk dien en ús Jan hat in kear meidien, oan Sjakie en de sjokaladefabryk, mar it is wol in lyts bedriuw dêr’st ynstapst. Je binne der in hiel jier mei dwaande: gearkomsten mei soms wol 30 man, de ferskate kommisjes dy’t oanstjoerd wurde moatte, de heiten en memmen, fûnsen, stipers, alle meiwurkers. En alles yn in strak skema. Dat fielt wol as in hiele ferantwurdlikheid. Ek frege ik my ôf oft ik noch affiniteit hie mei dizze groep bern, mar it is allegearre posityf útpakt want ik stean no alle jûnen it publyk wolkom te hjitten en fyn foaral dizze foarstellingswiken hielendal TOP! Fansels kamen der earst in protte nije saken op my ôf, oerweldigjend, in hiel protte leuke dingen en soms ek wol wat stroevere saken, dêr’t wy altyd wol wer út kamen. Ik moast de organisaasje ek eefkes trochkrije, mar hoe langer ast meidraaist, hoe makliker as it giet.” Is der ek ferskil mei dyn foarsitterskap fan Oefening en Vermaak yn Weidum? “Der binne wy altyd drok oan ’e slach mei in protte meiwurkers, mar it is wat lytsskaliger. It hiele jier binne wy wol dwaande, aanst wer in foarstelling yn desimber, mar dat is mear mei eigen doarpsgenoaten dy’t ek altyd wer foar ús klear steane.” Plannen mei BIS? “It BIS hat in lêskommisje dy’t stikken lêst of films sjocht, al dan net oanlevere troch it bestjoer. Dy makket in kar en giet nei oft it geskikt is foar bern. Sa binne wy no al wer oan ’e slach mei it stik foar takom jier, want by it freegjen foar in oersetter en regisseur moast der betiid by wêze. Mar earst noch de Swart/Wyt foarstellings fansels. Mei it hiele tiim en bern dêr te wêzen, de tariedings en dan op nei de foarstelllings sels... dat is sa geweldich...dan bin ik echt in grutske foarsitter!” Sa’t je sjogge is it BIS in wrâld apart. Mei de aktive Webside, de BIS tv-filmkes en de moaie foarmjouwing is de BIS-perioade in avontoer dêr’t in protte minsken wille oan belibje. En fansels ha wy de cd ek kocht en galmet dy wit hoe lûd troch it hûs; noch lûder meisongen. Sa kinne wy noch lang neigenietsje. Wy ha nammentlik ek ien thúsrinnen dy’t der fan dreamt oait oan it BIS mei te dwaan. Wy sille it ôfwachtsje. Wa wit stap ik ek oer twa jier as follearde naai-mem om yn de wrâld fan it BIS! Marineke vd Zijpp