D’UM

Doarpsferset en mear yn oarlochstiid

6 april 2020

Wizige op 25-05-2020, 09:36:20

Doarpsferset en mear yn oarlochstiid

As pakje fan de earrebarre kaam Amsterdamske Jaap Cohen oan op de pleats fan Sikke en Pytsje Kalma. Syn earste wurdzjes wiene miskien heit en mem. Amsterdam moast yn 1943 Judenfrei wurde hiene Hitler en syn kompanen betocht en sa sieten 80.000 minsken dy’t net ûnderdûke koene of woene op deportaasje nei de gaskeamers te wachtsjen. Jonge medyske studintes hawwe harren ynsetten om sa folle mooglik bern te rêden en dy as harren eigen bern, sa nedich ferskûle ûnder de rokken, û.o. mei de Lemsterboat yn Fryslân ôf te setten. Om se dêrnei sels te ferdielen of dit troch koeriersters dwaan te litten oer hiel Fryslân.

Neffens Sytse van der Vegt, letter skoalkammeraat fan Jaap, waard it  jonkje yn 1943 persoanlik troch syn nije heit út Lemmer wei fytst. Mar Rinse Rodenhuis, grutfeint of earste arbeider en doe 20 jier âld, miende der wis fan te wêzen dat hy in jonge studinte yn 1942 mei it pakje it hiem opriden sjoen hie. De ferzje fan Rinse liket wat mear foar de hân te lizzen. As fitale 97-jierrige mei in noch ferrassend goed ûnthâld, witte jo wol it ferskil tusken in studinte en de boer sels, liket my. Yn it jier kinne jo je earder fersinne. Likegoed hat Sytse ek gelyk fan om’t hy it fan Jaap heard hat fansels.
Om’t Rinse swart hier hie waard hy, foar Dútsers en oar gespuis oer, heit makke fan it Joadske jonkje, sûnder de nedige tsjinprestaasje...

De reade pleats by It Wiel, dêr’t no de famylje Aalberts tahâldt, wie in trochgongshûs fan ûnderdûkers. Rinse en syn broer Kees, potinsjele wurkkrêften foar de Dútsers en dus sels ek ûnderdûker, wiene neist it deistige boerewurk nachts as beglieder fan ûnderdûkers aktyf. Dwers troch de greiden of oer it wetter mei de kano hellen sy de skûlplaksykjende lju fan Boksumerdaam. De oare nacht gongen dy lju dan wer fierder nei it definitive adres. Oerdei wie Rinse gewoan sûnder lijen wer oan it wurk op ’e pleats. Zijlstra, in ûnderdûkende plysjeman út Ljouwert, is wat langer bleaun mar dy hat Rinse wol in kear kjel makke troch yn de waarme ûngetiid syn kolbert mei revolver út te dwaan. As Piter, ien fan de beide âldere arbeiders, dy fûn hie, hie hiel Weidum yn ‘no time’ op de hichte west… Ek in Zijlstra, rintenier út Weidum, wie de opdrachtjouwer foar de nachtlike putsjes en soarge ek foar de nedige ekstra bonkaarten om sa de ûnderdûkers fan iten te foarsjen. Rinse wie ek noch yllegaal keallebolleslachter en ferseach dêrmei yn in doarpsferlet. Ien kear kamen der belangstellende Dútsers oan de foardoar. En allinnich troch kordaat optreden fan Pytsje, dy’t yn it Dúts harren it leksum opsei, koe Rinse op ’e tiid fuortkomme...
In oare kear koene se de moffen útgnize doe’t sy in pear delsketten einen fan it ûnderstreamde lân helje soene. Troch de ûnsichtbere greppels flikkeren se langút yn it wetter. Benaud foar in razzia, hawwe de beide broers twa nachten yn it hea fan Jochum Rypma oan de Swette sliept.

Ut Swol wei wiene op 28 sept ’44 sân fytsende fersetsminsken op de Hegedyk by Boksum mei gefaarlik ark yn de tassen, ûnderweis nei Ljouwert. Krekt doe’t se de keale Boksumerdyk opride soene krigen se in Dútse patrûlje fan de Deinumer kant ôf yn ’t sicht. Hals oer kop fleagen se de iepensteande buorkerij fan Jan Andrea yn. De efterfolgjende trije Dútsers taaiden ôf nei’t twa in skot yn de earm kado krigen hiene. Fersterking koene se, mobylleas, pas oproppe by Tromp, in 300 meter fierder. Om’t ús fersetsfytsers doe allang spoarleas wiene, hawwe se de pleats baarne litten. By de Molkstaking yn maaie 1943, spontaan op gong kommen troch it Dútse befel om alle Nederlânse soldaten fan 1940 yn Dútse (wapen)fabriken wurkje te litten, belibbe Rinse hachlike mominten. Gewoan út nijsgjirrichheid en jonge domdrystens wie er op it fytske stapt nei Suwâld, dêr’t de heit fan syn faam, Minke Punter, boer wie. Hy trof lilke Dútsers, moast tsjin de beam en wie fansels deabenaud. Se woene de namme fan de stakende foarsitter fan de suvelkoöperaasje witte. Sûnder de namme te neamen hat hy it oerlibbe om’t in oar dat wól die. Hy hat mear trauma’s oprûn.

Yn septimber 1944, doe’t Brussel en Antwerpen dei op dei befrijd waarden en yn Nederlân Dolle Dinsdag útbruts, fleagen de benaude Dútsers en NSB’ers rjochting Heimat en de Nederlanners hellen de flagge wer út de kanferbollen. Tagelyk hiene de Ingelsen, fia ‘ondergrondse’ kanalen, bepaald dat alle ferfier plat moast om sa de opmars te befoarderjen. Troch de panyk fan de Dútsers moast beurtskipper Jan Gerrit Leeman fytsen fan Snits nei Ljouwert ferfiere foar it flechtsjende überfolk. Om’t hy wer nei syn húshâlding ta woe riskearre hy foar it lêst, sa tocht hy, tagelyk mei in partijtsje bûter, de weromreis. It waard yndied syn lêste reis. Hy waard oan grôt sketten troch de Ingelsen en Rinse en syn broer, oan it hekkeljen ticht by de Swette, wiene tsjûge, ûngefear 300 meter noardlik fan komelker Jochum Rypma, wylst it tinkteken noch 200m fierder stiet.
Traumafersachtsjend hat foar Rinse miskien de tafallige moeting west mei de widdo op it Jellumer tsjerkhôf, dêr’t hy har it lêste rêstplak fan har man wize koe.

De hiele oarloch troch binne der treinen besketten om it sa de Dútsers dreger te meitsjen oarlochsmaterieel te ferfieren. Sa is op 4 febrewaris ’43  in frachttrein tusken Jorwert en Weidum besketten. De masinist of stoker wie troffen troch de gleonhite stoom fan  de ûntploffende tsjettel en is in pear dagen letter ferstoarn. Kûgels en kapotsketten, trochboarre antrasyt, binne letter weromfûn yn it lân fan Oege Monsma, de heit fan Jan Monsma.

Nei it bonkehurd delslaan fan de Febrewarisstaking yn septimber ‘41 en de dêropfolgjende stielhurde, minsûntearjende oanpak fan de Joaden, kaam it Fryske plattelân stadichoan yn ferset en al hielendal nei de Molkstaking fan maaie ’43.

Elts doarp hie wol ûnderdûkers en ek hiel wat doarpen hiene fersetssellen.
Sa wiene, ûnder lieding fan Ealse Huzinga (wenjend dêr’t no Gerrit en Douwina Meester tahâlde), Sjoerd van der Vegt, Bertus Lunshof, kapper Fijnje en de famylje Roukema (It Wiel) yn Weidum aktyf en bewapene. De stenguns krigen in plakje op de souder yn de hynstestâl fan molkrider Bertus Lunshof op it lettere keatsfjild. En by ûnrie koene de manlju terjochte yn de heaberch fan it pleatske fan Roel Doekes en Ybelsje Oostra foar de Swierstrapleats  oer oan it begjin fan de lettere Idzerdaleane en ek flakby it timmerbedriuw fan Sjoerd van der Vegt, dêr’t faak ‘wurkoerlis’ wie. Ien fan harren taken wie de bewaking fan de Waadkust om sa it stjoeren fan wapens út Ingelân mooglik te meitsjen. Foar jonge kearels fan yn de 20 wie dit ferset in moai fersetsje en se tochten harsels bytiden as spilers yn in avontuerlike oarlochsfilm dêr’t it gefaarrisiko net altiten boppe-oan stie, stel ik my foar. Sa moast Sjoerd in skoftke útfanhûs mei de wapenboat nei Ingelân om’t hy him tefolle yn de kiker spile hie.Oare bekende wapenfeiten wiene it omheljen fan beammen ûnder de Molkstaking en it ferfier fan ferseage  beammen nei Snits mei hynder en wein fan Bertus om der dêrnei deadskisten fan te meitsjen. Fanwege de besmetlike diftery wie dêr in soad fraach nei.
Yn Jellum moat Hansje de Jong, wenjend op de pleats fan Menno en Jenneke Andreae, by it ferset sitten hawwe.

Oan de oare kant fan de Swette tusken KI-Delta en Jan Terpstra, (doe Arjen de Jong en de bruorren Sibe en Piet Schaap) sa’n 200 meter fan de Bredyk, is yn novimber ’43 ûnder melkerstiid in Ingels fleantúch mei acht man,  op wei nei Berlyn, delsketten.
Twa koene it neifertelle om’t se fanwege de ûntploffende brânstoftank  troch de iepenslaande doarren nei bûten slingere waarden om del te kommen yn de wâl oan diz’ kant fan de Swette, ûngefear op de hichte fan Dirk en Joukje, doe Willem en Aaltsje, de Jong. De doarren wiene troch in eardere besjitting op slot rekke. It moat sa’n klap jûn hawwe, ek troch de ûntploffende bom, dat it krekt folde molkbuske fan Sjoerd Mulder (omke fan Gerryt Mulder, earder skoalmaster yn Bears) hast noch earder thús wie op de Bearehúskes as de man sels.

Kanadeeske Donald Owen, foar it earst mei as stazjêr en daliks al in kapotte skouderbonke, hat by Willem en Aaltsje help helle foar syn maat út Nij Seelân dy’t in stikkende skonk hie. Doe’t hy by skimer op it rút kloppe, makke hy de boer en boerinne tige kjel. Se hawwe de beide ûnderdûkers mar gau troch de efterdoar nei de mûne stjoerd, 250 meter fierderop.
Dokter Mantel hat de ferwûne fleaners fersoarge en pas de oare deis oanjûn by de Dútsers. Sa die ek  plysje Miedema om har sa gelegenheid te jaan om te flechtsjen. Se hawwe har dy nacht lykwols leafdefol troch Aaltsje fersoargje litten en letter fertelde Donald dat hy suver in bytsje fereale rekke wie op de jonge boerinne. Troch yngripen fan Aaltsje binne de manlju op sêftsinnige wize meinommen en hawwe it yn Poalen oerlibbe. Dat wie net de winsk fan Schaufner, de beruchte Dútse piloot dy’t harren delsketten hie, sa fertelde hy harren letter yn it Diakonessensikehûs. By de fleantúchbesjitting reinde it kûgels by Jochum Rypma, syn dochter Fokje en oansteande skoansoan Anne Wynstra, dy’t dêr ûnderdûk fûn hie. Se wiene yn ’t bûthús oan ’t melken mar fleagen doe yn sân hasten binnentroch de kelder yn. Ien kûgel is hingjen bleaun yn ien fan de souderbalken.

Yn de oarlochswinter fan 1944, doe’t de Dútsers troch it debâkle fan ‘Arnhim’ noch baas wiene boppe de rivieren, sloech de honger ta yn de Rânestêd. Benammen troch de represailles op de Spoarweistaking yn septimber doe’t de Dútsers seis wiken lang iten nei it Westen blokkearren en der gjin oanfier wie fan stienkoal út it befrijde Limburg. Katte- en hûnefleis waard populêr iten. Sa’n 20.000 minsken binne omkommen.
Lykwols dizze misêre hie ek in romantysk ljochtpuntsje. Sa is de 35-jierrige Jan Pieters de Boer (heit fan Ferry en Piet) oan syn jonge faam fan 20 jier kommen. Op Folkshegeskoalle Allardsoog yn Bakkefean hie Amsterdamske Bep Temmer kunde krigen oan de suster fan Jehannes Schotanus (heit fan Kryn) en sadwaande is sy nei in jammerdearlik swiere tocht op ’e fyts yn Jellum bedarre. Bep kaam út in sportyf nêst. Har suster Netty krych goud omhongen op de Olympyske Spelen fan 1948 nei  4×100m estafette.

In pear jier nei de oarloch hat Jaap Cohen op oantrunen fan syn mem efkes in pear moanne it Amsterdamske stedslibben prebearre. It koe neat wurde. Hy is letter troud mei in Joads famke, dat ûnderdûkt west hie by de famylje Haima yn Hilaard en is op syn 24’ste, doe’t de pleats al efkes bebuorke waard troch Ate en Nelie Bosch, mei har nei Israël ferhuze. Twa jier lyn is hy ferstoarn yn Amsterdam.

Suvelarbeider Haije de Jong wie as kommunist foar de oarloch fel tsjin de nazi ’s. Hy ferkocht foar de CPN brosjueres wêryn ‘t warskôge waard foar Hitler. Evensagoed hat hy yn it begjin fan de oarlochsjierren ek efkes ynteressearre west yn de NSB. Efkes – en doe seach hy wol yn dat arbeidersminsken neat te ferwachtsjen hiene fan dat folk. Nei de oarloch is hy royearre troch de CPN omdat hy it net iens wie mei de ferearing fan Stalin. Dat die him tinken oan de Hilterferearing. Foar en nei de oarloch dus prinsipieel en oan de goede kant, yn de oarloch efkes twivele. Letter, as er oaren net begriep, sei er gauris: “De minske in in komplisearre wêzen”. It soe in famyljesechje wurde.
Jochum