D’UM

In lintsje foar Klaes Tilma

7 maaie 2013

Wizige op 29-11-2019, 10:07:56

In lintsje foar Klaes Tilma

Nei de lêste ferbouwing fan it doarpshûs set Klaes Tilma in punt achter syn foarsitterskip fan de Stichting Doarpshûs. Mear as tritich jier hat er aktyf west yn it bestjoer en troch de jierren hinne hat er der alles oan dien om it gebou in sintraal plakje yn it doarp te jaan. En dat is slagge. 'Troch Ienriedigens' stie earder op de muorre fan it doarpshûs, mar it nammebuordsje miste al in skoft fan de gevel. Mar doe’t yn de ôfrûne wike foar it iepeningsfeest de puntsjes fan de ferbouwing noch op de i setten waarden, stie it der wer. Net bûten, mar no fuort by it binnenkommen yn de hal, yn grutte letters boppe de kapstokken. Dy ienriedigens hat Klaes binnen it doarshûsbestjoer ek yn praktyk brocht. Hy hat der ûnder oaren foar soarge dat der in netwurk fan frijwilligers opsetten waard. Frijwilligers foar de bartsjinsten, it skjinmeitsjen, it klussen en fansels it ferbouwen. Meielkoar oan it wurk yn hieltyd wikseljende ploegen, dat soarget yndied foar ienriedigens. Klaes Tilma is berne yn Bears. It doarps- en ferieningslibben hat him altyd nei stien. Op syn fjirtjinde wie er al koördinator fan de majorettes fan it Weidumer korps. En dan spylje jo je yn de kiker. Doe’t Klaes yn 1980 mei syn frou Jellie yn Weidum kaam te wenjen, waard er troch doarpsman Johannes de Vries fuort foardroegen as foarsitter fan it doarpshûs. Om’t yn it doarpshûs safolle ferienings harren plakje fine, hie er rûnom kontakten. Sels wie er ek aktyf by ferskate ferienings. By de krystbalkommisje bygelyks en by it korps. En syn wurk as timmerman yn Weidum holp him ek by syn netwurk. It doarpshûs hat sûnt de oprjochting ferskate ferbouwings ûndergien. Klaes siet alle kearen as koördinator yn de boukommisje en wist út eigen rûnte wei wol frijwilligers te finen om dy grutte klussen foar in part sels te dwaan. Sa wie der foar deselde sinten folle mear mooglik. Klaes is gjin man fan de sosjale media. Ynternet en maile hat er gjin nocht oan en belje docht er leaver ek net. Klaes syn spesjaliteit wie neffens Inge Nijboer, it doarpshûsbestjoerslid dy’t him taspruts, syn hânskreaune brieven. Alle frijwilligers en ferienings dy’t yn it doarpshûs aktyf wiene krigen skema’s oer de gong fan saken, gebrûksoanwizings ensfh. op papier troch de bus. Lykas gebrûklik wie Klaes mei in ferlechje nei it doarpshûs helle. Dêr wie Boargemaster Johanneke Liemburg om him yn bywêzen fan famylje, kollega’s, freonen, kunde, fertsjintwurdigers fan ferienings ensfh. in lintsje op te spjeldzjen. It hie keninginne Beatrix behage om him lid te meitsjen fan de oarder fan Oranje Nassau. In man, dy’t yn de 33 jier dat er yn Weidum wenne, safolle foar it doarp betsjutten hat, dy’t ferskate bestjoerlike funksjes op him naam en sels ek altyd warber wie as frijwilliger by ferbouwings en oare klussen, hat dat fertsjinne.”It wie fuort al te merken dat Klaes dit feest net mei organisearre hie”, sei frou Liemburg. “It korps sette niiskrekt te betiid yn!” Klaes betanke nei’t er ûnderskieden wie earst syn frou en bern. Dy ha him al dy jierren gauris misse moatten troch it doarpshûs. Koart nei’t âldste soan Melle berne wie moast er alwer opdrave. De bern seine ek wolris: “Moat heit no alwer nei it doarpshûs. Mar se ha der sa te sjen neat fan oerholden”, sei Klaes. Syn frou Jellie hat him altyd ta stipe west en boppedat ferskate saken foar him regele. En hielendal lûke se harren noch net werom. De ferhier fan it doarpshûs sille se foarearst noch dwaan bliuwe. “Ik ha in soad leard fan it bestjoerswurk”, sei Klaes. “As broekje fan 24 jier siet ik mei guon notabelen op ’e tafel. En foar dy minsken moast ik as jong mantsje myn stânpunten dan mar ferdigenje. Mar ik ha in soad moaie dingen meimakke. En ek fertrietlike saken. Lykas de begraffenis fan Johannes de Vries yn it doarpshûs en koartlyn noch dy fan Gerrit Lageveen. Dat grypt je oan en dan wolle je de organisaasje sa goed mooglik foarelkoar ha”. Foarsitter is Klaes no net mear mar hy bliuwt grif noch wol aktyf yn it doarp. Dochs sil der no miskien wat mear tiid oerbliuwe foar it gesinslibben. Net allinne foar syn frou, soannen en skoandochters, mar benammen ek foar de fjouwer pakesizzers dy’t op dit feest fan de partij wiene. Betanke foar dyn grutte ynset troch de jierren hinne foar it doarp(shûs), Klaes. Janny Bottema.