D’UM

Kryst yn Weidum

24 desimber 2021

Wizige op 26-12-2021, 10:54:18

Kryst yn Weidum

Jûn organisearje tsjerklike mienskip Westerwert & Harmonie Weidum e.o. de jierlikse Krystjûntsjinst.
It wie hâlden en kearen om, mei it each op alle maatregels, dizze útstjoering te organisearjen mar mei tank oan in pear entûsjastelingen is it lykas foarich jier dóchs slagge om in moaie en muzikale tsjinst op te nimmen. 
De tsjinst set 21:30 útein.
De kollekte is foar basisûnderwiis fan flechtelingebern yn de needopfang yn Ljouwert:
Basisonderwijs Noodopvang vluchtelingenkinderen Leeuwarden
Maak een bedrag over op NL20 INGB 000 5594 523 t.n.v. M. Penning

 

It program:
Tsjerklike mienskip fan Westerwert-Nijkleaster tegearre mei muziekvereniging Harmonie Weidum

Foargonger: ds. Hinne Wagenaar
Koper-ensemble û.l.f. Ria Fennema
Mallet-band û.l.f. Johannes Terpstra
Bernekoar û.l.f. Petra Ottema
Dûbelkwartet û.l.f. Wiebe Kaspers
Technyk û.l.f. Patrick Kramer

1. Komt allen tezamen (Adeste fidelis) troch it koper-ensemble û.l.f. Ria Fennema
2. Wolkom troch ds. Hinne Wagenaar
3. De 4 kearsen fan ’e Advint wurde oanstutsen troch de bern fan it bernekoar
4. Slaan op ’e tromme (Sjoerd van der Veen) troch it bernekoar út ús doarpen û.l.f. Petra Ottema en Wiebe Kaspers
5. You're So Cool (Hans Zimmer, True Romance) troch de mallet-band û.l.f. Johannes Terpstra
6. Kryst-evangeelje út Lukas 2 troch Sepkje v.d. Vegt
7. Eer zij God in onze dagen troch it koper-ensemble û.l.f. Ria Fennema
8. Wees van harte welkom (Meldij: ‘Nu zijt wellekome’) troch it bernekoar út ús doarpen û.l.f. Petra Ottema en Wiebe Kaspers
9. Krystferhaal: De Ferhaleferteller fan de Kening troch Karin van Dijken. Tekst: Nico ter Linden, oersetting en bewurking: Hinne Wagenaar
10. Magnificat Troch it dûbelkwartet û.l.f. Wiebe Kaspers
11. Meditaasje troch ds. Hinne wagenaar
12. Stille nacht troch de mallet-band û.l.f. Johannes Terpstra
13. Gebeden yn 'e Krystnacht mei wurden, sang en muzyk en mei kearskes
14. KOLLEKTE
15. A Spanish Christmas Carol (Patrick Millstone) troch de mallet-band en it koper-ensemble
16. Tank, ôfsluting en seine

Mei mooglik makke troch Gemeente Leeuwarden en Doarpsbelang It Nut Weidum.