Roekeloop 2009

25 oktober 2009

Roekeloop 2009

Roekeloop 2009 In prachtich moaie neisimmerdei, in rekord oantal dielnimmers en wer in protte persoanlike rekords. Dit is yn ien sin de 7e Roekeloop dy’t op snein 20 septimber hâlden is. En om mar daliks mei de doar yn ‘e hûs te fallen: ek dit jier betanket de Aktiviteitenkommisje Doarpshûs Weidum alle frijwilligers dy’t meiholpen ha. Klokkers, klaarovers, wedstrydsekretariaat, EHBO, minsken by de drinkposten, man fan it startskot, biezemfytser, barpersoniel ensfh. Jimme wienen der allegear wer en alle jierren kinne wy op jim rekkenje! De Kommisje hie sels in ekstra frijwilliger: Nick van Zutphen hat in protte oeren draaid foar syn maatskiplike staazje en koe op dy wize ús in soad wurk út hannen nimme. Mar no oer op it draven. We setten lyk as alle jierren út ein mei de jongste froulju. Sy sitte yn de groepen 3, 4 en 5 en drave ien rûntsje troch it doarp fan 620 meter. Marijke Dijkstra wie dit jier de snelste en lei 11 sekonden foar op Tineke de Boer. Dêr fuort achter kamen de oare famkes. By de jonges út dizze groep wienen Pierke Koopmans en Aebe Haima te sterk foar harren maten: as dúdlike nûmers ien en twa wienen se nei rom 2 minúten wer werom. Foar Aebe kaam de finishline krekt wat te betiid: hy koe Pierke krekt net mear ynhelje. Der wienen miskien wat minder famkes út de groepen 6, 7 en 8 mar de striid wie noch noait sa spannend! Twa rûntsjes (dus 1240 meter) troch it doarp docht lang net elkenien, mar de fjouwer froulju joegen der neat om. Janna Nynke v/d Berg rûn in solide race en finishte krekt ien tel earder as Anneboukje Haima. It fjoerwurk kaam by de jonges ek no wer fan Tjerk de Boer. Hy fleach syn twa rûntsjes troch Weidum en wie winnaar yn 4.42 minuten. Dit is de folsleine útslach: Famkes groep 3,4 en 5 1 Marijke Dijkstra 2.36 2 Tineke de Boer 2.47 3 Mees Sieperda 2.54 4 Lineke Fopma 2.58 5 Beitske Boersma 3.02 6 Feikje v/d Vegt 3.03 7 Pyke Kramer 3.09 8 Nynke Punter 3.14 9 Hester de Boer 3.19 10 Eline de Boer 3.23 10 Hilda Jaspers 3.23 12 Nathalie Huizinga 3.37 Jonges groep 3,4 en 5 1 Pierke Koopmans 2.20 2 Aebe Haaima 2.22 3 Jurran Sturms 2.32 4 Jelmer v/d Wey 2.54 5 Sytse v/d Vegt 2.57 6 Hylke de Boer 3.03 7 Harold de Boer 3.08 Famkes groep 6,7 en 8 1 Janna Nynke v/d Berg 5.12 2 Anneboukje Haaima 5.13 3 Wineke Brans 5.17 4 Julia Scheeper 6.09 Jonges groep 6,7 en 8 1 Tjerk de Boer 4.42 2 Siemen Bruinsma 4.46 3 Thomas Rouichi 5.15 4 Seeger Schuurmans 5.17 5 Remmelt Fopma 6.06 6 Sieger Jan Bosma 6.14 7 Tom Scheeper 6.15 Om 14.00 oere setten de sawat 100 atleten út ein foar de 3, 7, 12 of 16 kilometer: Op de 3 kilometer wie Wybrand Boersma lykas ferline jier oppermachtich. Sa’n sportman rint ek 7 of 12 kilometer mei twa fingers yn ’e noas tinkt de Kommisje! De 7 kilometer wie goed beset mei 28 atleten. Hjir wat mear spanning want winner Bart bij de Ley hie op de finishline in foarsprong fan mar in heale minút op de nûmer 2, Durk Polet. Op de 12 kilometer seagen wy in protte nij folk en dêr binne wy bliid mei! Mar de “âlde rôt yn it fak” Matthijs Lusthof wie de rapste yn rom 55 minuten. De earste frou wie knap tredde yn 1 oere en 1 minút. Op de 16 kilometer (10 Ingelske mijlen) wienen wy tige benijd oft Jort van Zutpen syn sterke staaltsje fan ferline jier werhelje soe! Want dit kear hie hy wier konkurrensje fan mannen as Jacob v/d Ley en Huib-Jan Imbens. Mar lokkich, der wie neat te rêden want de foarsprong by de finish wie sels noch mear as ien minút. De earste frou wie Liesbeth Andreae yn 1 oere en 15 minuten. Utslach 3 km 1 Wybrand Boersma 13.24 2 Yasmin de Groot 16.05 3 Joris Rutten 17.11 4 Wouter Bouma 18.10 5 Frank Imbens 21.52 5 Eva Imbens 21.52 Utslach 7 km 1 Bart Bij de Ley 30.34 2 Durk Polet 31.02 3 Jan Jepma 32.09 4 Bauke Siderius 32.43 5 Jorrit Laverman 34.32 6 Cor de Bakker 34.47 7 Jan Boersma 37.47 8 Melle Tilma 38.28 9 Gerrit de Vries 38.42 10 Susan Annen 39.10 11 Houkje Fopma 39.45 12 Marjolein Staal 39.48 13 Jan Atze Nicolai 41.06 14 Herman Hoekstra 41.10 15 Yde Kooistra 41.21 16 Freerk Bosma 41.35 17 Rutger Fopma 41.47 18 Jan Bosma 42.42 19 Elske de Wolff 43.41 20 Nants Schilstra 44.05 21 Arjanne Nijp 44.57 22 Luit Jan Lukkes 45.15 23 Johan Haven 46.17 24 Boukje Stienstra 46.24 24 Lyssa v/d Ende 46.24 26 Lisette Jansen 50.22 27 Berend Schreuder 54.23 28 Godfried Struikenkamp 99.99 Utslach 12 km 1 Matthijs Lusthof 0.55.20 2 Klaas Kempenaar 0.57.58 3 Iris Bouman 1.01.30 4 Wietse Jonker 1.01.36 5 Gerben Brouwer 1.01.47 6 Kristiaan Kaper 1.03.15 7 Nico Oostra 1.03.23 8 Wigle Anema 1.04.44 9 Teun v/d Mey 1.04.56 10 Willem Bijlsma 1.05.00 11 Jouke Andringa 1.05.19 12 Anja van Zutphen-de Vries 1.05.20 13 Gerda de Vries 1.05.22 14 Harm Postma 1.06.15 15 Femke de Jong 1.07.16 16 Wybrand de Graaf 1.07.34 17 Karin Danhof 1.07.42 18 Dick Lont 1.08.09 19 Bernadette Bijlsma 1.08.23 20 Klaas Duits 1.08.32 21 Matthijs Sturms 1.08.42 22 Anneke v/d Meer 1.09.40 22 Lina Pol 1.09.40 24 Gerald v/d Boom 1.09.43 25 Jesse Postma 1.14.41 26 Roderick de Kruyf 1.26.02 Utslach 16 km 1 Jort van Zutphen 1.02.18 2 Tjerk Bruinsma 1.03.28 3 Jacob v/d Ley 1.03.38 4 Huib-Jan Imbens 1.05.13 5 Ian van Zutphen 1.05.40 6 Tjerk Sake Castelein 1.10.35 7 Johan de Witte 1.12.33 8 Jan Lunshof 1.12.40 9 Martijn Otten 1.12.41 10 Klaas Dijkstra 1.12.48 11 Alle Sterk 1.13.30 12 Alex van Zurk 1.13.53 13 Gerrit Duits 1.15.21 14 Liesbeth Andreae 1.15.31 15 Koos Jacobsen 1.17.14 16 Gosse v.d. Ende 1.18.17 17 Aise Bouma 1.20.22 18 Geke Venema 1.21.40 19 Jan Remery 1.24.02 20 Wilma Hemstra 1.24.22 20 Olaf Kistenmacher 1.24.22 22 Tsjebbe de Vries 1.24.34 23 Rutger Fopma 1.25.02 24 Cor Kloostra 1.25.36 25 Frans Scheuneman 1.25.57 26 Cora v/d Haar 1.26.16 27 Nanning Orre 1.28.28 28 Sible van der Meer 1.29.42 29 Egbert Geelsma 1.36.58 30 Watze v/d Meer 1.43.51 Wy pikke no wol de rapsten derút, mar petsje ôf foar alle dielnimmers hear, want it docht der net ta oft je no 3 of 16 kilometer rinne, yn in heal oere of oardel, of as earste of as lêste oer de finish komme!! Der binne noch in protte foto’s te sjen op de folgjende websites: heroisme.web-log.nl hardlopenmettoli.blogspot.com De útslaggen fan alle trimlopen binne op de oare side te besjen. Takom jier is der wer in Roekeloop!! Aktiviteitenkommisje Doarpshûs Weidum.