30 oktober 2016
Wizige op 27-11-2019, 14:29:31
Doe’t de earste eksimplaren fan har spannende berneboek ‘Rôversguod’ by Janneke de Boer besoarge waarden wie se sa grutsk as in aap. Net allinne op har skriuwersdebút mar benammen op de titel dy’t har soan Peke sa moai opskreaun hie. Wat hie er dêr syn bêst op dien lykas op de oanhef boppe alle haadstikken!
Rôversguod is hielendal in projekt fan ferskate meiwurkers. Fansels, it ferhaal is betocht en skreaun troch Janneke, mar Vera Damhuis makke de yllustraasjes, Sanne Hiddema die de foarmjouwing, Eddy van der Noord fan Utjouwerij Louise wie de útjouwer en Peke skreau de titels!
Foar’t it boek op snein 28 augustus yn it Doarpshûs fan Weidum presintearre waard hie Janneke al in hiel proses trochmakke. “ Letter, at ik grut bin, wol ik in boek skriuwe”, sei se doe’t se in jier as 13 wie. Mar har earste ferhalen skreau se pas op har 18de as sneinsskoalleliedster foar it Krystfeest. Letter makke se in grizelferhaal foar it Halloweenfeest as liedster fan it Jeugdhonk yn Weidum.
Nei’t se oan it wurk rekke as aktiviteitebegeliedster yn de âldereinsoarch prakkesearre se earst net mear oer skriuwen. Jierren letter, nei de berte fan de bern (Peke fan 9 en Siske fan 6 jier) en har nije baan as kontentskriuwer foar de grutte boartersguodwinkel yn Wommels, krige se de guit wer te pakken. Se begûn as redaksjelid fan ús doarpskrante de Rûnkranter, wie letter meiwurkster fan it wykblêd De Skille en docht no skriuwwurk foar it ferhierbedriuw yn boumaterialen, Verno, dêr’t se op de marketingôfdieling sit.
As selsstannige nimt se ek opdrachten oan. Sa skriuwt se ûnder oaren foar de gemeente Ljouwerteradiel en de tydskriften Keats en Heit en Mem. Skriuwen is hjoeddedei sa’n bytsje har berop.
Doe’t har each foel op de mooglikheid foar in kursus ‘Skriuwe foar bern’ by Tresoar yn Ljouwert, joech Janneke har op. Lesjouwster en skriuwster Lida Dykstra, makke har weiwiis mei help fan skriuwopdrachten en it bekommintariearjen fan de resultaten. “ Dêr ha ik in soad fan leard ”, seit se. “ It joech my de moed om yn 2015 mei te dwaan oan in skriuwwedstriid, útskrean troch it Skriuwersboun, Omrop Fryslân en it Friesch Dagblad.”
En de winner wie… Janneke de Boer, mei it ferhaal Rjochtdei.
Rjochtdei waard ferfilme troch Omrop Fryslân. “ Dat wie bêst spannend ”, fertelt Janneke. “ Soe it sa spile wurde as ik it bedoeld hie? ” Mar it kaam hielendal goed. De akteurs, foar in grut part bekenden út Weidum, fielden Janneke goed oan en Fenna Bijlsma en Marijke Geertsma ha de haadrol ynteger ynfolle.
It folgjende projekt wie: meidwaan oan de Rely Jorritsma priis, in skriuwwedstriid dêr’t anonym foar ynstjoerd wurde kin. “ Sokke wedstriden binne in stok achter de doar ”, fynt Janneke. “ It wurk moat op ’e tiid klear. ” Se wûn gjin priis, mar it ferhaal, Rôversguod, lei der wol. “ Ik ha it opstjoerd nei in tal útjouwers en Utjouwerij Louise yn Grou reagearre posityf.” Fia Louise kaam Janneke yn ’e kunde mei yllustratrise Vera Damhuis en sels frege se har freondinne Sanne Hiddema (grafysk ûntwerper by BWH ûntwerpers yn Ljouwert) foar de foarmjouwing. “ Foar it boek ha ik my ynspirearje litten troch in wier bard ferhaal oer in famke, Gaby út Rome, dat thús alle dagen fûgels fuorre. De roeken beleannen har mei →
→ allegear lytse glinsterjende skatten dy’t se hjir en dêr opskarrele hiene. Dat gegeven en de bynamme foar de Weidumers, Weidumer Roeken, ynspirearren my foar it ferhaal oer Fekke, in iensum jonkje dat bûtenút wennet op Fjildster Utbuorren. Fekke mist syn ferstoarne mem o sa, lykas syn heit dy’t him hielendal yn syn wurk begraaft. Fekke ûntdekt dat ien fan de swarte roeken by him op it hiem prate kin en hy wurdt nijsgjirrich. Alhoewol’t Weidum en omkriten ynspiraasjeboarnen wiene, is it ferhaal folslein fiksje”, seit Janneke.
En doe lei Rôversguod begjin septimber yn de boekhannel. Moai op ‘e tiid foar de Berneboeketiid/Kinderboekenweek. Jacobus Quiryn Smink sei oer oer it boek: “ In ferhaal dat útpakt as in mearke.” ” In ferhaal foar de middenbou fan de basisskoalle, yes! ” skriuwt Tante Tjits op har blog www.tantetjits.nl, “Soe dy bysûndere freonskip tusken Fekke en de roek yn de takomst net noch in hiele bulte mear aventoeren opsmite? ”
Janneke is hikke en tein yn Weidum. Se fielt har tige belutsen by it doarp en is sadwaande tige aktyf, ûnder oaren foar it doarpshûs en fanfare Harmonie. Harmonie fiert alle jierren unike projekten út foar lyts en grut. En no is Rôversguod de oanlieding foar in bernefoarstelling. Regisseur Tjerk Kooistra makket it skript en docht de regy, dirigint Ria Fennema skriuwt de muzyk en Jan Tiede Bouma is de ferteller fan de muzikale poppefoarstelling. Klaes Tilma en Corina Punter en noch in tal oaren litte de poppen spylje. De muzyk wurdt útfierd troch it B-orkest fan Harmonie dat foar it grutste part út jeugd bestiet. Yn jannewaris 2017 wurdt Rôversguod fjouwer kear útfierd yn it Doarpshûs fan Weidum. By de foarstelling kinne heechút 70 bern mei/sûnder âlders oanskowe. As ien en oar goed útpakt giet it stik dêrnei de provinsje yn.
“ En, lizze der alwer nije projekten op steapel? ” is dan de fraach. “ Earst doch ik de kursus ‘Printeboeken skriuwe’, wer by Lida Dykstra ”, seit Janneke. “ En as ik dan in goed idee ha, soe ik it leafst net allinne de tekst, mar ek de yllustraasjes meitsje wolle. Probleem is dat ik fyn dat ik net tekenje kin. Dêr besykje ik wat op te finen. Troch no in protte berne- en printeboeken te lêzen komme je der achter wat allegear mooglik is. En Siske hat al oanjûn dat sy, lykas har grutte broer, dan ek in oandiel leverje wol. Dat is noch takomstmuzyk fansels”, laket Janneke. “Mar ik ha der sin oan.”
Janny Bottema.
Sjoch foar mear ynformaasje oer Rôversguod op www.itfryskeberneboek.nl en www.harmonieweidum.nl.