9 juny 2024
Wizige op 09-06-2024, 17:20:40
(Ut de Rûnkranter fan juny 2009. Frou de Groot is ferstoarn op 22 desimber 2014)
Us ikoan diskear is frou Jikke de Groot. Ik frege har oft it har wat ta like om net om ’e tafel te sitten, mar it fjild yn te gean. Ik bedoel mar: in draver wol it leafst drave, en in rinner wol dochs it leafst rinne, of net dan!? Dus luts ik de fiters fan myn âlde dravers nochris ekstra oan en doe koene we “de pa-ha-ha-den op en de la-ha-ha-nen in”!
Jikke, wat geane we om?
No, ik tocht sa, earst by Monsma oer de nije reed, en dan sa it Nijlân yn. Dan sjogge we dan wol fierder. Ik wol noch wolris tefolle prate, mar dan seist it mar. En as we dan wat oanrinne, dan begjin ik wat te hymjen. Bronchitis. Pake hie it ek.
We ha it ommers wol oan tiid. Ik ha jo bertedatum al opsocht: 6 novimber 1922. Wêr hat de earrebarre jo 86 jier lyn dropt?
Ik bin yn Jorwert berne, mar beppe Sep sei altyd: “Se is yn Baard opset, mar yn Jorwert ôfbreide!” Fynst dat net aardich?
Wat die jo heit?
Heit wie bakker yn Jorwert. Hy hat earst bakkersfeint west yn Jorwert, doe hat er twa jier bakker west yn Baard, en dêrnei hat er de bakkerij yn Jorwert oernaam. Underwilens hie hy ús mem troffen.
Wienen jim manmachtich thús?
Klaas wie de âldste, hy wie oardel jier âlder as ik. Doe kaam ik. Dêrnei ús Swaantsje, sy wennet no ek yn it Hûs (Saco: Nij Dekama). Sy is trije jier jonger as ik. As lêste Jantsje. Sy wennet op De Gordyk en is âlve jier jonger.
Moasten jim in protte meihelpe yn de bakkerij?
Oh ja! Mar heit hie ek fiif bôle-koeriersters. Dy sutelen mei de bôle. Ik wie ek in protte op de pleats by pake en beppe (Saco: pleats tusken Dykshoeke en spoar, oan de linkerkant). Sy wennen dêr mei harren twa soannen, myn omkes dus. De iene omke wie timmerman.
Jo hienen de skoalle wol moai tichtby.
Ja, dat wie maklik. De skoalle stie yn de Krunen, dêr’t no “Ons Huis” is. Mar de gymnastyk wie earst hielendal yn Jorwert, dêr gongen wy dan op de fyts hinne.
En nei de legere skoalle? Ha jo noch trochleard?
Wolnee! Klaas moast nei Dútslân yn Arbeits-tsjinst, en doe’t mem fan ús Ytsje befoel, krige se tromboase. Dus ik moast yn de bakkerij meihelpe. Mar we hienen ek hieltyd in faam yn ’e hûs hear.
Doe wie it ek sa’n bytsje de Twadde Wrâld-oarloch.
Ja, yn it begjin fan de oarloch ha ik in hiel skoft siik west. Earst bronchitis. Dêr ha ik acht wiken mei thús west. Dêrnei krige ik “midden-oor-ontsteking”. Dêr bin ik oan opereard en doe ha ik acht wiken yn it Diakonessenhûs lein. Dêr ha ik diftery oprûn. Se woenen wol ha dat ik it fan in suster yn it sikehûs oerkrigen ha. Ik wie it earste gefal yn Ljouwert. Ik ha it doe op it kantsje ôf helle en ha wol in heal jier siik west.
Dêrnei gong ik faak nei pake en beppe ta. Sy wennen yn Eastersee. De smid fan Jorwert hie as earste in taksi yn Jorwert én boppedat famylje yn Eastersee. Sa koenen we op snein nei de preek mei him meiride nei Eastersee ta. Mar yn de fakânsjes gongen wy ek faak op de fyts nei Eastersee ta.
As bakker hienen jimme it yn de oarloch net sa krap tink?
Nee hear, mar heit ferpatte alles wol. As hy in soad moal krige, dan joech hy it ek wer fuort oan alle Jorwerters.
Wie jo man Jan doe al yn jo libben?
Ja, ik wie 17 doe’t wy ferkearing krigen. Wy hienen tagelyk ferkearing as Sytse en Jet (Saco: Sytse wie in broer fan Jan, blêderje de foarige Rûnkranter mar troch). We ha inoar kennen leard op de gymnastyk.
Oh, net iens op it dûnsjen?
Welnee! It wienen de oarlochsjierren, der wie net folle. Us útsjes wienen nei de gymnastykútfiering of nei de toanielútfiering yn Jorwert. Nei de oarloch binne wy troud, yn 1948. In jier letter as Sytse en Jet.
Binne jim doe fuort op de pleats kaam? (Saco: dêr’t fam. Ait-Jan Bouma no wennet)
Nee, we ha earst sa’n fiif of seis jier op de Greate Buorren wenne, yn in part fan dat grutte hûs njonken Teake Tamminga (Saco: dêr’t de fam. Stürms en Schnater wenje). Dêr binne ek ús earste twa bern berne: Jetske en Sjouke.
Ik snap net krekt hoe ’t jim op de pleats kaam binne. Jan syn heit wie ommers slachter.
Jan wie doedestiid in protte by Auke en Maaike Schotanus. Sy wennen op de pleats. Jan wie altyd al gek mei bisten en woe graach boer wurde. Auke en Maaike hienen gjin bern. Doe’t we trouden binne Schotanus en Jan yn maatskip gongen en in pear jier letter hat Jan it oernaam.
Lyk as syn broer Sytse wie Jan dochs ek in grut sportman?
Oh ja, Jan koe net allinnich goed gymnastykje, mar ek reedride en keatse. Mar it hat him net meisitten. Sa hat er de hân ris brutsen doe’t er út de rekstok klapte. En mei de Alvestêdetocht van 1941 ha se him tsjin syn keats-earm oanriden. Doe koe er syn earm net mear op ’e rêch hâlde.
Doe wie hy noch mar 18!
Ja, en dat wie fansels ek wol wreed foar him en dêr hat er it ek wol dreech mei hân. De sûnens hat him dochs al net meisitten. Doe’t Sjouke noch in lytse jonge wie, hat er syn earste mage-operaasje al hân en doe is twa-tredde fan syn mage fuorthelle. Dat hat fiersten-tefolle west hat dokter Haima wol sein. Letter binne der noch twa kear galstiennen út helle. (Wy binne sa njonkelytsen yn it Nijlân oankaam. Op de swylmasine puffe we even út.)
Jikke, mei ik jo hjir wol op de foto sette?
Hjir hienen jim dochs ek lân?
Oh ja, wy hienen oeral lân! Ik ha it komelken leard by Jet har suster op de pleats (Saco: it Weidumerhout).
Ik wit noch wol in kear dat we nei it Nijlân ta gongen: Meindert Wouda rûn foarop mei hynder en wein. Frâns (Saco: omdat hy blyn wie ek wol Bline Frâns neamd, hy wie de heit fan Pytsje Mast) rûn der efter. En ik rûn dêr wer stikem efter, om wat op him te passen. Mar op de ein fan de reed draaide er him om en sei tsjin my: “Frou De Groot, no kin ik mysels wol rêde hear!”
Wêrom ha jim dat lytse húske by de pleats noait ôfbrutsen?
Dat mocht net fan de Buma’s. En we brûkten it ek wol foar opslach. By de reed stie ek noch in grut hok, en dat ha we letter wol ôfbrutsen.
Wannear ha jim it nije hûs dan boud?
No, it jier wit ik net krekt, mar it wie tagelyk mei de bou fan it Doarpshûs. De spesy kaam dan by it doarpshûs wei. (Saco: it Doarpshûs is yn 1966 boud)
Jim hienen wol moai Nij Dekama foar de ruten!!
Ja, it earste Nij Dekama ha ik noch wol mei himmele. De minsken kamen út it âlde earmhûs (Saco: dêr’t fam. Fokkens wennet) en ferhuzen nei it nije rêsthûs.
Is Weidum fierder noch in protte feroare?
No ja, benammen de minsken. Foarhinne koe ik se allegear wol, mar ik moat no wolris freegje wa’t se binne.
Jim Sjouke buorket yn Hilaard, mar hy hat ek yn Weidum buorke. Wannear bin jimme fan de pleats ôf gongen?
Doe’t Sjouke en Detsje trouden, binne se op it Sânpaed wenjen gien (Saco: dêr’t Rienold Postma wennet). Harren twa bern Ymkje en Jan binne dêr ek berne. It sil sa yn 1980 west ha dat se nei de pleats ferhuzen. Wy binne doe op it Sânpaed telâne kaam (Saco: dêr’t Jaap en Djoke Beetsma no noch wenje). Sjouke hat ûngefear fiif jier yn Weidum buorke en is doe nei Hilaard ta gien. En wy dus werom op de pleats. Mar ja, wy wenje no ek alwer krapoan tsien jier yn Nij Dekama!
"Ite by Jan en Jikke” mei de Merke. Wat wie dat dochs altyd prachtich!! Fanôf it matinee nei de stâl ta skoffelje en Nico wat op de molkbus omslaan om jild yn te sammeljen.
Ja, neffens my hat dat al sa west sûnt it grutte bûthûs set is. Sjouke en Klaas Visser sieten ek jierren yn it merkebestjoer. Skat en de frou sieten der dan ek, prachtich fûnen se dat, en de famylje fan Tettie út Sweden.
Sille we it no ris oer it rinnen ha? Nijmegen en de Alvestêdetocht. Hoe binne jo der ta kaam om te rinnen?
Dat is noait mei opset sa gien. Ik bin der gewoan yn rûn. Earst mei de skoalbern en ik rûn ek wol mei de froulju út it doarp. Mei Pier Anne en Henk Aukje bygelyks.
It waard serieus doe’t ik oan de knibbel opereard bin en der in stik fan de meniskus fuorthelle is. Gerrit Fokkens sei doe: “Gean do Jorwert mar ris wat omrinnen”. Ik wie doe al 65.
Ik hie kunde oan in frou út Winsum en sy woe Nijmegen graach foar de twadde kear rinne. Dêrby kaam dat ús Yt (Saco: de jongste dochter fan Jan en Jikke) yn Nijmegen wennet en sadwaande ha ik oant fiif kear ta de Fjouwerdaagse rûn. Ik ha it noait dreech fûn, it wie gewoan genietsjen!!
Wie de Alvestêdetocht ek dreger?
Dat kin ik net sizze. Dy ha ik twa kear rûn. Nachts sliepten wy yn de spesjale sliepboaten. Dat wie tige gesellich.
Us Sjouke hat ek in jier meidien, mar hy krige ûnderweis by Boalsert lêst fan de knibbel. By Frentsjer kaam Detsje oan de route – Sjouke rûn al mei in stok – en sei dat der in hynder smiten hie. Dat doe is hy mar útstapt. Mar hy krige fansels wol op ’e kop: mem hie de tocht útrûn en de soan net!
It tredde jier bin ik troch de knibbel gien doe’t ik út de boat stapte. Doe koe ik de tocht net mear útrinne.
Ha jo no ek in dei dy’t jo graach nochris oerdwaan wolle?
No nee hear, ik fyn safolle dagen moai. Ik bin net sa sinnich en easkerich. Mar ik tink wol dat ik troch “Nijmegen” in oar minske wurden bin. Mar ik wol hjir noch wol wat bliuwe hear, ik ha noch likefolle nocht oan it libben as eartiids. Nee, ik hoech noch net dea.
Winsken dan?
Nee, ek net. Ik fyn it bygelyks al prachtich om nei Yt yn Nijmegen ta te gean. Sy hellet my dan op.
Hawwe Jan en jo wolris op fakânsje west?
Oh ja hear. Wy gongen faak mei reiskes fuort, mei de Friese Mij. bygelyks. Dat ha we altyd wol dien, ek wol doe’t de bern noch lyts wienen. Jan gong dan ek mei. We hienen dan in wike de Boerehelp. Ik wit noch dat Rinse Rodenhuis ús holp en wy hienen krekt in trekker. Rinse soe de trekker even fuortride, mar hy koe ‘m dêrnei net wer út krije. Klaas moast der noch by komme om de trekker út te setten.
Underwilens binne wy fia Tsjebbe & Lolkje troch it lân nei Jentsje & Rommy gongen, om in hikkepeal hinne gisele, en komme sa út by it Weidumerhout. Wier, ik ha in pear kear sein dat we net sa hurd hoege te rinnen! Op nei Weidum. De lêste fraach.
Jikke, ik ken jo as in warbere frou. Binne jo yn it Hûs ek noch aktyf?
Mei noch in pear froulju skinke wy moarns kofje by it kofjedrinken. En dan helje wy de âlde minsken (moat laitsje) soms op út harren keamer. Mei it âld papier bin ik no ophâlden. Ik helle dat noch hieltyd by de minsken út it Hûs op foar de gymnastykferiening.
It kassettebandsje is no al lang ôfrûn en tagelyk rinne, prate, lústerje en skriuwe fâlt net ta. We ha it noch oer harren 60-jierrige troudei, de pake-en beppesizzers (en harren bern) hân en dat de kondysje wol wat minder wurdt, mar dat der net folle minsken fan 86 noch sa rinne kinne. Jikke, wat ha we moai oan it kuierjen en praten west!
Saco Hemstra