4 juny 2024
Wizige op 04-06-2024, 22:12:43
(Ut de Rûnkranter fan april 2009. Frou De Groot is ferstoarn yn july 2013)
Se binne der noch yn Weidum: minsken wêr’t jo net omhinne kinne, dy’t bepalend wienen foar de histoarje fan pakwei de ôfrûne 100 jier. Minsken dy’t in protte meimakke ha en dy’t in foarbyld binne foar oaren. Sy binne de ikoanen fan Weidum.
Us ikoan is diskear frou “Beppe Jet” de Groot-Hovinga. Foar Wil Groen en Saco Hemstra wie it wier net maklik om 92 jierren gear te fetsjen yn 2 oerkes.
Frou de Groot, sille wy earst mar ris begjinne mei jo berte?
Ik bin berne op 18 jannewaris 1917 yn de grutte Wergeaster Mar (Saco en Wil: dy leit tusken Aegum en Wergea).
Grutte húshâlding, of foel dat ta?
Wy wienen mei ús fiven thús, heit en mem, myn suster dy’t 4 jier âlder wie, en myn broer dy’t 8 jier âlder wie.
De namme “Hovinga” komt net in protte foar
Nee, ik leau dat we fan oarsprong fan Stiens komme.
Mochten jo trochleare?
Nee! Heit wie bliid dat der wer ien fan ’e legere skoalle ôf wie, dan koe dy meihelpe mei melken en sa. Dat sparre dan wer in arbeider út. Mar ik ha mei in protte nocht en wille meiholpen hear!
En hat jo broer de pleats oernommen?
Nee, heit hie in hierpleats. Doe’t ik 19 jier wie binne wy nei de buorren yn Wergea ferhuze. Ik gong doe in protte nei myn broer en suster ta. Sy wennen doe yn Weidum, op it Weidumerhout.
Hienen jo al betiid ferkearing?
No nee hear, ik wie net sa foarlik. Mar doe’t Sytse kaam wie it klear. Ik seach him wol op it Weidumerhout dêr’t er kaam te suteljen, mar we ha ferkearing krigen by Duhoux yn Wurdum. Dêr hienen wy dûnsles. Dat wie yn 1940, flak foar de oarloch.
Of binne jim yn de oarloch troud?
Nee, we ha wachte oant de oarloch oer wie. Mar doe wie der hielendal neat! Ik ha sels myn troujurk krigen fan in dochter fan evakuees út Limburg!
Wat fûnen jo fan Weidum?
Ik koe Weidum wol hear. In kammeraadske fan my út Wergea wie nei Weidum ferhuze doe’t se sa’n 10 jier wie, op ’e pleats dêr’t no Flapper wennet. En dan gong ik de iene wike nei har ta en de oare wike kaam se by ús. En yn dy tiid ha ik Sytse noait sjoen!!
Wie jo man de earste slachter yn Weidum?
Nee, syn heit wie al slachter op it Sânpaed (W&S: dêr’t Gert-Jan en Tjitske vd Meer no wenje). Mar pake wie slachter yn Jorwert. Der wie doe mar ien slachter yn de omkriten. De iene soan is yn Jorwert bleaun en Sytse syn heit is dus nei Weidum ta gongen. Yn Jellum siet earst ek noch in slachter, Abe, mar dy is letter ophâlden. Hy holp Sytse dan wol mei it suteljen.
Woe hy eins wol slachter wurde?
No ja, Sytse wie de âldste thús, en de âldste folge dochs altyd syn heit op.
Syn heit hat him ris mei in kealtsje yn it hok set en sei: “Do moatst dy der mar mei rêde”. Dat hat er noait ferjitten. Hy woe ek perfoarst net dat ien fan syn soannen him opfolgje soe.
Jan (W&S: Sytse syn jongere broer, hy buorke dêr’t Ait-Jan en fam. no wenje) is boer wurden, mar dat hie Sytse ek wol wurde wollen. Hy siet der fol fan.
Binne jo fuort nei jo trouwen achter de toanbank kaam?
Ja, ik kaam net achter, mar fierder ha ik alles meidien. It skjinmeitsjen wie in protte wurk, al dat fet! En it wie altyd kâld.
Mar it wie wol wennen hear. Op ’e pleats gongen wy mei libbene bisten om, en hjir makken wy se dea. Dêr ha ik bot oan wenne moatten, en eins hat it noait wend.
Jim ha fiif bern grutbrocht, wolle jo se foar de Rûnkranter-lêzers noch wol opneame?
Earst ha we Pytsje (W&S: frou fan Andrys de Jong), krigen, doe Ytsje (W&S: frou fan Jan Tolsma), doe Sjouke, en doe Jan en Nico noch. Se binne no sawat tusken de 53 en 63 jier.
Jan en Nico lykje o sa op inoar (W&S: sy binne in twilling). Alle twa in keale kop. Nico wennet yn Stiens en Jan op ’e Gordyk. Jan stie dêr ris yn de kantine, komt der in Stienzer oan en dy seit: “Nico, wat dochsto no achter de bar fan in kantine op ’e Gordyk!?”
Se binne lêsten mei syn fiven op wintersport west. Dat fûn ik dochs sa moai!
Poeh, fiif bern, dat wie dan ek net grut thús, sa mei syn sânen! En Pytsje wie de doar ek noch net út doe’t Jan en Nico berne waarden
Nee, mar we ha it boppe wol fertimmere hear, allegear lytse keammerkes. En wat ha we in wille hân! Ja, it wie in hiel moaie tiid.
Slachterij, sutelje, lytse bern, in man dy’t altyd oan it sporten wie. Drok, drok, drok!!!
Ja, it wie altyd drok, mar och, it gie ek altyd wol wer. As jo der midden ynsitte, dan giet alles ek wol wer fansels. En Sytse is letter wol ophâlden mei in protte dingen hear. En hjoed de dei wurdt in protte traind en dat diene se eartiids fansels net.
Mar ik tink no wolris, wat wie it in stik wurk! Nei it slachtsjen fan in baarch kamen earst grutte repen spek yn de pikelbak, yn ’e kelder. En dêrnei de trep op, nei de souder by de skoarstien. En as it dan klear wie dan waard it spek wer nei de boer ta brocht.
It heucht Wil noch wol dat der kij by harren lâns rûnen op ’e Hegedyk nei de slachterij ta
Dat is ek sa. Op freed waard der in ko kocht op de merk. En die rûn dan yn it wykein op de pôle (W&S: njonken fam. De Vos). Op moandei wie it slachtdei, en waard de ko dus wer ophelle en nei it Sânpaed brocht.
We wolle it jûn net tefolle oer de prestaasjes fan jo man ha, mar 1942 wie in topjier foar him: de Alvestêdentocht wûn, mar ek de Bangma partij, en de Bondspartij fan Frjentsjer
Ja, mar twa jier earder, yn 1940 dus, wie er ûnder tsjinst yn Skoarl, yn Hollân. Hy koe dêr doe in protte langebaanride. En doe belle er nei hûs ta en sei: “Kin heit my opjaan foar de Alvestêdetocht?” Mar heit rôp: “Wat silst besoademieterje, wol arbeidzje en neat fertsjinje!!” Dat doe ha se him net opjûn. Dat fûn Sytse wol skande, want hy wie doe yn goede kondysje.
De alvestêdetocht is hjoed de dei in grutte ‘hype’. Mar hoe seach yn 1942 de ‘day after’ derút?
Och, it wienen allegear sjoernalisten! Sels wie ik op it Weidumerhout by myn suster en ik bin even nei de Buorren gien. En dêr stie der, gewoan yn syn wite kile, yn de slachterij. Dêr is ek noch wol in foto fan.
Letter hat er ek noch in protte oan damjen en skaken dien. Jan Suierveld syn pake, Jan Bangma, siet der fol fan en hat noch in damklup oprjochte. Se damden dêr’t no de winkel is, dat wie doe in doarpshûs.
Oh ja, dat wie fansels noch foar it doarphûs dat we no ha
En dêrfoar wie it in skoalle. Sytse hat dêr ek noch op skoalle west. Ik leau dat broer Jan al nei Bears ta gong.
Bûten de bern om ha jo in protte famylje yn Weidum en omkriten. Sille wy se ris opneame, net alle Weidumers witte de famyljebannen
Jan (W&S: fan Jikke) is de jongere broer fan Sytse, en Froukje (W&S: Monsma, frou fan Frans) syn suster. En Nico Oostra is de soan fan Sytse syn suster, dus myn muoike-sizzer. Sjouke út Hilaard is ek in muoike-sizzer, mar dan oan Sytse’s kant fansels.
Jo man is ferstoarn yn desimber 1983. Hy is mar 66 jier wurden
Wy wisten wol dat hy net in sterk hert hie, dat lei him oan syn memme’s kant. Hy hie ek al twa kear earder in hertynfarkt hân.
Mar hy wie stuoltsjes oan it fervjen foar Pytsje. Dy hie er flak foar iten ophelle. Ik hie tsjin him sein, it iten duorret net lang mear. Letter hearde ik leven yn it hok en ik tocht, no is der dochs begûn mei skuorjen. Ik der hinne, en dêr lei er. Ik ha doe daliks dokter belle, mar dy naam net op. Ik ha him doe op ‘e fyts ophelle. Mar doe’t dokter kaam wie it ek samar dien. It skuorpapier ha ik yn myn plakboek.
Jim wienen eins krekt ophâlden mei de slachterij, de bern wienen de doar út, jo man rekke wei. Der is hiel wat bard yn in lyts skoftke tiid
Ja, wy wennen noch net sa lang op de Hanialeane. Mar ik ha in ôfgryslike steun oan de bern hân. Ik gong doe ek in protte nei Pytsje ta. En Nico en Aaltsje hienen krekt de bakkerij yn Winsum en dêr fytste ik wol gauris hinne.
Ha jo doe ek wat hobby’s oppakt?
No nee, net echt. Op it Sânpaed hie ik dêr fansels gjin tiid foar. Ik sit op ’t heden in protte yn de boeken fan De Stoppelaar. Prachtich fyn ik dat. Dy man hat ek yn Wergea wenne en wy fûnen him doe sa apart. Yt hat de boeken foar my opskarrele út Brugge wei, hoe is ’t dochs mooglik!
En de gehakballen dan dy’t jo klearmakken foar de Spulwike!? Die wienen wrâldferneamd!
Oh ja, dat ha ik jierren dien. We soenen earst gewoan gehak jaan, mar doe seinen we, we kinne se ek wol briede, dan hoecht de jongerein dat net mear te dwaan. Ik ha ’t hjir yn Nij Dekama ek noch in pear jier dien, en doe bin ik der mei ophâlden.
Is der ek in dei dy’t jo nochris oerdwaan wolle, de troudei bygelyks, of de berte fan de bern?
Ja, de troudei wie wol bysûnder. Mei de koets nei Mantgum ta! En it wie troch de famylje Holtrop dat we feestfiere koenen by Samplonius. Sy joegen ús sûkerbonnen want die hienen se oer. Se wienen ommers mei 16 bern thús! Der wienen altyd wol bonnen oer. Mei dy sûkerbonnen koest frisdrank krije.
De berte fan de twalling wie wol bysûnder fansels. Ik hie neat yn de gaten! Twa jonges fan elk seis pûn.
Sjouke soe op âldjiersdei berne wurde, mar dat woe ik net. “Ik ferdom it!”, sei ik. “Dan is er altyd op sneon jierdei.” Mar dokter Mantel sei: “Jo ha neat te ferdommen!” En Sjouke is dus berne op âldjiersdei.
Ha jo it goed nei ’t sin yn Nij Dekama?
Oh ja, ik sit hjir poerbêst. Ik wol der wol eltse dei even op út, dan bring ik de krante nei Yt ta.
Mar de fuotten wolle net sa bêst mear. Ik ha al jierren tromboase. Ja, it boppe-ein is better as it ûnder-ein!
Ik woe noch wol ta beslút in foto fan jo nimme, foar yn de Rûnkranter. Fine jo dat goed?
No, soest dat wol dwaan? Der is ommers net folle mear oan. Nee, dat moat mar net leau ’k.
Tegearre mei Wil op de foto mocht wol. En doe’t we nei twa oeren opstapten ha we noch mei earbied de prizekast besjoen mei alle keatsprizen fan Sytse de Groot. De prizen fan it reedriden hingje allegear yn it reedridersmuseum fan Hylpen.