30 juny 2018
Wizige op 26-11-2019, 15:47:43
Ofrûne freed 29 juny namen Dokter Lukkes en frou Lukkes ôfskie fan harren kliïntêle; de jûn in krusing tusken in resepsje en in merkejûn wêr’t triennen rôlen, oantinkens ophelle waarden mar wêr’t benammen ek hiel hurd lake waard.
Omstreeks 19:15 stie Harmonie Weidum oan it begjin fan de Skildyk, dêr’t de reade loper begûn. Der kaam hoeden in holle om ‘e hoeke fan ‘e doar, it pear wist net krekt wat der barre soe. Eltsenien yn optocht nei it doarpshûs; dêr wie it te rêden. It wie it begjin fan in lange en emosjonele jûn. Luit Jan en Gisi stiene sawat twa oeren hannen te skodzjen mei eltsenien dy’t harren dach sizze woe. Oan de oprop fan it pear om gjin kado mar in bydrage foar de voedselbank te jaan waard manmachtich gehoar jûn.
Yn it sfearfolle Weidumer doarpshûs wie it in kommen en gean fan minsken, dielden jong en âld hapkes en sapkes rûn en spile ús hûsband HotStop de stjerren fan ‘e himel. Doe’t de ein fan de hantsjeskodders yn sicht kaam, waard oproppen om foaral noch eefkes te bliuwen, te dûnsjen, te praten en te genietsjen fan it optreden fan Feik & Tjits (Annemiek & Marineke). Hylarysk en sawat ûnmooglik om alle grappen hjirre oan jimme foar te lizzen, it duo wie wer hiel komysk. It gie fan de, mei in knypeach nei eventuele takomstplannen, Ontmaagdeneilannen nei it besef dat wy dokter no net mear mei 'dokter' oan hoege te sprekken. Dat sil noch wol eefkes wennen wêze…
Boppedat frege Tjits (of Feik, wa is wa ek wer?) har ôf oft dokter no miskien ris fertelle koe wat der dochs mei har buorfrou oan ‘e hân wie?
As ferassing wie regele dat sawol dochter Jasmin as Yldau (beide ferhindere) fia in skerm harren hearre lieten en in pear leave wurden seine. Gert Jan oerlange as foarsitter fan Doarpsbelang It Nut it ôfskienimmende pear út namme fan in hiele bulte Weidumer ferienings, stiftings en organisaasjes in spesjale sjek foar DOKpop: it alderearste wachtkeamerfestival fan ‘e wrâld, blommen wiene der foar Gisi.
Triennen rôlen je opnij oer de wangen wilens de speech fan dokter Lukkes sels: Serieus en grappich tagelyk. Boppedat helle hy ien fan de djiptepunten út syn karriêre op, de seal wie al stil mar waard nóch stiller; ,,Rients, do wiedest ien fan de oanstichters…” It die bliken dat it op in Froulju’s PC wol híel gesellich west wie, ûnder oare mei Rients, mar de oare deis siet de wachtkeamer wol wer fol mei kliïnten, Luit Jan wie fan betinken dat syn kater net by eltsenien ûngemurken bleaun wie..!
Gisi naam de mikrefoan oer en makke har moaie speech en dêrmei ek it offisjele part fan de jûn ôf mei in bysûndere kwote fan Nelson Mandela (yn it Frysk noch wol, mar dy koe ik no eefkes net fine):
“What counts in life is not the mere fact that we have lived. It is what difference we have made to the lives of others that will determine the significance of the life we lead.”
Ofskie nimme Gisi en Luit Jan fansels net écht; ,,Weidum is it doarp dat ús past as in jas,” sa seine se. Miskien, tochten wy, soe it noch wolris hiel aardich wêze kinne om Luit Jan in poadium te jaan wilens de Merke; hy hat, om it sa mar te sizzen, de lachers op zijn hand.
Nei’t der in grut applaus klonken hie, waard der noch omraak dûnse en sels de polonaise gie troch de seal
Tank
Fan dit plak ôf in wurd fan tank oan alle frijwilligers, bouwers, Gosse en syn personiel, alle helpende hantsjes, de muzikanten, technici, alle besikers, Eetcafé Jonker Sikke, Doarpshûs Weidum, de Weidumer ferienings, stiftings en organisaasjes, de ôfbrekkers, de oprommers, de poetsers en fansels ek eltsenien dy’t wy no ferjitte te neamen ; )
En Gisela en Luit Jan.., it alder- alderbêste tawinske!