Roekeloop 2016

30 oktober 2016

Wizige op 27-11-2019, 14:30:07

Roekeloop 2016

It waar yn septimber bruts alle rekords, mar krekt de sneins fan de Roekeloop soe it hurd waaie en reine. De organisaasje fan de draafwedstryd "Afsluitdijk Open" doarde it net oan en sette in dikke streep troch dizze unike loop.

De Roekeloopkommisje gong lykwols de sneintemoarns gewoan troch mei de tariedings en koe sa op dizze 4e septimber om 14.00 oere sa'n 90 atleten oan de startline wolkom hjitte.
Krekt as oare jierren soarge Eelke derfoar dat hiel Weidum it startskot hearre koe en it like derop dat de wolken boppe Weidum hjirtroch ek fan slach rekken: it eaze de earste minuten sadat alle dravers gjin droege tried mear om it liif hienen.

De measten fûnen de koartste ôfstân (2½ kilometer) wier te koart want mar 4 atleten hienen harren hjirfoar ynskreaun. Ald Weidumer Albert Tilma en soan Jimte kamen as earste op de Buorren werom. We sille takom jier sjen oft wy dizze ôfstân wat nije "swung" jaan kinne.

Wie Albert van der Ziel út Berltsum de ôfrûne 2 jier de rapste op de 7 kilometer, diskear seach hy Harold Brouwer út It Hearrenfean op 'e rêch en waard twadde op in minút efterstân. De earste Weidumer, Jorrit Laverman, kaam mar efkes letter oer de finish.
De 10 kilometer wie tige spannend fan ’t jier. Weidumer Steven Hemstra en Arjan Broer Feenstra út Grins rûnen in hiel ein gelyk op, mar Arjan Broer wie de twadde helte krekt noch in maatsje te grut. Steven wie wol dik 3 minuten rapper as ferline jier.
By de froulju wie wol in Weidumer de winner: Anja van Zutphen. Yn rom 45 minuten rûn se de prachtige rûte troch it Nijlân by de Swette lâns. Dat wie fuort in parkoersrekord!
Ek de nûmer 2 by de froulju kaam út Weidum: Wilma Hemstra.
Op de "10 Engelse mijlen" (16,1 kilometer) waard it parkoersrekord ek al ferbrutsen. It slagge Jort van Zutphen om hast 17 kilometer yn 't oere te draven en hy finishte dan ek rom ûnder it oere yn 57.31 minuten. Mar ek âld Weidumer Roelof Oostra wie hiel rap en seach op 'e Buorren de klok krekt oer it oere gean: 1.00.10.
Earste frou op dizze ôfstân wie ek al in noardlike topper: Immy Auck Kersbergen út Wommels. Sy ferbruts mei har 4e plak ek al it parkoersrecord.

Njonken al dy rappe atleten binne wy as organisaasje benammen grutsk op de dravers dy't it elk jier wer leuk fine om yn Weidum te draven. Bygelyks Ferry de Boer en Rutger Fopma út Bears, Nico Oostra út Weidum, Sible van der Meer út Wytgaard en Tsjerk Sake Castelein út Grou ha hast alle 14 edysjes fan de Roekeloop rûn! In prestaasje!
Ek grutsk binne wy op ús trouwe groep frijwilligers. Wy dogge al jierren, mar nea fergees, in berop op jimme!!

Lykas ferline jier hat Connie Oosterhof wer skitterende foto's makke. In pear binne ôfdrukt yn dizze Rûnkranter. Foar folle mear foto’s en de folsleine útslach, sjoch op www.roekeloop.nl.

Ut namme van de Roekeloopkommisje: Saco Hemstra.

Útslach Roekeloop 04-09-2016

           
               

2,5 kilometer

       

(ferfolch 10,0 kilometer)

   
               

Jimte Tilma

Mantgum

14.32

 

19

Benny Bijlsma

Marsum

52.21

Albert Tilma

Mantgum

14.34

 

20

Louis Sibma

Mantgum

52.31

Esther de Groot

Wirdum

14.50

 

21

Edo Eisma

Goutum

53.40

Kiki Yfke Kramer

Weidum

15.24

 

22

Bauke de Jong

Goutum

53.41

       

23

Wilma Hemstra

Weidum

55.42

       

24

Johan Zwerver

Goutum

56.12

7,0 kilometer

     

25

Karst Anema

Stiens

56.13

       

26

Francisco Oosterbaan

Goënga

56.14

Harold Brouwer

Heerenveen

28.55

 

27

Karin Bos

Groningen

57.07

Albert vd Ziel

Berlikum

28.59

 

28

Nico Oostra

Weidum

57.22

Kevin Damstra

Raard

30.42

 

29

Ferry de Boer

Bears

57.24

Jorrit Laverman

Weidum

31.24

 

30

Else de Vries

Veenhuizen

57.30

Dineke Dankert

St Annaparochie

34.36

 

31

Annemieke Knijnenburg

Huins

59.33

Edwin Bruinsma

Leeuwarden

34.51

 

32

Rense Zwerver

Leeuwarden

59.33

Charissa Zijlstra

Lekkum

36.21

 

33

Klaas Bouma

Baard

59.53

Pieter vd Bij

Jirnsum

36.26

 

34

Teun vd Meij

Tzum

1.01.20

Djurre vd Schaaf

Oentsjerk

39.55

 

35

Janny Fennema

Britsum

1.01.38

Sietske vd Leest

Heerenveen

40.50

 

36

Sible vd Meer

Wytgaard

1.01.56

Willem Bijlsma

Weidum

41.59

 

37

Afke Brandenburg

Wirdum

1.02.00

Roelie vd Ziel

Berlikum

42.05

 

38

Klaske vd West-de Boer

Joure

1.04.02

Thys Hofstra

Wytgaard

44.45

 

39

Lidwien Broenink

Joure

1.04.03

Appie de Vries

Broek

44.45

 

40

Meindert Roosjen

Leeuwarden

1.05.30

Tina Galema

Lollum

46.07

 

41

Harm Postma

Bitgum

1.05.30

Theo Runia

Leeuwarden

49.27

 

42

Tineke Dijkstra

Bitgum

1.09.49

Astrid Zijlstra

Lekkum

49.27

         

Sietske vd Bij

Jirnsum

52.34

         

Lies de Vries-Groen

Broek

52.34

   

16,1 kilometer

   

Reinder Sinnema

Leeuwarden

55.01

         

Audrey van Gelder

Leeuwarden

55.01

 

1

Jort van Zutphen

Weidum

57.31

       

2

Roelof Oostra

Mantgum

1.00.10

       

3

Erik Bouma

IJlst

1.01.40

10,0 kilometer

     

4

Immy Auck Kersbergen

Wommels

1.07.48

       

5

Ate Bijlsma

Garyp

1.10.07

Arjan Broer Feenstra

Groningen

37.29

 

6

Harry Oosterhuis

Stiens

1.11.06

Steven Hemstra

Weidum

38.00

 

7

Alle Jacob Bremer

Wiuwert

1.11.46

Richard Aalders

Nietap

39.10

 

8

Huib-Jan Imbens

Wirdum

1.13.41

Mike Hofstra

Sneek

39.57

 

9

Tsjerk-Sake Castelein

Grou

1.13.58

Lieuwe Palstra

Bolsward

41.06

 

10

Willem Biemolt

Utrecht

1.14.22

Andries Damstra

Raard

43.24

 

11

Aise Bouma

Kimswerd

1.14.58

Jacob Rienstra

Mantgum

43.57

 

12

Henk Reinderink

Bolsward

1.15.00

Robert vd Kaaden

Mantgum

44.35

 

13

Murk Postma

Nijland

1.18.16

Willem van Zutphen

Wirdum

44.47

 

14

Rob Weidema

Leeuwarden

1.18.50

Wibe Jan Elgersma

Harich

45.25

 

15

Melle Tilma

Wiuwert

1.22.51

Anja van Zutphen

Weidum

45.42

 

16

Johannes Dijkstra

Easterwierrum

1.22.51

Bart vd Leij

Gorredijk

45.44

 

17

Wytske Kok

Joure

1.24.30

Erwin Krikke

Leeuwarden

47.13

 

18

Robert de Groot

Wirdum

1.26.54

Ed Velderman

Gytsjerk

48.54

 

19

Wim Saaltink

Groningen

1.28.29

Mink Rogier

Leeuwarden

48.55

 

20

Gosse vd Ende

Britswerd

1.31.07

Tjipke Keuning

Wiuwert

49.40

 

21

Rutger Fopma

Bears

1.31.07

Otto de Boer

Leeuwarden

50.30

 

22

Gerben Brouwer

Sneek

1.31.18

Jan Feenstra

Oudega

50.45

 

23

Bouke Fennema

Britsum

1.34.02