30 desimber 2017
Wizige op 27-11-2019, 13:08:51
en De Rûnkranter opnij yn de prizen
8 desimber 2017
By de muzikale filmfertelling 'Greidehert' moasten je wol it gefoel krije dat wy yn in bysûndere gemeente libje. In echte plattelânsgemeente dy’t bestiet út 29 doarpkes tusken de 26 en 2200 ynwenners en 38 buorskippen. Fierder sjogge je yn Littenseradiel allinne mar griene greiden, diken en wetter. Unyk dochs? De pear yndustrykearnen (by Winsum en Wommels) falle kwalik op. Dan wurde je wol efkes mei de noas op de feiten drukt as we aanst diel útmeitsje fan in gemeente lykas der al safolle fan binne yn ús lân. Ha we dêr wol genôch by stilstien? Dat wy yn sa’n prachtich stikje Fryslân wenje?
Op inisjatyf en ûnder regy fan Wybo Smids en Tjerk Kooistra, mei begeliedende muzyk ûnder lieding fan Jorrit Laverman, beseagen we yn bylden ús doarpen fan alle kanten, fertsjintwurdige troch ynwenners fan jong oant âld(er); de greiden mei fûgelguod; de kultuer (foar it grutste part driuwend op amateurs), dy’t yn Littenseradiel op sa’n heech peil stiet; de (Fryske) sporten; de korpsen en gean sa mar troch.
We bewûnderen Littenseradiel yn de seizoenen mei fleurige simmerske plaatsjes. Mar ek mei kâlde en wiete perioaden sa’t we no meimeitsje. En as je der dan op út moatte lykas de krantebesoarchster dy’t by ús yn it tsjuster foar de doar stie, de mûtse djip oer de earen en de grutte sjaal ûnder de wiete snie brrr… Om oer de kûlen fol drek oan wjerskanten fan de diken, stikken riden troch trekkers, frachtauto’s en bussen, mar net te sprekken. Ja, dat heart der ek by.
Under de yndruk fan wat we sjoen en heard hiene kamen we letter mei in waarm gefoel út De Helling yn Winsum. Jorrit hie prachtige arranzjeminten makke en bekende meldijen meielkoar ferbûn. It orkest fan it korps Wilhelmina út Easterein wie fersterke troch ferskate muzikanten fan ûnder oaren Harmonie út Weidum. Wybo Smids, Anke Boersma en Doete Stenekes fertelden en grypten ús mei harren sang by it hert. In prachtich gehiel dat in fertsjinne grut applaus krige. Mei tank oan de inisjatyfnimmers en alle meiwurkers.
Boargemaster Liemburg memorearre nei ôfrin noch efkes in pear foarfallen út it bestean fan Littenseradiel, yn 1984 ûntstien út Baarderadiel en Hinnaarderadiel nei de foarige weryndieling. Twa Konings, Henk en Janke, wikselen yn it begjin in kear as wat as riedslid troch in flater by it tellen fan de stimmen. Beide bleauwen likegoed jierren aktyf yn de gemeentepolityk. Se krigen de earste eksimplaren fan it boek oer de gemeente dat meikoarten by alle ynwenners (27 desimber) besoarge wurde sil. En fansels neamde se it ienfâldige en moaie inisjatyf om it skriuwen fan it Frysk te stypjen ûnder de bewenners. Noch ien kear waarden de prizen foar de bêste doarpssjoernalistyk oerlange oan redaksjes fan doarpskranten. Yn de hoop dat de gemeenten, dêr’t de doarpen yn 2018 by ûnderbrocht wurde, dat inisjatyf oernimme sille. Súdwest Fryslân is dat al fan doel mar hoe sit it mei Ljouwert?
De Rûnkranter fan Weidum, Jellum en Bears foel diskear ek wer yn de prizen. In twadde priis wie der foar de kollum Prakkesaasjes fan Pytsje Bosma oer de swijende tsjerkeklok fan Weidum en in tredde priis foar de rubryk Tút mei in dakje?, wêryn’t Katja Westra mei help fan foto’s en foarfallen in pear swierrichheden by it skriuwen fan it Frysk oan de kaak stelt. De lêste, earste priis wie foar in bydrage út de doarpskrante Diggelfjoer fan Wommels: Hy hat my wer takomst jûn.
Yn it sjueryrapport stiet oer Prakkesaasjes:
In goed skreaune kollum soarget foar stille wille. Dat slagge de kolumnist yn syn of har Prakkesaasje oer it swijen fan de tsjerkeklokken fan it doarp. Mildkritysk: wêrom bliuwt it sa lang stil? Beskôgjend: de klokken as gids yn it bestean, ek foar guont dy’t de oantsjutting ‘de lieder’ op ferskillende wizen opfetsje. Wat weemoedich weromsjen nei krystjûnen mei in swymke selsspot.
En oer Tút mei in dakje?:
It komt hast noait foar dat wy in nije, oarsoartige rubryk tsjinkomme yn doarpskranten. As dat wol it gefal is, dan falt soks dus op. En as de rubryk dan ek noch in kear opfalt troch opfallende en passende yllustraasjes yn byld en sprekkende anekdoatyske en ferdúdlikjende mini-stikjes, dan wurde wy dêr bliid fan as sjuery. It doel fan de rubryk, de lêzer better thús reitsje te litten yn it Frysk wurdt neffens ús dan op in boartlike, net belearjende manier berikt. Op grûn dêrfan kenne wy de tredde priis ta oan de rubryk ‘In tút mei in dakje?’ De keuze fan de rubrykstitel is al in grut komplimint wurdich. De takenning komt mei de oantekening dat wy njonken de rubrykskriuwer of -skriuwers ek de redaksje fan it betreffende doarpsblêd mei dy tredde priis wurdearje wolle.
In moaie ôfsluter fan dit dochs wol in bytsje weemoedige ôfskie. De redaksje fan de Rûnkranter sil de € 250,- oan prizejild wer op in passende wize besteegje. Dêr hearre jim yn 2018 grif mear oer.
Janny Bottema