18 febrewaris 2011
Wizige op 10-11-2019, 17:05:08
Doe’t ik op 1 maaie by de útfiering fan it iepenloftspûl yn Bears wie, kaam ik oan de praat mei ien fan de redaksjeleden fan de Rûnkranter. Wy krigen it oer Weidum, dêr't ik in grut part fan myn libben trochbrocht ha. Wat moannen letter skille se my oft ik ek wat fertelle woe oer hoe ’t my fergien is nei ’t ik út Weidum weigongen bin. Sadwaande hjir myn ferhaal. Ik sil my earst efkes foarstelle oan de minsken dy’t my net kinne. Myn namme is Klaas Visser, berne yn 1951 oan de Hegedyk yn Weidum. Myn âlders hiene dêr in pleats op it plak dêr’t de famylje Visser no wennet en dy’t dêr in wenbuorkerij fan makke ha. Dêr ha ik wenne fan 1951 oant 1979 en doe bin ik de grifformearde koster, kloklieder en deagraver wurden fan de herfoarme tsjerke yn Weidum. De Weidumer mienskip wie doe al tige eukomenysk. It hat in hiel apart fak west, it koster wêzen, mar ik ha it altyd mei nocht dien en ik krige alle help fan elk dy’t ik mar frege. Sa wie ik noch mar ien moanne koster doe’t de tsjerkfâldij it beslút naam dat der nij grint oer de paden komme moast op it tsjerkhôf. Der lei by beide yngongen fan it hôf in frachtwein fol mei grint en myn opdracht wie om dat oer de paden te bringen. Mei tsien man hiene wy yn twa oeren tiid alle grint oer de paden brocht. Dokter Haima kaam as presidint tsjerkfâld lâns om te sizzen dat wy wol in kratsje bier bij Andrys weihelje koene. Dat ha wy doe noflik meielkoar opdronken. Nei ’t ik fan de ambachtsskoalle kommen bin, ha ik earst ferver west op it suvelfabryk yn Weidum. Dêrnei wurke ik by de boskbou yn de Fleveopolder en by de gemeente Baarderadiel, wie ik ferver by Pier Koopmans en wurke ik jierren op in seilmakkerij yn Ljouwert. Yn 1988, doe’t alle wurk wat minder waard en ik noch wol wat oars woe, bin ik oan it wurk rekke by Justysje en wol yn finzenis De Marwei te Ljouwert. It wie in nije ynrjochting en se hiene foar it wurk dat ik doch 150 minsken nedich. Der wiene hast 4000 minsken dy’t wol graach sa'n baan hawwe woene. De trochslach dat ik dizze baan krige wie, om’t ik sa’n soad ferskillend wurk dien hie en om’t ik in boel yn it ferieningslibben dwaande west hie. Troch de oplieding dy’t ik folgje moast foar myn nije baan en it staazjerinnen op ferskate plakken yn it lân, bin ik stoppe mei myn wurk as koster fan de tsjerke. Dêrom moast ik ek út de kosterswente wei en doe bin ik wenjen gien bij myn ferkearing yn Bant. Ik ha oardel jier oan it reizgjen en wurkjen west, rûnom yn Nederlân. Yn Veenhuizen, Amsterdan, Grave en ta beslút ha ik noch staazje rûn yn in TBS-ynrjochting yn Balkbrug. It wurkjen by Justysje en dan ek noch yn in finzenis is in ûnbekende wrâld dêr't jo as boarger, as jo neat slims úthelle ha, nea komme sille. Foarhinne sels net om sa’n ynrjochting te besjen. Dêrom wie it ek aardich dat de froulju’s feriening fan Weidum mei de manlju ien fan de earsten wiene dy't de ynrjochting yn Ljouwert op in jûn besjoen ha ûnder lieding fan Johan Perridon en myn persoan. No wurdt der sa no en dan in iepen dei hâlden yn De Marwei. Yn 1989 binne myn freon, dêr't ik doe in relaasje mei hie, en ik nei Snits ta gongen te wenjen. Hy hie syn wurk yn Emmeloord en ik yn Ljouwert. Beide plakken wiene goed fan Snits út te berikken en ik wenje dêr noch altyd, al is it no alline. Mar sa kin it rinne yn it libben. Bûten myn wurk yn De Marwei yn Ljouwert, dêr't ik besykje minsken te helpen harren libben wer wat op ’e rails te krijen, sadat se wer goed funksjonearje kinne yn de maatskippij, bin ik sûnt 1994 riedslid fan de FNP yn de gemeente Snits. Koartlyn hawwe de ynwenners fan de nije gemeente Sûdwest-Fryslân my keazen foar de gemeenteried fan dizze fúzjegemeente. Sa’t ik yn Weidum altyd dwaande wie yn it ferieningslibben en de gemeente Baarderadiel (letter Littenseradiel), dat ik mei in bulte nocht dien ha, kinne se my yn Snits ek wol fine. Mar as lid fan de gemeenteried haw ik it drok genôch. Dochs bin ik trije jier lyn foarsitter wurden fan it Frysktalich toanielselskip Teater Snits dêr't ik ek al in pear kear by spile hie. Teater Snits wie foarhinne de Fryske Krite en it Frysk Snitser Toaniel. Wy hawwe in selskip mei hast 1450 leden, wêrfan 45 spyljende leden. Wy hawwe it de lêste jierren hiel goed dien mei de kriich; twa kear binne wy twadde wurden efter de toanielferiening fan Bantegea en yn it ôfrûne jier hawwe wy it slútstik Cloaca útfiere mocht yn De Lawei te Drachten. As toanielselskip hâlde wy yn oktober wer acht Bonte Sneker Avonden dy’t op alle jûnen, mei 350 minsken as publyk, útferkocht binne. Dizze jûnen, dy’t foar 90% yn it Snekers spile wurde, binne altyd in sukses. De opbringst dy’t wy hjir fan oerhâlde, brûke wy foar in iepenloftspul. In tal jierren lyn hawwe wy Fanfare fan Bert Hanstra opfierd en dat wie in grut sukses. Sa’t it no liket, sille wy yn 2013 in iepenloftspul bringe oer it skûtsje de Sneker Pan dat dan 100 jier âld is. As ik dwaande bin mei it toaniel yn Snits, dan tink ik wolris oan Oefening en Vermaak yn Weidum dêr’t ik ek noch altyd lid fan bin. Dan komt my ús aksje, In lyts ljocht foar in grut ljocht, wer yn ’t sin. Wy ferkochten dan kearsen dy’t, ûnder lieding fan Feikje Tamminga en Jannie Krol, fersierd wiene om te ferkeapjen foar de kryst. Wat hawwe wy dêr in bulte jild mei oprûn foar de ferljochting fan it toaniel yn it doarpshûs. Derôm, as ik myn maten en kunde fan Weidum wer moetsje, en dy binne der lokkich meast noch, dan hawwe wy it altyd oer de Weidumer tiid: de Ynstuif, de Merke en it riden op It Leech as de iisbaan noch net sterk genôch wie. En fansels ek oer de fakânsjespulwike, de ferbouwing fan it doarpshûs, it lampiontsje rinnen fan it Pleatslik Nut en gean sa mar troch. Ik bliuw earst dochs noch mar yn Snits. Ik moat noch in jier wurkje en dan kin ik ophâlde, want wy moatte der mei 60 jier út. Lokkich ha ik dan noch in aardige ôflieding troch it riedswurk. Ek bin ik dwaande mei myn nije relaasje om in plakje te finen foar ús beiden yn Snits of omkriten, want nei njoggen jier op en del reizgjen fan Snits nei Grins en oarsom wurdt dat wolris tiid. Ik soe noch wol troch fertelle kinne oer de moaie stêd Snits en oer de nije gemeente Súdwest-Fryslân mar dan wurdt it ferhaal te lang. Jim binne yn alle gefallen wer wat op ’e hichte fan it dwaan en litten fan in âld-Weidumer. Groetnis fan Klaas Visser út Snits