11 jannewaris 2023
It reinde dat it miigde, mar dat koe in groepke bewenners fan De Terp net keare. Op in hjerstige sneintemoarn yn novimber hiene sy de maaitiid al yn ’e holle. De grûn yn mei dy bollen! De manlju lieten it swiere wurk dwaan troch boarmasines. Dat levere keurige gatten en lege akku’s op. Net echt in duorsume túntechnyk ;-). Mar hawar, de tulpen, krookjes en narsissen lizze moai yn holtsjes en komme sa de winter wol troch. Fan ’t maaitiid stekke se de kopkes dan hooplik boppe it meanfjild út. Dan kinne we allegear genietsje fan in fleurige berm oan it Havenspaad. Mei tank oan buertferiening De Terp foar it inisjatyf en oan It Nut foar de finansjele stipe!