11 maaie 2013
Wizige op 29-11-2019, 10:05:18
Op in winterske tiisdeitemiddei hie ik in ôfspraak mei de famylje Rodenhuis út Jellum, dy't sûnt 2009 yn Nij Dekama settele binne. It hie earst in moandei wêze sild, mar it echtpear hat noch ferskeidene drokten, dat de ôfspraak moast eefkes fersetten wurden. Wy joegen ús noflik del yn de húskeamer dy’t útsjocht op de jeu de boulebaan en we probearren it lange libben gear te fetsjen yn ien ferhaal. In libben dat fan de bernetiid ôf yn it teken stien hat fan in protte ferhuzingen. Op 18 maaie 1923 waard Rinse Rodenhuis berne yn Mantgum mar fan syn earste jier ôf wenne er yn Bears (yn in tredde part fan it hûs fan Ferry en Hilly) mei noch seis broers en in suske. Hy hat goede herinneringen oan dy tiid, gie mei nocht nei skoalle yn Bears en boarte oeral mei alle bern yn de greiden en op 'e buorren. Fan syn 13e jier ôf wie it dien mei it boartsjen. Hy moast, lykas safolle bern yn dy tiid, oan it wurk by de boer, jild fertsjinje en him sels rêde. Dat is wol in hiel ferskil mei hoe't se de jeugd no lâns de ruten draven sjogge. It wie no ien kear yn dy tiid sa, mar hy hat, en ek syn frou, soms wol in spitich gefoel dat hja beide de jeugdjierren oerslaan moasten. Mei it wurksume libben begong foar Rinse ek it ûntelbere kearen ferhúzjen. No, we hawwe it wol teld, it wie 10 kear yn 30 jier. Dat ferhúzjen kaam by it wurk dat hy die as ynwenjende lytsfeint by de boer. En as de boer dy dien joech of der wie gjin wurk dan waard der in nij wurk- en wenplak socht. Dat wie net altyd like maklik en ek net alle plakken wiene like noflik. Sa waard der wolris swier ûnderbetelle (f 2,50 wyks, alle dagen wurkje) of je hiene in min plak om te sliepen. Mar meastal fûn Rinse it moai wurk by de boer. Yn 1939 kaam hy oan it wurk op Sikke Kalma syn pleats en letter flakby by Bos. Dêr hat er de hiele oarlochstiid oan it wurk west. Dat wie oppassen dat je je net bûten sjen lieten, want hy hie fansels wol in oprop hân om te tsjinjen. As hy dan in kear by syn heit en mem op besite woe, moast dat by’t skimer, dwers troch de greiden, lâns de feart. Samar wat op ’e dyk rinne wie te link. Al wiene se ek wol op in paad yn dy jierren. Sa wie hy op Pinkstermoandei 1942 by it keatsen yn Frentsjer wei op ‘e fyts ûnderweis nei hûs tusken Weidum en Jellum, doe’t hy in famke tsjinkaam dy’t hy fan de melkerskursus koe. Hja hawwe in tiidsje op ’e dyk stien te praten en hy sei: “Snein kom ik by dy op besite”. It famke hjitte fan Minke Punter. Minke Punter waard berne yn Easthim, op 5 febrewaris 1923. Dêr hat se in pear jier wenne, oant har heit op in pleats kaam yn Suwâld. Dêr hat hja wenne mei ien âldere broer, twa suskes en twa broerkes. Hja hie it tige nei ’t sin op de buorkerij en de skoalle yn Suwâld. Hja koe goed wille meitsje en wie net altyd like noflik foar master, mar hja koe net witte dat har mem regele hie dat hja nei de sechsde klasse besteld wie by master. Hy sei: “As Minke net feroaret hoecht dat fan my net troch te gean”. Mar it gie al troch en sa gie ek Minke op 13-jierrige leeftyd al har selstannige libben yn. Om 7.00 oere begjinne, de lytse (“pisbroekjes”) bern op gong helpe en as master nei skoalle wie helpe yn de húshâlding. Mar foaral: skuonpoetse! Al dy skuon op in rij, alle dagen wer, dêr hie hja wol in hekel oan op dy leeftyd. Mar it wiene goede minsken, hja poetste en holp mei it iten sieden. Dêr hie hja wol nocht oan. It wiene lange dagen, oant 19.00 oere oan it wurk en dan nei hûs en op bêd. Nei trije jier gie Minke oan it wurk by in boer yn Suwâld, in húshâlding mei grutte bern, dêr’t hja by ynwenne. Hja waard dêr foar fan alles ynsetten, yn de achter- en de foarein, molkbus himmelje, hûshimmelje: “Minke koe alles wol dwaan”. Hja wie in flinke wurker en hie it der goed nei ’t sin. Mar heit en mem fûnen it dochs wat jammer dat it gjin tsjerkeminsken wiene. Doe gie der in kammeraadske nei in pleats yn Jellum en koe Minke dêr ek wol moai hinne by in oare boer. Op it lêst gie dat mei it kammeraadske net troch en kaam Minke allinnich yn Jellum by Kalma oan it wurk. Hja wit noch dat it bushimmeljen by de feart altyd in kâlde bedoening wie. Yn de oarlochsjierren wurke hja dêr, en by Kooistra en sa’n trije jier by Andrys de Boer, dat wie ek in fijn plak. Yn dy jierren hie se de melkerskursus dien, want hja mocht graach melke. Se hie it diploma tagelyk helle mei in feint út Bears, Rinse Rodenhuis. En no soe hy op besite komme op snein. “Ik wie de hiele dei senuweftich”, sei Minke, “soe hy komme?”. Mar hy kaam en fan maaie 1942 ôf hiene hja stevige ferkearing. Op 13 september 1945 binne hja troud yn Burgum, yn koetskes fan in omke út Boazum.” Dat wie prachtich”. Hja kamen te wenjen by in boer yn Húns en harren earste soan Douwe waard dêr yn ’46 berne. Nei oardel jier moasten se derwei, want it bliek in NS- boer te wêzen en dêrom moast de boerin yn it arbeidershûske. Se kamen yn Mantgum te wenjen (de helte fan it reade hûs nei de ôfslach richting Easterwierrum) en dêr hawwe se in geweldige tiid hân. Noch in soan, Jelke (‘48) en in dochter, Hiske (‘49) waarden dêr berne en hja wennen tefreden yn harre húske mei it jonge gesintsje. Dochs moasten se derwei en nei sykjen yn it krantsje, en fan hearren sizzen, fûnen se wer nij plak yn Easterlittens. It hiele húsrie gie yn ien karre mei de kachel op de klep, want je hiene amper besittingen en de klean en skuon dy’t je oan hiene. Trije jier wennen se dêre, in bytsje in min hûs, mar in fijn plak mei goede buorlju mei grutte bern, dêr’t se bot aardichheid oan hiene. Der barde altyd wat. Hja waarden ek opnommen yn it doarp, keatsten in protte en Minke waard ek wol gauris frege te melken, want dat mocht se graach dwaan! Yn dy tiid waard der in spesjale subsydzje ûntwikkele, sadat ek gewoane minsken jild liene koene om in hûs bouwe te litten. Rinse hie al rillegau in hoekje grûn yn ’e holle, yn Jellum by de ôfslach nei Hilaard. Wêrom wit er net, mar dêr moast it hûs komme. Yn 1953 kaam it gesin dan einliks op harren eigen stee, yn Jellum, no hoechden se foarearst net wer te ferhúzjen. Tagelyk koe Rinse oan it wurk by Wybe van de Lageweg en dêrnei by Sytse Dijkstra (de pleats fan Jorna) dêr’t wol foar trijeeninheal jier wurk wie. Minke hie it drok mei har gesin mar paste ek in protte op de bern fan in oar, bygelyks op dy fan har suster dy’t wol njoggen bern krigen hie: “Sko mar by Minke troch de doar, dan komt it wol goed”. Yn dy tiid waard it dreger boerewurk te finen, dat Rinse belâne by it fabryk fan Steensma, dêr’t hy ek yn ploegen wurkje moast. It wie in needsprong, leaver die hy boerewurk. Foaral de nachttsjinsten, dêr’t je soms allinnich oan it wurk wiene: “dan duorret in nacht wol lang, hear”. En soms wisten de boeren him ek noch wol te finen, dat dan koe hy sa út de nachttsjinst wei by in boer oan it wurk. Yn de sechstiger jierren begong de Boerenhelp en Rinse wie de allerearste wurknimmer. Dat wie moai, no koe er oeral oan it wurk,”fan Makkum oant Marum”. Earst op de brommer, mar letter yn de auto. Alle foarkommende wurksumheden, allerhanne gesinnen, je meitsje fan alles mei. Sa moast hy ek ris fan in boer op de frou passe, dy’t hieltyd útnaaide, want de boer moast eefkes fuort. Mar hy hat ek wol langer wurke by boeren, sa as hast trije jier by Wiebe de Boer en oardel jier by Jappie Jorna. Soms waard er jûns belle wêr’t er de oare moarns oan it wurk moast, soms ek wol by oannimmers. En ek in protte by Wypke van de Lageweg. Minke bleauw drok mei berne-opfang, mar die ek oan gymnastyk en se hat in protte oan it bordueren west. De bern binne allegearre te plak kommen: Douwe yn Winsum, Jelke yn Boksum en Hiske yn Winterswyk en meielkoar binne der acht pake- en beppesizzers bykommen. Op syn 61e gie Rinse mei pensjoen, mar hy hold in protte bezichheden. Sa hat er altyd in protte fytst en rûn (elkenien is him fêst wolris tsjinkommen) en ûnderhold hy yn Jellum it tsjerkhôf: beammen knippe, gers meane, stiennen poetse en fervje yn opdracht. Dêr hie er wol nocht oan. “It tsjerkhôf is it fisitekaartsje fan it doarp”. Hy wie ek boade en drager by begraffenissen. Soms kaam it foar dat der in fersyk by Rinse kaam, oft Minke eefkes pûstertraapje koe by de tsjinst? Hja moast dan de lucht yn it oargel traapje oars hiene se yn tsjerke gjin muzyk! Mear as 55 jier hawwe se o sa nei ’t sin yn harren moaie hûs wenne, mar mei de jierren kamen der ek mear swierrichheden. En foaral nei in swiere astma-oanfal fan Rinse ha se besletten om yn 2009 te ferhúzjen nei Nij Dekama. Mei harren plakje dêr binne hja ek hiel tefreden, se wenje dêr moai. Sa fetten wy stadichoan it libben fan it echtpear Rodenhuis yn in pear siden gear. Al binne it de grutte lijnen en lang net alle ferhalen fan it lange wurksume libben. Foardat ik ôfskie naam en betanke foar it gesprek, sei frou Rodenhuis:” moast eefkes sjen yn dit keammerke.” Bliek der in alderaardichste hobby fan Rodenhuis in plakje te hawwen: miniaturen makke fan ôfbaarnde lusifershoutsjes: de Poarte yn Bears, de tsjerke fan Jellum, harren hûs yn Jellum; alles hiel presys op skaal neimakke. “Ik bin der no mei opholden, ik ha der gjin plak mear foar, we knutsjelje no hjir yn Nij Dekama, mei in klupke”. Nei dizze moaie útsmiter naam ik ôfskie en ik hoopje dat hja noch lang en tefreden op harren plakje yn Weidum bliuwe meie. Marineke vd Zijpp