24 april 2009
Wizige op 10-11-2019, 15:48:39
Wat wie it noflik dat wy yn de Peaskedagen net hoegden te sms-en hoefolle peasaaien wy fûn en opiten hiene. It wie benammen dreech om dy prachtige, grutte en lytse sûkelade-aaien lizze te litten! Mar miskien soe in bytsje tafersjoch dochs sa slim noch net wêze, want mei dat betide moaie waar, kin de bikini ek hast wer oan en dan moatte dy ekstra kilo’s der fansels earst wer ôf. Dan mar trene foar de kuiertochten dy’t op kommendewei binne. Op 25 april de Lytse Doarpen Rintocht, mei start en finish yn Bears en op 10 maaie de Greidhoeke Kuiertocht. Foar dy lêste tocht moat earst noch nei Easterlittens fytst wurde om dêr te starten. Underweis allinne mar snobje fan bôle en fruit en dan rane dy peasaaikes der samar ôf. Bewege kin ek op in oare wize. It keatsseizoen begjint. (De aginda fan Nije Kriich út Weidum stiet yn de nije Rûnkranter.) Mar op tennisles yn Jellum en geregeld in baltsje slaan, helpt fansels ek. De maitiid is net allinne de moaiste tiid fan it jier om’t alles opnij groeit en bloeit en it waar ús wer nei bûten ta lûkt. It is ek de perioade fan de knyntsjedagen: Keninginnedei, de maaiefakânsje, it Himelfeart wykein en de Pinksterdagen. Dan is der grif tiid om ris efkes yn de tsjerke fan Bears te sjen. Dêr is op de kreake krekt in nij dokumintaasjesintrum iepene oer staten en stinzen. It bestjoer fan Uniastate sil dêr ek noch in edukatyf lesprogram by ûntwikkelje foar learlingen út it basis- en fuortset ûnderwiis. De frijwilligers krije it aanst noch drok mei ekskurzjes. Mar dat bart miskien ek al earder, want tusken 8 maaie en 30 augustus is yn it tsjerkemuseum in tentoanstelling oer kantklossen te sjen mei demonstraasjes op de woansdeis. De Rûnkranter fan april stiet fol mei aktiviteiten en nijsgjirrige artikels. Guon dêrfan steane ek op dizze side by Rûnkranter. It folgjende nûmer komt út op 27 juny. Kopij graach ynleverje foar 6 juny. Gesellige knyntsjedagen tawinske!