D’UM

Wat dochsto no? Ant Haima

18 july 2012

Wat dochsto no? Ant Haima

Bêste Weidummers, Us heit is Aebe Haima, ús mem is Pytsje Faber en ik bin Ant, harren aldste dochter. Ik bin berne op 7 oktober 1955 in Grins. Doe’t ik ien jier âld wie, kaam ik yn Weidum te wenje yn it doktershûs. Al gau kamen der noch fjouwer lytse Haima’s by, dy’t ús heit sels helle hat. Weidum wie doe in hiel lyts doarp. Ik wit noch dat de haven neist ús hûs droechlein waard, om’t ik yn de blauwe drek fallen bin doe’t se dêr mei dwaande wiene. Ik siet der al oant myn mul ta yn en as Jan Suierveld my der doe net úthelle hie, dan hie ik no dit stikje net skriuwe kinnen. Ik hearde ek by de earste lichting bern, dy’t nei de beukerskoalle ta gong. Dy wie yn ’e konsistoarje oan de Lytse Buorren. Op myn tsiende gong ik fan de legere skoalle yn Bears nei de Hofskoalle yn Ljouwert. Dêr fûnen se my mar in boeretryn mei myn breiden maillots mei stoppen op ’e knibbels, wylst ik yn Weidum de bynamme ‘professor’ krige. Ik koe my yn beide kwalifikaasjes net echt fine en bin nei de middelbare skoalle de ‘wide’ wrâld yn lutsen op syk nei mysels en nijsgjirrich nei oare minsken en oare lannen. Underweis kaam ik in Italjaan tsjin, dy’t meigong nei Fryslân. Hy wie ien fan de earste bûtenlanners yn (doe noch) Baarderadiel. Carlo en ik binne tegearre nei Grins ta gien. Hy iepene dêr in pizzaria en ik studearre Frânsk, mei Italjaansk as byfak, dat lei yn ’e reden. Us bern binne ek yn Grins berne. De âldste, Aebe, is no 27. De jongste is 23 en hjit Jacob. Harren achternamme is Italjaansk, Ferilli; fan beide kanten wat, dat wie de ôfspraak. Doe’t ik de stúdzje klear hie en Carlo syn nocht hie fan de pizzaria, hawwe we de boel ferkocht en binne nei Amsterdam ta gien. Ik joech hjir yn it begjin Frânske les en Carlo hat him op de Italjaanske klean stoarten. Hjoed-de-dei wurkje der sa’n 40 minsken foar him. Aebe is ûnderwilens ek foar himsels begûn en Jacob is yn july klear mei de “New Business School”. As hy wol kin hy ek yn de saak oan it wurk. En wat mysels oanbelanget? Sa’n tweintich jier lyn binne wy skieden en de bern binne al in skoftke de doar út. Wat oerein stean bliuwt is myn nijsgjirrigens. Dy wurdt mei de jierren allinne mar grutter. Yn 2004 ha ik dêr myn berop fan makke. Ik bin no freelance radiomakker foar de NTR, mar ek foar Omrop Fryslân en mei fan alles en noch wat útsykje. Op dit punt (?) kom ik werom by jim, Weidumers, want yn de kranteknipsels fan it doarpsargyf kaam ik de namme Hanso Hendricus Schotanus a Steringa Idzerda tsjin, berne yn itselde doktershûs, dwaande mei de radio. Dat prikele my fansels. We (myn Hilversumse kollega en ik) hawwe al in dokumintêre oer him makke foar de Omrop en binne no, mei stipe fan it Mediafûns, oan ’e gong mei in harkspul, dan kinne jim harkje nei wat dizze kleurrike Weidumer út 1885 yn syn libben meimakke hat. Sa......de sirkel is no rûn. It iennige dat ik noch sizze wol is dat Weidum, en foaral dat âlde doktershûs, altyd in dierber plakje bliuwe sil, wêr’t ik ek gean of stean. Amsterdam, 21 juni 2012