De Tredde Helte!

20 febrewaris 2009

De Tredde Helte!

fjouwer opslûpene jonges dy't der alles oan dienen om kampioen te wurden moetsje inoar nei 30 jier op de reuny fan de fuotbalklub de helden dy't se wurde wollen hiene, de jonges dy't se wienen de mannen dy't se binne stride op 'e nij mar diz' kear tsjin inoar. it wurdt in net sportive striid werby it fysike oerwicht net opwaget tsjin de posysje yn it maatskiplike fjild dit jout in protte blessueres en in spannende ferrassende finale Snein 8 maart yn it doarpshûs fan Weidum. Oanfang 15:30 Entree leden: Fergees Entree net leden: € 10,= It is gjin bernestik mar jo kinne de bern fan 5 o/m 12 jier meinnimme, we hawwe oppasfroulju dy't mei de bern in film sjogge yn it jeugdhonk!! Mear ynformaasje oer it stik kinne jo lêze op www.breinroer.nl