D’UM

Dat heucht my noch goed. Tochten ride!

29 desimber 2019

Wizige op 30-12-2019, 09:57:00

Dat heucht my noch goed. Tochten ride!

In stabyl winterke mei in feilige iisflier op ´e feart, sûne wangen, trije deidielen fermaak en in ferskaat oan tochten mei medaljes. Wat in wille! En dan haw ik it net oer dy grutte jonge mei syn stêden, mar oer útsetten rûtes yn de buert, achter de tún fan de buorlju lâns, ûnder bekende brechjes troch: de Grutte- en Lytse Baarderadieltocht, de 8 fan Jorwert en de Swettetocht. Leechdrompelich foar de grutste skythakken ûnder ús en in moaie útdaging foar de bettere riders, al as net mei it eigen kroast yn ’t sok.

De organisaasje fan dy tochten (û.o. it baanfeien en markearjen) lei yn hannen fan de IJswegencentrale Baarderadeel (sûnt 2018 by de gemeenten, mar dy organisaasje is noch net oeral like helder) en de ôfstannen fariearje fan 30 oant 70 km. It binne fêstleine rûtes, mar de start is alle kearen yn in oar doarpke, útsein de 8 fan Jorwert. Troch de jierren hinne (fan 1942 ôf) ha mear as 50.000 minsken dizze tochten riden. Yn 1954 kamen der yn Weidum safolle minsken op ôf, dat guon in buskaart of in apotekersresept as stimpelkaartsje brûkten.                           

Henk de Boer: "We krigen op de winterfergadering te hearren dat ús doarp oan bar wie om eventueel te starten. Dat moast wol goed regele wurde fansels. We hiene it stimpeljen en de Koek en zopie by it haventsje fan Bears. Der kamen altyd in soad Hollanners op ôf, want je rieden fan tsjerketoer nei tsjerketoer. Koest it doel út de fierte wei sjen, dat fûnen se prachtich."
Ferry de Boer: "We moasten dan it stikje Bearsterfeart oant de Swette prikke foar de dikte, it iis wat skjin hâlde en tûken by wekken lizze. Ik wie sels trouwens faak ûnderweis nei koartebaanwedstriden; dêr, wêr't de prizen it heechst wiene, haha! Theo Westendorp hie it kreamke altyd moai oan ’e gong, dy Hollanners giene noait wer nei hûs ta!"

Yn 1962 wie de start fan de Grutte Baarderadieltocht yn Weidum en ried Sjoerd Swierstra as 13- jierrige mei as jongste dielnimmer. Sjoerd: "We komme út in famylje fan puere reedriders, rieden in protte wedstriden, mar sokke tochtsjes pikten je wol mei, sûnder mis! Us heit sei altyd: ‘noait oanstekke, trochride en ast wol sitst dan de fuotten omheech’. Dat ik ried moai foar mysels, avensearje, fan kjeld wie ik net bang." Thea Swierstra: "In krante foar it boarst en we hiene seemlear op de knibbels naaid. En ek yn de broek!" Sjoerd: "Ja, want ús heit hie in kear de wetterlieding beferzen hân en wy wiene noch mar krekt troud..." Thea: "Der moast noch al wat gebeure, haha!" Letter ried Sjoerd wol mei de bern. "Se mienden dan dat se my út ’e wyn hâlde moasten, mar ik die likegoed mei it kopwurk mei, dat foel harren neat ôf!" Thea wie sels net in hiel grutte rider, mar hie der wol in protte nocht oan.
"Ien kear hie ik de 8 fan Jorwert dien mei myn skoansuster Pytsje en doe't wy hjir jûns by beppe Wytske sieten, stie der ynienen yn it tsjuster in jonkje op ’e stoepe. Alhiel ferklomme en de houtsjes noch oan de fuotten. Hy hie mei syn mem, heit en suske ek it tochtsje riden en wie hielendal ferdwaald rekke. En o sa ferlegen, dat wy kamen der net achter hoe't hy hjitte. Uteinlik kaam syn mem, hoe en wat wit ik net mear, yn dea-eangst oan de doar. En wa wie it? Patrick Kramer! Goh, wat wie dy mem bliid!"

Chris Wiersma: "Yn 1986 ha wy it âlde bestjoer fan de iisclub oernommen. Wy hiene yn Weidum de earste froulike foarsitster, Feikje Toering, en ik waard de man fan de Koek en zopie. Der wie krekt in goeie winter dat wy koene ús goed sjen litte. Wy hiene ljochtpeallen, betochten wedstriden en Klaes, Folkert en ik gongen achter op de feart dingen úttesten, lykas iissilen. As der in tocht wie, gongen we nei de Swette ta, op it iis, foarby it Weidumerhout. Fierderop siet ús konkurrint Jochum Rijpma, dy't dêr ek in stimpelpost hie. Earst ferkochten wy fanút in lyts tintsje, mar letter lienden we de grutte keatstinte mei in protte keatsbanken deryn. Soms stie der wetter op it iis en moasten we mei tinte en al in stikje ferhúzje. It wie der altyd smoardrok. Ik hie as taak de lieding, mar hie in hiele list mei frijwilligers. Monique Gijzen: "Ik stond dan ook wel in dat tentje en dan kwamen Luit Jan en Gisi Lukkes met de kinderwagen, of ik even op hun baby kon passen, gingen zij lekker schaatsen!" Neist dizze service wie der sûkelarjemolke, koeke, snoep, snert en de befaamde waarme woarst, dat op in troch Germ de Vries omboud steltsje stie. Sa bleau dy moai waarm. "Gewèldich, wat in prachtploech, wàt in wille", glunderet Chris noch nei." En Susan Wijbenga makke disco-poeiermolke foar ús. Dêr die se in lyts skeutsje Bearenburch yn." Dat dat wol faker barde yn dy tintsjes, die bliken doe't Arnold Hoekstra mei in ploechje nei it oanstekken ris nei hûs ta reedride soene. Se krigen it net mear foar elkoar en gongen doe mar rinnende oer it iis. Yn 2012 wie de lêste Baarderadieltocht en ek de 8 fan Jorwert. Nico Noorman: "It waar smoardruk, we hè mear as 1000 Euro omsetten in een paar dagen. We stonden met dat Roekrockhokje op de Swette foarbij de brug. En veel meensen! Bearegesellich!"

Dat is no krekt ek it allemoaiste fan dy tochten; minsken op 'e lappen, allegearre in goed sin, lekker bûten en it gefoel dat je meielkoar wat unyks belibje. Opbealgje tsjin de wyn yn op lange einen, hearlik swiere op stikjes yn de lijte fan reitpôlen, yn doarpkes gesellich oanstekke, leuke gesprekken mei bekenden of ûnbekenden en jûns tefreden op de bank.

De winters fan de jierren 0 en 10 binne wat karich mei iisflierren. Lit ús hoopje dat der yn de twentys folop kâns komt om ús medaljekolleksje út te wreidzjen.

Marineke van der Zijpp