9 juny 2024
Wizige op 05-07-2024, 18:24:21
(Ut de Rûnkranter fan oktober 2009. Frou Flapper is ferstoarn yn jannewaris 2011)
Ikoan diskear is frou Jeltsje Flapper-Venema. Sa’t se sels seit “geastlik noch goed yn oarder, mar lichaamlik wurdt it wol bot minder.” Dat is der foarich jier net better op wurden doe’t se de knibbel bruts en wiken lang yn it sikehûs lei en revalidearje moast. “En ik woe sa graach wer nei Weidum ta!” Ik, Saco Hemstra, ha in petear mei har hân op tiisdei 13 july.
Frou Flapper, de earste fraach ha ik sels al beäntwurde: jo bertedatum. Dy is 3 juny 1917. Jo en frou De Groot (“beppe Jet”) binne sawat like âld.
Ja, dat is sa, sy is in bytsje âlder. Ik bin berne yn Goutum, op ’e Hounsdyk. De pleats stiet der no noch, mar der wurdt net mear op buorke. Myn jongste broer hat der noch jierren wenne.
Hoe seach it gesin derút?
Ik wie it tredde bern, ik hie noch twa âldere bruorren, Anne en Theun, en noch in jonger broerke, Ealse. Us mem is net hiel âld wurden. Se wie net sa sterk, en dat is der ek net better op wurden nei de brân.
Brân?
Ja, yn de simmer fan 1920 is de pleats ôfbaarnd troch heabroei. Mar ik wit der hast neat mear fan want ik wie doe noch mar trije. Mar it wie ferskriklik! Kinst eins wol sizze dat ús mem der net hielendal wer boppenop kaam is.
Frij fan kealleboarnen dus mei al dy jonges!
Ja, mar ik moast yn it foarein wol meihelpe hear, want dan koe de faam fuort! Wy hienen it net sa rom thús. Nei de legere skoalle ha ik yn Stiens op de lânbou-húshâld-kursus sitten en tagelyk nei Ljouwert nei de moade-fakskoalle. Dat wie in hiel drokke tiid, ik ha doe ek in skoft oerspand west. Ik mocht doe ek lesjaan, mar dat kaam der net fan, troch de oarloch.
Jo mochten dus trochleare fan heit en mem?
Ja, dat wie yn dy tiid wol bysûnder. Mar heit en mem wienen op harren wize wol modern. En ús heit wie och sa sosjaal. Ik wit noch dat wy alle jierren in nije doarmatte krigen en ús heit joech dan de âlde matte oan in gesin yn Goutum dy’t hielendal neat hienen.
Ik ha ek in protte mei ús heit it fjild yn west. Hy wist sa’n protte oer de blommen en fûgels te fertellen, in echte fjildman wie hy.
Jo wienen doe in “tiener”, de disko wie noch net útfûn, mar wat diene jo dan op sneon- of sneintejûn?
Oh, wy gongen te dûnsjen yn Ljouwert. Wol om tsien oere wer thús wêze fansels! Der wie dan “Boerebal” by Sipke Castelein yn hotel Spoorzicht yn Ljouwert. Ja, ik ha it libben goed meinaam hear!
Paste dat wat, de Stedsjers en it Boerefolk?
Ja, mar ik mocht fan heit net mei in jonge út de stêd thúskomme! Dat moast fansels in boeresoan wêze. Dat ha ik ek dien, want ik krige ferkearing mei in jonge út it Stienser-Aldlân, Sytse Flapper.
En doe waard it oarloch. Ha jim dêr in soad fan meikrigen?
Yn it begjin net, mar al gau moasten myn âldste broer Anne en Sytse yn tsjinst. Dat wie in hiel spannende tiid. Sytse siet by in brêge by Nieuw-Amsterdam yn Drinte. Doe’t de besetting in feit wie waard de ferlofregeling ynlutsen en seach ik Sytse net mear. Wy wisten net iens mear oft myn broer en Sytse noch yn libben wienen!
Letter hearden wy dat Sytse mei oaren nei Den Helder flechte wienen. Ik woe perfoarst nei him ta en mei in freondinne fan my binne wy nei Den Helder gongen. Werom wie wol in toer, want de soldaten gongen yn frachtauto’s nei Ljouwert ta en wy mochten net mei. Dat ha we letter wol oprêden. Op de Ofslútdyk wie it ferskriklik! Oeral leinen krúskes mei helmen, it teken dat der in protte soldaten sneuvele wienen.
Binne jim nei de oarloch troud?
Nee, wy binne troud yn maaie 1941. Wy koenen doe in boerespultsje hiere oan de Dokkumer Ie, yn Bartlehiem.
Dat wie net in grutte brulloft tink, mei it each op de oarlochstiid?
Nee, der wie neat te krijen. Wy binne yn in koetske nei it gemeentehûs op de Skrâns yn Ljouwert riden en dêr binne wy troud. Der wie fierder gjin drokte, de buorlju kamen jûns lâns. (Saco: de tekst op de troukaart seach der sa út:)
En doe kamen al gau de lytse Flapperkes?
Auke wie de earste, hy is op Bartlehiem berne op 23 july 1942.
Dêrnei krigen wy te hearen dat yn Weidum in boerespul frij kaam. Dêr buorke doe de famylje Gerbens, mar de boer wie siik wurden. Omdat yn Bartlehiem gjin droech brea te fertsjinjen wie ha we dat mar oannaam. En sa kaam it dat we mei ús acht kij ûnder yn de pream en lytse Auke yn de bernewein mei de kat derop oer de Ie, troch de Prinsentún, en oer de Swette yn Weidum bedarren. Jo hienen dat ris sjen moatten!
Ik wie doe ek al 7 moanne yn ferwachting fan ús twadde, Jeltsje.
“En ze leefden nog lang en gelukkig?”
No, dat is in moai ferhaal. De famylje Gerbens wenne ek noch op de pleats, en wy mochten op it foarste keamerke wenje. Gerbens sels lei mei rimmetyk op bêd yn de keamer dernjonken. En se hienen allegearre wol sa’n min sin omdat se net tocht hienen dat wy sa gau komme soenen. En oh, de pleats wie wol sa striemin! De klimop groeide lâns it behang nei boppe! De earste nacht binne we ek noch troch it ledikant sakke! En nachts krigen we allegearre ‘buikgriep’. En in pear moanne letter, doe’t ik befoel fan Jeltsje, sakke de dokter ek noch troch de flier.
Timmerman Sjoerd van der Vegt hat doe in betonnen flier stoarten, mei in kleurke deryn. Dat hat my altyd hiel goed foldien.
En de oarloch gong fierder.
Ja, it wie in poerminne tiid, der wie net folle te krijen. We ha ek noch evakuees oer de flier hân, in jonge frou dy’t op har 17e al mem wie. Har âlden sieten by de buorlju by de famylje Van der Meer. (Saco: dêr’t de famylje Kooistra no wennet)
Twa jier letter, yn july 1945, is Sake berne. En wer twa jier letter Rinske. Hoe is’t mooglik net? Alle bern berne yn july. Dochs dienen wy net oan ‘geboorte-planning’ want de pil bestie noch net!
Yn 1953, seis jier nei Rinske dus, krigen wy ús lêste famke: Anneke.
Poeh, 5 bern! Jo wisten dan ek wol rie mei de tiid!
Ja, it wie tige drok. Moast ek betinke dat wy pas nei de oarloch wetterlieding krigen. En op myn manier wie ik ek wol skjin. Alle wiken rúthimmelje en sa. En alle bern gongen op sneontejûn yn de tobbe.
Op moandei hie ik der somtiden in min sin fan, sa’n soad wurk, in hiele protte waskjen. Ik wit noch dat ik Rinske ris mei de dweil in draai om ’e earen joen ha, doe’t se net oan it skuonpoetsen wie, mar de krante oan it lêzen wie dy’t ûnder de skuon lei.
Kamen jo wolris fan it hiem ôf dan?
Net folle. Mar sjoch, wy hienen Sietse de Groot dy’t it fleis brocht, en wy hienen Marten van der Weide, en Anne de Jong, en Sake van der Sloot. Sy brochten alles wat we nedich hienen by ús thús. Eins hoechden jo net fan it hiem ôf.
Wannear is Auke op de pleats kaam?
Dat wie yn 1966. Hy hie nei de lânbouskoalle west en woe graach boer wurde. Wy binne doe ferhuze nei de Hegedyk. (Saco: nr. 40, dêr’t Auke en Martha no wenje) Mar se ha earst noch in skoftke yn in wenwein op it hiem wenne, want Auke woe net nei de Buorren ta ferhúzje.
Ik wit dat de pleats ôfbaarnd is, wie dat yn de tiid dat Auke boer wie?
Ja, dat wie ferskriklik. We rûkten yn de keuken al in hiel skoft in hea-lucht, mar we koenen it eksakte plak net fine. Auke hie wol oan it hea-roedzjen west, mar kaam net oan de keuken ta.
It wie 13 desimber 1968. Martha en harren âldste dochter Titia wienen yn ’e hûs, en myn man Sytse wie op de pleats by de kij. Auke wie op de iisbaan oan it riden oant dokter Haima tsjin him sei dat der flammen út it dak omheech kamen. Auke is doe as de bliksem nei de pleats flein, dêr’t Sytse al drok dwaande wie om de halsbannen fan de kij troch te snijen. Henk Kingma wie der as ien fan de earsten by, hy kaam krekt út Ljouwert wei. Mei tank oan Sytse binne alle kij yn libben bleaun en binne der mar 4 keallen ferbaarnd.
Nei de brân ha we in hiel soad help hân fan de buorlju en fan de famylje Tysma. Want in protte jild om de saak wer op te bouwen wie der net: we hienen ús jild stutsen yn it opknappen fan de âlde buorkerij. Auke en Martha ha doe in skoft yn Mantgum wenne. Dêr wie it fee ek.
Nei de brân binne Auke en Titia noch hiel bot siik west. De famylje Taekema (Saco: de âlden fan Martha) ha doe geweldich holpen.
Ik wit net oars as dat jo widdofrou binne. Is jo man al lang wei?
Ja, Sytse wie net in hiel sterke man. Hy hie eins ek net boer wurde wollen, hy hie leaver wat mei auto’s dien. Nei de brân hat er in minne tiid hân, hy koe der net oerhinne komme. Nachts sloech er yn syn dreamen altyd yn de flammen om. En hy moast in protte hoastje. Letter die bliken dat er longkanker hie. Yn augustus 1973 is hy stoarn.
Doe’t wy yn 1990 yn Weidum kamen te wenjen, wennen jo op de Bornialeane, yn dy bejaardewentsjes dy’t letter ôfbrutsen binne.
Ja, ein jierren tachtich is Rinske wer nei Weidum ferhuze en is se yn myn hûs op de Hegedyk wenjen gien. Iksels bin doe nei de Bornialeane ferhuze.
Wannear kaam Tysma om ’e hoeke sjen?
Rinse Tysma syn frou ferstoar yn 1994 en Tysma wie net in man dy’t goed allinne wêze koe. Hy kaam dan ek wol faak om in bakje kofje en ik begûn iten foar him te sieden. Mar ik wie al sa lang allinne, ik woe net mei him yn ien hûs wenje of trouwe of sa. Letter, yn Nij Dekama, kamen wy tafallich njonken inoar te wenjen. Dat joech wat drokte en gesellichheid.
Hoe fine jo it hjir, yn Nij Dekama?
Oh, it is hjir hiel goed hear, en de famkes (Saco: de ferpleechsters) binne sa leaf en soarchsûm. Dat meie jo wol yn de Rûnkranter sette!
Hobby’s?
Doe’t wy amper prate koenen, hienen wy de breipriemmen al yn ’e hannen. Och och, ik ha wat ôfbreide en haakt. Mar no doch ik in protte Sudoku, net út in boekje, mar mei blokjes op in kaart.
Ik wol it noch oer jo jierliks jierdeifeest ha, yn it Doarpshûs. As ik dan ris help, falle my twa saken op: de famylje wurdt hieltyd grutter en it liket dat eltsenien sa goed mei inoar opsjitte kin.
Dat is ek sa! Ik ha 15 beppe-sizzers en 24 oerbeppe-sizzers, en der is noch in twalling ûnderweis. Myn âldste oerbeppe-sizzer is al 17! We ha it dan altyd sa gesellich, mar ik wie wol oergryslik wurch hear! Mar wy ha in hechte famylje dy’t goed meiïnoar opsjitte kin. Se seinen dit jier: as beppe der skylk net mear is, dan moatte wy dizze dei mar yn eare hâlde en byinoar kommen bliuwe. No ja, dat moatte se sels mar witte.
Hoe is ’t no, om 93 jier te wurden? Kinne jo it my oanriede?
Och, ik hoech net 100 te wurden hear! Dêr sit ik net op te wachtsjen. Ik bin ek net bang foar wat kommen giet.
Sa’t ik al sei, de geast is noch goed, mar it lichem wol net mear. Ik bin oan ein. En ik ha in protte lêst fan de darmen. Dat is in rotkwaal. Ik yt dêrtroch in hiel lyts bytsje.
Ik wie sa wend om alles sels te dwaan en foar oaren te soargjen. En no bin ik sels hieltyd mear ôfhinklik fan oaren. Dy ôftakeling, dat fyn ik ferskriklik.
Mar binne der dan gjin saken mear dêr’t jo jo noch drok oer meitsje?
Jawis wol! Ik bin noch hieltyd polityk interessearre. En ek yn de tsjerke. En snein ha ik it fuotbaljen sjoen (Saco: WK-finale tusken Nederlân en Spanje) en dêr ha ik my ek drok oer makke. Wat in rot wedstryd!
Ha jo ek spyt fan bepaalde saken?
Jawol hear. Ik wie froeger sels in protte oan it wurk en dan seach ik Sytse wolris in knipperke dwaan. Dêr sei ik dan wat fan. Letter ha ik wol tocht: it wie net in sterke man, ik hie der net lulk om wurde moatten.
Wat wie de swartste dei?
Dat wie wol doe’t Sytse stoar. Dat wie hiel fertrietlik. De man wie sa siik. Se woenen him noch opereare, mar dat woe ik eins net. Hy wol want, sa sei er, dan kin ik miskien noch nei hûs ta. Dat is net mear bard, want de deis dêrnei is er stoarn.
Wat wie no de moaiste dei út jo libben? De troudei bygelyks?
Nee, dat wie it momint dat ik mei Sytse in dei fuort wie. Wy rûnen hân yn hân, it wie prachtich waar en wy beseften ús dat wy fan elkoar holden. Dat we foar inoar bestimd wienen. In skoft lyn dreamde ik dat ik syn hân festhold, dat wie sa’n moai momint, sa echt. Mar doe waard ik wekker en fielde ik my akelich doe’t ik ûntduts dat it in dream wie. Mar ik ha in hiel moai libben hân hear.
In moai momint om op te hâlden. Myn rekorder hat no al mear as twa oeren draaid. We ha folle mear by de ein hân as dat ik foar de Rûnkranter-lêzer opskriuwe koe en woe. It is al hast kertier foar tsienen as myn ikoan my nei de doar ta bringt.
Saco Hemstra