5 jannewaris 2019
Wizige op 26-11-2019, 15:38:32
Troch Marineke van der Zijpp
De winter fan 1979, krekt 40 jier lyn... Elkenien dy't âlder as sa'n 44 jier is mòat der wol herinneringen oan hawwe! Ferbjusterjend wie it, nuodlik, mar ek spannend en gesellich! It hie begjin jannewaris ek al flink snijd, mar op 13 febrewaris begûn it de jûns te izeljen, yslik te waaien en kaam der in alderûnmeugendste sniestoarm sa't we noch nea meimakke hiene!
De stosnie waaide oer de izelgrûn op bulten, oant de dakken ta. It ferkear lei plat en hiele doarpen waarden ôfsnien fan de wrâld. Doe't in elk de moarns fan de 14e wekker waard wie de hiele omjouwing oars. Metershege bulten snie tsjin de ruten, it buordsje 'Hegedyk' kaam der noch krekt boppe-út. Us doarpen wiene kompleet ynsnijd.
Moarns ierenbetiid yn it tsjuster wie Nico Oostra oan it wurk om trije meter snie foar syn hoksdoar wei te skeppen. Hy hie krekt in nije sterke trekker, mei in kacheltsje en woe dochs besykje om by syn wurk yn Wergea te kommen. Boppedat wie hy krekt heit wurden en lei Alie mei dochterke Ant yn it Diakonessesikehûs. Oeren hie er wurk om troch de snie te batsen, nergens koe er skrep krije, al koe er wol wat mei de remmen stjoere. By Swichum kaam hy in oare trekker (Dieuwke de Haan har heit) tsjin, dy't ek op wei wie nei it sikehûs. Se besletten om tegearre in paad te meitsjen. Earst sjen oft der net in antennesprytsje fan in auto boppe de snie útkaam en dan lukraak deryn batse. As de iene fêst siet, luts de oare him derút.
"Jullie krijgen vandaag geen bezoek", hie de ferpleging sein, mar dêr wie Nico dòchs, in wûnder, de held fan de ôfdieling! En ek ferrekte handich, want útbehannele pasjinten naam Nico mei yn syn trekker en sette er op de trein nei hûs ta.
Mar foar gewoane auto's wie der gjin paad en je koene net nei it wurk, al miende Johannes de Vries dat al, mar hy strâne al op it Sânpaad! Letter hie hy as earste sniekettingen en naam hy moarns in protte minsken mei nei Ljouwert ta nei it wurk.
Ek Sjouke de Groot syn heit Sytse fûn thúsbliuwen fan skoalle gjin opsje: "Om de bliksem net! We bliuwe net thús om in bytsje snie!" Mar Sjouke hat Ljouwert noait helle, it buordsje Weidum net iens!
Frou Span: "Bernard koe net by de streek lâns dy dei, mar se koene yn Drinte mar net begripe wêrom't hy net kaam! Wy hiene de snie meters heech tsjin it hûs oan. Ik sjoch noch Singelsma en de frou op hannen en fuotten oer in bult krûpen om by hûs wei te kommen."
Guon wiene foarútsjend. Klaas Ploegh hie de waarsfoarsizzing heard en hie, slimpy, syn ‘Lelijke Eend’ al bûten Bears, op in heech stikje lân parkeard en de akku mei nei hûs ta naam. It doarp lei fol snie en by de brechjebuorren wie it sa heech opwaaid dat je hast oer de huzen hinne sjen koene. Dêr hiene se letter trepkes yn de snie makke om der lâns te kinnen. Doe 't Klaas syn moterkap iependie, seach hy krekt nòch sa’n moterkap: fan snie. Dat fuortskept hawwende rûn it ‘eintsje’ fuort en sa koe hy dwers oer it lân, yn ien streek nei Ljouwert ta ride. "Sa'n auto weaget mar 600 kg. en de sleatten leine fol snie mei in laachje iis derop. Doe't ik by it wurk kaam, wie ik de iennige, alle kollega's út Ljouwert wiene thúsbleaun!"
De skoallen wiene ticht, Andrys koe net mei syn ridende winkel op en paad, timmerlju en feeriders bleaune thús en ek it post besoargjen gie min. Harm Hallema wie noch al ûnderweis, mar om’t it sa glûpende kâld wie, befrear syn tomme. "Dêr haw ik noch altyd lêst fan, as it mar in bytsje winter is, dan is myn tomme yn ’e war. In dei letter mochten we net mear postrinne."
Mar fansels gie der rûnom in soad noed út nei de boeren; hoe krije se de molke by it fabryk? Tjebbe de Vries: "De hiele eastkant fan ús lisboksstâl lei fol snie, we moasten it de hiele dei fuortskeppe yn kroaden. Op ús reed lei fjouwer meter snie by de beamkes. It wie in ferskrikking! Om ús pleats wie it ien grutte wite flakte, ûnfoarstelber. Rinnende nei Weidum ferdwaaldest gewoan, hiest gjin sicht en neat om dy op te oriëntearjen. Kaamst gewoan ergens oars út yn it doarp as tocht, hopeleas!"
Al gau ferienigen de boeren har om mei trekkers, ark en mânkrêft alle boerehiemen begeanber te meitsjen. It tafal woe dat de molkrider in karre mei molkbussen stean litten hie yn Weidum. Sa koe de molke út de tanken oerjitten wurde en mei in rige trekkers nei de Kondens yn Ljouwert brocht wurde. Sadwaande is nergens molke weiwurden! Alle dagen sammelen frijwilligers harren by Van der Vegt oan it Sânpaad en skonk It Nut kofje by Baukje Hallema yn it hok. En jûns kamen de boeren en frijwilligers byelkoar yn it doarpshûs om de planning foar de oare deis te besprekken. "Ien grut feest", neffens Tjebbe. Letter kamen der fan de fleanbasis grutte auto's om paad te meitsjen. Harm Hallema: "Dy joegen nergens om. Se skeurden mei gong troch de snie mei dy dingen en dat spatte by ús wer tsjin de ruten op! Koene we wer op ’e nij oan it feien!"
By Piet de Boer út Jellum foel it mei de snie ta.
"It wie eastewyn en wy sieten aardich yn de smoute fan de tsjerke. Boppedat molken wy winters net safolle kij, wy koene it wol wat langer yn de tank hâlde. Mar de reed nei Douwe de Boer lei wol fol, dêr hawwe se it mei kranen fuortskeppe moatten!" In protte boeren sieten frij ticht oan de dyk, dat gie allegear wol goed.
Mar snie yn de isolaasjelaach fan it dak yn de hinnestâl fan Jan Boersma makke it sa swier nei it teien, dat in hiel stik dak ynsakke. Lokkich ha se dat op ’e tiid wer meitsje kind.
Der wie oeral gesellige konsternaasje yn de doarpen. Elkenien wie thús oan it skeppen en skowen. Se koene net oer de strjitten, mar makken sniesteechjes of se namen it hûnepaadsje.
Evert Heeg moast nei in begraffenis en doe ha se mei syn allen yn Bears syn paad frij romme. Minsken rûnen op ski's, bern boarten oeral yn de snie om. Dat gie net altyd goed trouwens. Ien fan de jonkjes fan Tamminga foel yn in grutte bult op it Havenspaad.
Willem: "Ynienen wie hy ploep, foetsy! In grut wûnder dat Betty Punter him lûd razen hearde; dy hat him hastich mei de hannen út de snie avensearre en doe is er as in hazze nei hûs ta draafd, gelokkich!" Ek wie der gesellichheid yn ’e hûs, mei Radio Fryslân dy't de hiele dei útstjoerde mei ferslaggen oer alle snietastannen yn de provinsje. Der wie sels immen dy 't sei dat se noch noait sa faak de leafde bedreaun hiene as yn dy wike, mar ik sis fansels net wa't dat wie.
De Weidumer winkel fan Richard rekke rillegau leech, mar Nico naam in protte bôlen mei út de stêd yn syn trekker en Klaas helle se op mei Hein van de Lageweg út Boksum op de slide. Fanút de winkel kaam de regel: ien bôle per gesin. "Op 't lêst ieten we allegear pankoeken", fertelde Feikje Tamminga laitsjend, it wie wol gesellich, hear."
Yn Nij Dekama makken se mânske pannen brij, fan de boeren harren molke. "Mei fan dy dikke fellen derop", grizele Loeske noch nei.
Sy siet fêst yn it susterhûs en koe pas nei in pear dagen mei in trekker nei hûs ta. Dat barde in soad. Itenswaar, geboartekaartsjes en ek minsken waarden mei in trekker helle en brocht. It binne lukraak optekene ferhalen, want in elk dy't ik frege kaam wer mei eigen unike byldzjende oanfollings. De oantinkens binne einleas!
It duorre wol in wike foar’t alles wer wat op gong kaam en it iis hat wol oant maaie yn de sleatten lein. De boeren fan Weidum hawwe in skoftke letter noch in grut feest jûn foar alle frijwilligers yn it doarpshûs. En dat moat ek ôfgryslik gesellich west hawwe, miskien wol krekt sa memorabel as de hiele winter sels!