D’UM

Ikoanen fan Weidum

26 july 2013

Wizige op 29-11-2019, 09:58:11

Ikoanen fan Weidum

Nei in telefoantsje koe ik fuort deselde deis telâne by Frans en Froukje Monsma foar in petear oer harren libben tegearre. Beide binne se hikke en tein yn Weidum. Se binne no rom oer de tachtich en ferline jier wiene se 60 jier troud. “It âldste Weidumer pearke”, sei Froukje. Broer Jan en skoansuster Jikke de Groot wiene fan’t jier al 65 jier troud, mar Jikke is gjin Weidumer! Ek al lizze fan beide de fuotstappen fan harren hiele libben yn Weidum, doe’t se lyts wiene en op skoalle sieten koene se elkoar mar kwalik. Fansels, Frans is in pear jier âlder en hat ek in skoftke op de Dykshoeke wenne ûnder Jorwert. Hy gong doe ek yn Jorwert nei skoalle ta en Froukje yn Bears, mar se moatte elkoar dochs gauris tsjinkaam wêze. In pear jier nei de oarloch krigen se pas echt each foar elkoar. Yn septimber 1952 binne se troud. It bertehûs fan Frans Monsma stiet der net mear. Mar no’t hy yn in oanleunwente wennet yn Nij Dekama, sjocht hy wol krekt op syn berteplakje út. Op ‘e Strûken wenne er, midden yn it doarp. Se wiene mei har njoggenen; heit, mem en bern. Froukje de Groot kaam yn it slachtershûs op it Sânpaed op ’e wrâld. Sy wie de jongste fan trije en skeelde wol 15 jier mei har âldste broer Sytse. Heit en mem hiene it altyd drok yn de slachterij en de winkel en dêrom wie Froukje gauris by buorfrou. Dêr siet se dan noflik te breidzjen. Doe’t Sytse de slachterij nei de oarloch oernaam kaam Froukje mei har âlders en broer op de Grutte Buorren te wenjen. Froukje foel op Frans om syn moaie hier. Dy jonge mei dy prachtige krollen, dat like har wol wat. En it klikt noch altyd tusken dy beiden. Yn 1952 setten se har nei wenjen op de Lytse Buorren en dêr binne ek harren bern grut wurden. It keatsfjild lei foar de doar, wat wolle je noch mear as je sa’n sportman binne as Frans. Dochs is harren plakje no sûnt fjouwer jier yn Nij Dekama en dat foldocht ek bêst. In moai appartemint, prima útsicht en altyd selskip. En middeis hearlik ite yn restaurant It Rûtsstee. Frans en Froukje ha de oarlochsjierren hiel bewust belibbe. Frans wie te jong om oproppen te wurden foar wurk yn Dútslân mar makke as opslûpen jonge wol spannende dingen mei. Weidum leit net fier fan it Ljouwerter fleanfjild en sadwaande koe er de fleanmasines altyd folgje. Yn ’e omkriten binne ek in stik as trije Ingelske masines delkaam. Mei syn freonen gong Frans ris nei sa’n masine ta en ûnderweis fûnen se wol it ien en oar. Mar de Dútsers wiene der ek al en fregen batsk wat se meinaam hiene. Neat fansels. Dat guod wie gelokkich op ’e tiid yn ’e sleat ferdwûn. By Froukje thús wenne in ûnderdûker. Dy jonge wie fia Sytse, dy’t yn ’t ferset siet, by harren telâne kaam. Syn heit wie by Hjelbeam delsketten. Hy holp mei yn de slachterij en koe him aardich frij bewege yn Weidum. En oer foldwaande iten hoegden se by slachterij De Groot net yn te sitten. Frans moast yn it lêste oarlochsjier ris mei in hynder, dat oars brûkt waard foar de molkriderij, nei Mantgum ta foar de keuring. De Dútsers koene dy hynders wol brûke. Doe’t er it bist ophelle út it hok by it keatsfjild, seach er ta syn skrik gewearen en stenguns út it hea wei stekken. As bekend wurden wie dat dêr wapens ferstoppe leine, hoe hiene de Dútsers dêr dan op reagearre? Underweis nei Mantgum kaam er Dútse soldaten tsjin dy’t woene dat er harren mei al har guod nei Bitgummole ta brocht. Hy moast mar in wein sjen te krijen. Dat slagge gelokkich en in freon fan Frans gong mei. Frans trainearde de saak mei sin troch it hynder goed strak yn ’e bek te hâlden. By It Wiel skeaten de Dútsers noch op einen, want safolle iten wie der foar harren ek net mear. Lokkich hiene de Dútsers by Boksum harren nocht om’t de rit sa stadich gong en koene Frans en syn freon wer werom. In Boksumer mocht de taak fan harren oernimme. Frans hat nei de legere skoalle noch in jier by de boer wurke, by de widdo Sierdsma, mar dat wurk lei him net sa. Sadwaande kaam er op syn fjirtjinde op it suvelfabryk yn Weidum. Earst moarns en jûns mûnsternimme. Op ’e fyts mei kusjebannen nei de boeren yn de omkriten oant Húns, Leons en Winsum ta en oerdei op de tsiismakkerij. Dat gong aardich stoef want hy makke soms wol 76 oeren wyks. Der wie net ien dy’t him nei hûs ta stjoerde en sels hie er wol nocht oan de wurksumheden. Letter waard er tsiismakker en dat hat er altyd mei in protte nocht dien. Kursussen folgje en meidwaan oan wedstriden; der hingje aardich wat ûnderskiedings foar priistsizen yn ’e hûs. Frans gong ek gauris mei nei de tsiiskeurings, meast yn Fryslân mar ek wolris nei Amsterdam. Dêr hearde er net allinne wat goed wie, mar ek wat better koe. En dy ûnderfining naam er wer mei nei it wurk. Sa koene se noch better wurde. De lêste tsien jier fan syn wurksume libben wie er sjef tsiismakker yn Dronryp. Ek dêr foel er gauris yn de prizen. Ien kear waarden tsizen opstjoerd nei Amearika. Frans socht de bêsten mei út en se wûnen sulver! Froukje hat nei de legere skoalle noch twa jier nei de húshâldskoalle ta west. Dêr gong se ek op in fyts mei kusjebannen hinne. Nei dy oplieding naam se noch naailes om foar harsels, mar ek foar oaren te naaien. Nei har trouwen bleau se thús by de bern, mar njonken de húshâlding hie se ek oare saken by de ein. Mei in man dy’t sa fan sport hold kaam se sels ek yn dat wrâldsje telâne. As Frans fuort soe te keatsen, en soms earst noch wurkje moast, makke sy syn spul klear en gong dêrnei mei de âldste soan nei it fjild en bleau dêr de hiele dei. Frans hold him graach dwaande mei sport. Net allinne keatse, mar ek turnje en atletyk. Hy wie soms wol seis jûnen yn ’e wike op it sportfjild te finen. Troch it wurk koe er net faak fuort te keatsen. Op it fabryk waard wurke mei wikseljende tsjinsten en sa hie er mar ien kear yn de seis wiken in frije snein. Mar dochs steane der prizen yn de kast dy’t er mei syn pertoer, dêr’t syn sweager Jan de Groot en Folkert Hiddinga ek yn sieten, wûn hat. Doe’t er letter ris op de PC wie en tafallich njonken Tetman de Vries kaam te sitten sei dy: “Wat dochsto hjírre”. Mei oare wurden, “do moatst op it fjild stean”. In prachtich komplimint fûn Frans dat. Atletyk krige er nocht oan om’t syn skoalmaster De Vries him dêr foar ynspande. Spearwerpe, kûgelstjitte mar ek fierspringe, dat gong prima. Benammen as er in pear spikerskuon fan in freon liene koe, dan sprong er it fierst fan allegear. Mar it meast hold er him dwaande mei turnjen. Sels sporte mar ek wol ynfalle foar de gymnastyklieder as dy siik wie of net koe. “Froukje joech dan oerdei de bern les, want ik moast wurkje en jûns wiene de âldere groepen foar my”. Mar fan dat lesjaan hat er dochs in gefoelige nekwervel oerholden doe’t er in kear in oefening foardwaan soe. Neat blike litte fansels, mar letter kaam út dat der in skuorke yn de wervel siet. Dy wervel is noch altyd in swak punt. Froukje hat noch in pear jier as bejaardehelp wurke mar folge letter kursussen yn folksdûnsjen en joech dêrnei les yn Weidum en Jellum oan 40+ers. Dat hat se wol 25 jier dien. Se folge ek in kursus foar foksdûnsjen foar bern. Troch dy kursussen kaam se yn ’e kunde mei oare lesjouwers dêr’t freonskippen út groeiden. Meielkoar op wintersport nei Dútslân yn de buert fan München. Te langlaufen en de manlju ek mei, prachtich. Mar nei’t se yn 2002 nije heupen krigen hie, woe it net mear. Weidum is in doarp mei in drok ferieningslibben en in aktyf Pleatslik Nut. Frans hat njonken de sport ek yn it bestjoer fan It Nut sitten en ûnder oaren meiwurke oan de oprjochting fan it Doarpshûs, it plak fan de nije skoalle en de ferbouwing fan Nij Dekama. Froukje wie aktyf by de frouljusferiening. Beide ha se altyd echte doarpsminsken west. Troch sa’n sportive heit en mem wurde de bern ek entûsjast. Dochter Ytsje hat bygelyks de CIOS-oplieding dien en sa’n 25 jier gymnastykles jûn oan bern. De bern binne fansels allang útflein en Frans en Froukje ha der no seis bernsbern by en ek nochris fiif oerpake- en oerbeppesizzers. Der hingje in soad foto’s yn ’e hûs en in moai portret fan de hiele famylje doe’t se 60 jier troud wiene. In bysûndere foto is dy fan Frans en Froukje yn in prachtige (keats)krânse, makke troch de bern foar harren troudei. Nei in pear oeren gesellich byelkoar oan de tee sitten te hawwen hie ik in prachtich tiidsbyld meikrigen út de boeiende ferhalen fan dizze echte Weidumer Ikoanen. Janny Bottema.