Wat dochsto no?

Wizige op 18-11-2015, 11:51:57

Wat dochsto no?

Bêste Weidummers, Ik bin Brant Miedema. Ik ha 19 jier op de Strûken nûmer 1 yn Weidum wenne. Hjoeddedei wenje ik tegearre mei myn frou Botsje en har fjouwer bern yn Balk. En sa sieten der okkerdeis fjouwer froulju by ús op it terras en dat blieken Weidummers te wêzen. Fansels wie ik nijsgjirrich nei it wolwêzen fan elk en de famylje en soksoarte fan saken en al gau kaam it gesprek op de doarpskrante. Oft ik dêr wol in stikje foar skriuwe woe. Dus sadwaande hjir myn bydrage. Om no myn hiele libbensferhaal op te skriuwen is gau klear mar nei’t ik achter de kompjûter sitten gie, kamen by my in protte oantinkens boppedriuwen út de tiid dy’t ik yn Weidum trochbrocht ha. Miskien foar een protte minsken wol aardich om een pear fan myn oantinkens te dielen. Lit ik begjinne mei dat ik noch altyd mei in soad wille weromsjoch op dy tiid; ik ha fansels myn hiele jeugd yn en om Weidum trochbrocht. It keatsen wie de belangrykste sport yn Weidum en ek foar my. Tegearre mei Jaap Oostra bin ik hiel Fryslân trochreizge. Myn earste jier dat ik op keatsen siet wit ik noch goed: de slotwedstriid mei de útrikking fan de jierprizen. Ik mocht dy deis mei Pier Koopmans en Jan Punter keatse en dat wie in ear foar in jonkje fan acht jier. In pleister op de knibbel, it Feyenoordpetsje op en foar minst bûten it perk. En we wûnen de krânse, myn allerearste, en ek mei de kompetysje hie ik de tredde priis. Wat in topdei en wat een moai begjin fan myn keatslibben. Ik haw een soad te tankjen oan dokter Haaima, Durk Talsma en letter ek oan de Punters (Durk en Wietse), mar benammen dochs oan dokter Haaima. Hy helle my fan hûs, waar of gjin waar, der moast keatst wurde. Baltsje driuwe oeren en oeren efterelkoar. Durk Talsma en dokter Haaima stienen foar myn gefoel wol in oere hin en wer te slaan sûnder dat de bal op ’e grûn kaam. Wat in geweldenaren. Dat keatsen belangryk foar dizze mannen wie die ek wol bliken, want op in moandeitejûn keatsten wy foar de doarpekompetysje tsjin Reduzum en op 5 – 5 sleepte ik mei it bil troch in kalkpypke dat op ’e grûn lei, noch fan de merke. In jaaps yn ’t bil en gau nei dokter ta en hechtingen deryn. Mar de sneons moasten we wer nei Den Helder ta te keatsen. Moarns noch nei dokter en in goed ferbân der om en doe koe it wol wer wurde. Mar hie ik wat mei foutbaljen oprûn, dan wie it: rêst en gean fan dy rotsport ôf want se skoppe dy de bonken stikken. It jier 1982 wie in topjier foar ús as jonges. Mei Jaap en Jan Heida en Jan Rodenhuis hawwe wy in geweldich soad prizen wûn. In hichtepunt wie de ‘Bond’ yn Bitgum. Dêr ferlearen we de heale finale hiel sneu mei 5 - 4 en 6 gelyk tsjin Reduzum. We hawwe ús doe net sa netsjes gedroegen nei de wedstriid. Lit ik it sa sizze: de klaaikeamer moast it ûntjilde. Ja, wy wienen ek net de rêstichste mannen fan it fjild. As wy op it fjild stienen dan barde der ek wat. Yn itselde jier hienen we ek sukses op de Freule, ik wit it noch klear. Wat een rot lot. De earste omloop wie tsjin Menaam en dat pertoer wie gelykweardich oan ús. Lokkich hie Lykle Bleekveld in pear dagen oan de skiterij west en we pakten se mei 5 – 2. Der lei een moaie dei foar ús, want oant de heale finale soene we gjin swiere tsjinstanners mear krije. Mar ja, op de Freule bart altyd wat en ja hear, de tredde omloop tsjin Mantgum gie it hast mis: 4 – 2 achter. Doe sei Piet Oostra (heit en coach) ik wit net wat jim wolle mar begjin no mar ris te keatsen. En we krigen de gong te pakken en sieten yn de prizen. Doe wiene we net te hâlden. Yn de heale finale pakten we Frentsjer yn mei 5 – 0: wat een partij. Heal Weidum lâns de line en elk tocht, no sil it barre want Reduzum keatste hiel muoisum. Se hellen op haren en snaren de finale. No de ferwachtings wiene heech spand foar dy finale mar binnen in poep en in skeet sieten we wer yn de klaaikeamer mei 5 – 0 oan de kont. Mar toch in moai twadde plakje. Wat we wol mist hawwe is it feestje yn Reduzum want troch rúzjes oer wa’t wol of net meidwaan mocht, hat dêr noait in hulging west. Ek net yn Weidum spitigernôch. Sa dat wie in hiel petear oer it keatsen en dêr soe ik noch wol efkes oer trochgean kinne mar ik haw noch safolle oars bellibbe, eins tefolle om hjir op te skriuwen. Nim no de merke. Wat wie dat altyd wer in feest. Op tiisdei nei De Feanhoop foarmerke en de woansdeis en de tongersdeis feest. Nei it matinee, ite by Sjouke de Groot yn de skuorre. Moarns healwei achten begong it keatsen al, oars kaam der gjin ein oan. De perken leine fan de boarterstún oant de kikkertfeart en wat wiene der in minsken, geweldich. En dan dy âldjiersjûn dat we buorman Djoke List syn hûs hielendal sloopt hawwe. Dat wie net sa netsjes mar it krot stie al salang leech! Djoke en Aant List, twa geweldige mannen, dy’t alles foar it doarp dienen. Aaisykjen haw ik fan buorman Djoke leard, oant ik allinne op paad gong en op de reed nei De Vries een kânske seach. Ik moast oer de feart hinne mar koe dat net rêde. Lokkich lei der in fyts. Dy ha ik oer de feart hinne lein en sa kaam ik oan de oare kant. Ik fûn in aai mar jûns kaam buorman lâns: oft ik ek wist wat der mei syn fyts bard wie want alles wie wiet oant syn rydbewiis ta. Oe, wat wie dy man lulk, jierren letter koene we der om laitsje. Dan komme we sa njonkenlytsen by wer’t ik it no ek wer drok mei ha: de horeka. Myn learskoalle wie by Wielinga yn Bistro De Vijf Sinnen. Wat in moaie tiid wie dat mei Smokie yn de keuken en Frank Vellinga by de ôfwask. Letter kaam Jan Bossema yn de keuken. Wat ha we dêr ek in prachtige tiid hân, it wie altyd feest mei Wiellinga en hy ferstie syn fak. No sille jim tinke, wie alles no prachtich? Nee, der binne ek minder leuke dingen bard en dan neam ik yn myn tiid ien heftich foarfal. Sjouke Monsma ferûngelokke yn Wytgaard. Wat in skok foar it hiele doarp en benammen foar syn neiste famylje fansels. Soks bliuwt je je hiele libben by. Mar fierder minsken haw ik een prachtige jeugd hân. We dienen fan alles. Bygelyks mei Andries, Durk en Jan nei Cambuur op de tribune of fuotbalje tsjin Jorwert. Polsstok springe oer de kikkertfeart, hutten bouwe yn de struken, reedride op de iisbaan by de mûne en neam mar op. En doe sette ús heit it hûs te keap. Dêr koenen Arjen en ik mar min oan wenne en yn it begjin hellen wy it buordsje fan ‘Te Keap’ der yn it wykein ek ôf. Heit en mem wiene dan mei de boat fuort, dus gjin keapers om ’e doar. Afijn it hûs waard dochs ferkocht en we gongen nei Akkrum ta en ik moast yn tsjinst. Nei myn tjinsttiid bin ik yn de horeka gien by Germ Koldyk yn Vollenhove. Nei hiel wat omswalkjen en hobbels wenje ik no yn Balk. Hjir haw ik tegearre mei myn frou Botsje oardel jier lyn een horekasaak oernaam. In leuk restaurant oan de Luts en dêr binne wy bysûnder grutsk op. Ik ha trije bern (Tjalling, Anke en Jochem) en Botsje hat fjouwer (Titia, Wilco, Feike en Eline) dus een tige gesellich gesin. We kinne allegearre goed meielkoar en dat is in stik rykdom. Sa as ik al yn myn iepeningswurd sei, wenje de fjouwer bern fan Botsje by ús en myn trijetal wennet by harren mem yn Ysbrechtum. It komt in inkele kear foar dat wy ris troch Weidum ride as wy op trochreis binne en dan fertel ik altyd in ferhaaltsje oer froeger. Dat seit genôch oer wat foar plakje Weidum by my ynnimt. Wy winskje jim alle goeds ta yn de takomst en binne jim yn Balk, kom gerêst ris del om in bakje of een lekker miel iten (Bij de Luts eten en drinken) Groetnis, Brant en Botsje Miedema en bern.

« werom