Doarpshûs Weidum iepen nijjiersnacht!

29 desimber 2016

Wizige op 27-11-2019, 14:26:45

Doarpshûs Weidum iepen nijjiersnacht!

Elkoar in lokkich nijjier winskje,dat dogge Weidumers graach yn it doarpshûs. In plak om elkoar te moetsjen, in plak om elkoar te fûskjen, in plak om te proasten op it nije jier; wy treffe inoar yn it doarpshûs! 

Wy binne iepen fan 01.00 oere oant 04.00 oere.

 Folle Lok & Seine!