15 febrewaris 2019
Wizige op 27-11-2019, 13:01:11
Ferslach jiergearkomste Pleatslik Nut 30 novimber 2017
1. Iepenje en feststelle wurklist.
Nei de jiergearkomste fan de enerzjykoöperaasje iepent Gert-Jan om 19:45 de gearkomste fan it Pleatslik Nut. Steven kin der hjoed net by wêze yn ferbân mei in oare gearkomste.
2. Oantekens jiergearkomste fan 14 nov 2016.
Franci lêst it feslach fan de jiergearkomste van 14 november 2016 foar.
Auke Flapper merkt op dat de bank by de kanohaven prima is, mar dat it platfoarm derom hinne stikken is. Neffens Andries de Jong rêdt Jurjen him mei “It Rodenhuis-bankje”. Jaap Beetsma jout noch oan dat it plaatsje fan it bankje mist.
Fan de nije beammen dy’t op de Hanialeane pleatst binne, leit der ien om. Dat hat ús oandacht en we ha dêroer kontakt mei de gemeente. Douwina Meester hat de gemeente ek al op’e hichte brocht.
6. Jierferslach Pleatslik Nut Weidum fan de skriuwer.
No’t Franci dochs oan it foarlêzen is, geane we fuort troch mei punt 6 fan de wurklist. Franci lêst it jierferslach foar.
- Auke jout oan dat it Bijeflinterlint by Weidum in “drama” is en de frachtauto’s der trochhinne ride. Franci leit út dat it gêrs net heger groeit as it Bijenflinterlint en der yn Weidum mar 2 lytse stikjes ynsiede binne. Yn de omjouwing binne folle gruttere stikken ynsiede. Auke fynt it in mar in oanfluiting. Sjoerd neamt it in nij fenomeen en der sil earst ûnderfining opdien wurde moatte. Sa kinne je de planten ek it beste “kopje” nei it seizoen. Franci jout oan dat der yn de nije gemeente ek in soad oantinken foar is. De bijestân is behoarlik oantasten. Foarhinne wienen der genôch lannen mei blommen, dat is net mear sa. Dat de bijen no oerlibje moatte trochdat wy de bermen ynsiedzje is fansels wol hiel triest. Mar dit burgerinitiatief om mear blommen te krijen is fansels in moaie earste stap. It wie in pilot yn de gemeente Littenseradiel en der wurdt no sjoen oft der mear grutte stikken ynsiede wurde kinne. Franci hopet dat Auke oar jier wol entûsjast is!
- Der sil in AED-opfriskursus jûn wurde yn Weidum.
- De finansiering foar de nije boarterstún is al foar in grut diel rûn. We wolle de boarterstún eins foar de Bangmapartij oanpakke. It sân giet der út en der komt gers yn. Andries: se binne net wiis!
4. Jierferslach ponghâlder / kaskommisje
Franci nimt it finansjeel jierferslach mei de oanwêzigen troch.
Omt de AED brûkt is, ha we der € 150,- kosten oan makke. Nei elts gebrûk moat de
AED wer neisjeon wurde. Yn 2018 komt der in organisaasje dy’t úsiket oft sokke kosten te ferheljen binne.
Der is subsydzje foar de knutselklub. De knutselklub bestiet net mear. Oar jier wurde we net mear op de subsydzjes ôfrekkenne, dus we ha it ek foar dit jier mar wer oanfrege.
Jaap freget in applaus foar de ponghâlder!
Anton en Tjaarda ha as kaskommisje nei it ferslach sjoen. Anton wurdt betanke foar twa jier kaskommisjelid. Tjebbe nimt sit yn de kaskommisje.
We lizze noch út dat der fanôf 2019 ien subsydzje foar it doarp wêze sil. It kommende jier (2018) wurdt de subsydzje noch 1 op 1 oernaam troch de gemeente Ljouwert en dus útkeard oan de ferienings. Dêrnei sil it doapsbudzjet fia it Nut rinne. Foar guon ferienings is dit in hiele feroaring. De keatsklub hat bygelyks it fjild yn eigendom. Dat kinne se net by de gemeente Ljouwert. It is dan ek noch ûnwis hoe dat fierder komt. Dat jildt ek foar de boarterstún. Dizze leit ek net op gemeentegrûn.
Ytsje Tolsma freget oft it âld papier noch troch de gymnastiekferiening ophelle wurde mei. Gert-Jan jout oan dat dit it gefal is.
We sille foar 1 juny 2018 de subsydzje foar 2019 oanfreegje moatte.
Johan de Boer jout noch oan dat der yn de gemeente Ljouwert ek hûnebelasting betelle wurde moat. Loeske Ploegh hat yn de Skille lêzen dat der dan ek hûnpoepbakken komme sille.
7. Ferkiezing nij bestjoerslid.
Ôftredend is Sjoerd Swierstra. Sjoerd is it langstsittende bestjoerslid. Hy hat in protte foar it Nut betsjutten. Hy wie boppe al it lústerjende ear yn it doarp. In praktyske man, dy’t trochpakte. Sels joech er it lêste jier oan net mear hielendal mei te kinnen yn it nije bestjoer. Meinammen troch de whatsapp groep fielde er em soms wat bûten de groep. Sjoerd wurdt tige tige tank sein foar it wêzen fan besjoerslid en kriget in moai boek. Sjoerd jout oan it in lust te finen om yn in doarp mei sokke minsken te arbeidzjen. Hy sjocht mei in goed gefoel werom op al dy jierren. It is in hiele opluchting dat er sels syn opfolger fûn hat. It bestjoer draacht dan ek graach Sijtse-Auke Flapper foar om nij lid te wurden. Dit wurdt mei in grut applaus ûntfongen. Sijtse-Auke is der spitigernôch sels net om dit yn ûntfangst te nimmen.
7. Wat fierder oan de oarder komt/Rûnfraach
Luit-Jan Lukkes jout oan dat der in fryske jûn plakfine sil yn Amsterdam. Muzikanten kinne har derfoar opjaan en hy ropt eltsenien op om fia www.iconsofpop.nl te stimmen op Tribute to Adele.
SKOFT
Nei it skoft wie der oandacht foar it tema feiligens. Wykagint Trinus Hoekstra hat de oanwêzigen ferteld oer ynbraakprevinsje. Wy binne in protte wizer wurden. Sa ferjitte we nea wer de “Bulgaarse metoade” en sil der ynkoarten hjir en dêr fêst hing- en slútwurk út 1911 ferfongen wurde. Ek wie der omtinken foar de WhatsApp Buertprevinsje. In WhatsApp groep wêryn doarpsgenoaten inoar op’e hichte bringe kinne fan fertochte saken.
Nei in nuttige jûn slút Gert-Jan de jiergearkomste en winsket elts wol thus. Wa’t wol kriget noch in drankje oanbean.