17 juny 2018
Wizige op 26-11-2019, 15:51:03
Dêr steane we dan, stipt 16:00 by de bushalte tsjinoer de Bistro. It is suver spannend, soe der echt in bus regele wêze, nee toch? Mar ja, it is dochs echt sa. Der komt in moaie âlde bus oanriden, mar hy lit ús stean… Dizze bus sit nammentlik al grôtfol Weidumers, op reis nei It Wiel.
Net folle letter wurde wy oppikt, wat moai útkomt; buorfrou kin noch krekt in jaske fan hûs helje. Framci as konduktrise is hilarysk goed en bliuwt eltse sekonde yn har rol. By Simon en Inge foar, dûke wy ûnder de banken, wat in wille, it liket hast wol matinee. Klaas P. dielt yntusken alle koptelefoans út, tsjek-tsjek-dûbeldtsjek; de nije kuiertocht kin begjinne!
Op It Wiel komme wy it ien en oar te witten oer de skiednis, mei tank ek oan de herinnerings fan Klaes T. en Andrys, dy’t beide (in part) fan harren jeugd op It Wiel trochbrocht hawwe. Andrys fertelt oer de tobbe, mei wetter dat dielt wurde moast troch alle bern fan it gesin, de pofbroeken, oer it waarme (fabryks-) wetter dêr’t men op It Wiel nea in tekoart oan hie. Oer de fûgelnêsten (en aaien) op ‘e dakken en it keatsen wat men dêr o sa graach die. Mei kalk waard it fjild tekene en oan koe it gean. De basis fan it spul waard hjirre lein, ek foar de lettere PC Kening (en Wielster) Durk Talsma. Adrys slút ôf mei in oansprekkend gedicht wat de harkers rekket.
Mei de koptelefoan op in slach it fabryk om, Arnold nimt de mikrefoan oer en fertelt oer hoe’t it fabryk der earder by stien hat, doe’t hy en Mariska oan dit aventoer begûnen. In muzykstudio, oefenromte, stukadoor, timmerman, reklamebedriuw, showroom, ferskate bou- of klusbedriuwen en de eardere arbeiders- en direkteurswente; oer alles hat Arnold in praatsje klear. En mei’t de bus noch krekt net by de halte stiet, kin ek it ferhaal achter it hûs fan Geert & Framci, it eardere hûs fan Nauta (no Tineke en Jurjen) en de doedestiids lytse arbeiderswenten oan de kant fan Weidum fertelt wurde. Klaes hellet eefkes oan hoe lyts pikeboer Boersma earder wie, mar ek foaral hokfoar pracht bedriuw der tsjinwurdich stiet. Eartiids wie der wol wat argewaasje oer de geur dy’t de piken mei har meibrochten en hjoed-de-dei sille de Wielsters ek wolris in aparte rook yn ‘e noas hawwe, mar sa’t Framci seit: ,,Ja, het ruikt wel wat. Maar als je weet dat Jarich en Marineke daar wonen, dan stinkt het al drie keer minder.”
Lykas as de foarige kuier, is de edysje fan 2018 opnij tige nijsgjirrich. It seit genôch dat ek de bern dy’t mei binne mei oandacht oan it harkjen binne. De bus hellet ús op en leveret ús ôf by it Weidumer doarpshûs dêr’t it bier kâld stiet en it fleis waarm is.
Op it smûke terrein is der muzyk, lekker iten, kâld drinken, wurd der bypraat, drukke se hantsjes, slane se spikers, tinke se om inoar en hearre wy, boppe-al, by elkoar. Mei de SimmerBBQ betanket Stichting Doarpshûs Weidum net inkeld har frijwilligers én har brûkers mar wol ek de belutsenens en ynset fan de ynwenners fan Weidumers stimulearje: Mei elkoar soargje wy foar in leefber, libjend doarp.
‘Troch ienridigens’ stiet te lêzen op de earste stien, dy’t noch altyd in eareplakje hat yn de hal fan ús doarpshûs. It moaie fan dy ‘ienridigens’; in gloednije ynwenner fan ús doarp seit: ,,Yn Ljouwert hawwe se der dit jier de mûle fol fan, mienskip. Mar dit hjirre, dit is pas echt in mienskip.”
Mei tank oan de moaie en ynteressante praatsjes fan ûnder oare Andrys, Arnold en Klaes, de help fan Gosse, it lekkere iten fan Roelof (’s Catering), de hannen fan ferskate frijwilligers, de technyk fan Klaas, de muzyk fan Bert en it entûsjasme fan de Jubel Kommisje.
(Foto's: U.o. Annemieke Dorant & Marco Meester)