9 jannewaris 2025
Wizige op 29-01-2025, 19:14:23
(Ut de Rûnkranter fan april 2015. Betty Punter is ferstoarn yn desimber 2016 en Roel Punter yn desimber 2018)
‘Roel wie oerémis en gau beret.
Dy is nei Nieuw Guinea ta set,’
waard songen op it lêste troudeifeest fan Roel en Betty Punter.
In hiele kultueromslach wie dat yndertiid foar Roel yn dy fiere koloanje. “As wy it tige waarm hiene en toast krigen, leine wy in bûsdoek yn in dobbe en makken dêr ús lippen mei wiet. We patroeillearden dêr troch ûnherberchsum lân en wetter en hiene de skonken neitiid faak read fan ’t bloed troch de bloedsûgers dy’t har yn dy dobben ferskûlen.”
By de boer
Roel Punter komt fan Tersoal út de Lege Geaën út in húshâlding fan sân bern. Op syn 15e moast er fan skoalle ôf. Hy wurke earst as feint by in pear boeren yn Tersoal mar kaam op in stuit as feint en letter as arbeider by in boer tusken Sibrandabuorren en Tersoal telâne. Dat wie in goed plak. Hy hie in soad kontakt mei de bern fan de boer. Hy hie niget oan de trije jonges en brocht se ek wol gauris op bêd. Dat gong dan mei in protte wille; Roel hynsteride mei de bern troch de gong en mei in hupke op bêd. Doe’t Betty yn ’t spul kaam, krigen se in hûs fan de boer yn it doarp. Dêr binne de beide âldste bern Wytse en Durk berne. Mar dat hûs wie wol âld en ek wat sigerich en doe’t Roel yn 1958 by boer Jan Boersma yn Weidum komme koe, ha se dy kâns mei beide hannen oangrypt. Ek om’t se dan wenje koene yn in frijsteand hûs oan de Skildyk (dêr’t no de fam. Van der Sloot wennet). In moai hûs op in prachtich plak. Doe’t Roel him nei in pear jier by in oare boer bestelde, by Aukes yn Mantgum oan de Jorwerterdyk, moasten se dêr lykwols wer wei. Sa kochten se sels it hûs oan de Grutte Buorren. Dat ha se yn ’e rin fan de jierren hielendal opknapt oant it harren nei ’t sin wie. Nei Roel syn pensjonearing, hat er dêr ek noch in garaazje by boud. Op dat plak wenje se noch altyd nei alle tefredenheid mei foar it sicht op it keatsfjild en de boarterstún en achter de wide romten.
Melke
Betty Oosterbos komt fan Mantgum. Sy wiene thús mei har fjouweren as bern. “Ik ha in prachtige jeugd hân”, seit Betty. Thús koe in soad. Us heit hie de trekzak achter de bank stean. En as sneins de freondinnen kamen waard der spile en dûnse. Wy gongen ek in soad meielkoar op en út, mei ús seizen as freondinnen. En we ha altyd kontakt holden, we komme noch alle jierren in kear byelkoar.” Se gongen graach te dûnsjen nei De Trije Romers yn Reduzum of by Semplonius yn Weidum en fansels by Jellema yn Mantgum. Se hoegden net faak allinne nei hûs ta mar hiene geregeld ’thúsbringers’. Yn Mantgum waard de Lytse PC altyd keatst en dêr makke Betty mei har freondinnen de krânsen altyd foar. “Foar ússels keazen wy dan keatsers út dy’t dy krânsen krije moasten, mar dêr hiene wy fansels gjin ynfloed op”. Nocht oan learen hie Betty net. “Ik woe it melken leare en dat ha ik dien. Moarns betiid en jûns ûnder de kij, dat foldie my bêst”, seit se.
Yn it kafee fan Weidum trof Betty har Roel. Yn it begjin rekke de ferkearing wol gauris út, mar se kamen ek hieltyd wer byelkoar. De lêste kear dat it útrekke, siet Roel yn tsjinst. Hy wie gau beret en joech him op foar Nieuw Guinea, it lân dêr’t Nederlân it nei de oarloch foar it sizzen hie. Goed oardel jier hat Betty him doe net sjoen. Mar se skreaunen elkoar brieven en nei’t se him mei syn âlders ophelle hie út Rotterdam krigen se fêste ferkearing. Yn desimber 1955 binne se troud en dit jier binne se 60 jier byelkoar.
De húshâlding
“Yn sân jier krigen wy fiif bern. Yn Weidum binne Jan, Loltsje en Folkert noch berne. Je wiene soms krekt in automaat”, seit Betty, “sa drok wie it doe. Mar dêr ha ik noait by stilstien. Ik die it mei nocht.” Waskmasines wiene der doe noch net. Roel sette moarns ier de hantsjettel mei wask op it fjoer. Om healwei fiven gong Betty ek fan bêd ôf en die de wask. Dy wie dan klear as de bern ûnder kamen. “Wy koene beide goed reedride”, seit Betty, “mar dat wisten wy earst net fan elkoar, om’t wy it sa drok hiene mei de húshâlding”. Dat waard oars doe’t yn 1956 de Alvestêdetocht riden wurde koe. Roel die mei. “Ik gong moarns om healwei seizen fuort en de jûns om kertier oer fiven wie ik wer yn Ljouwert. Ik bin yn ien kear trochriden en ha de tocht sadwaande by ljocht ride kinnen.
De oare deis wie ik wol stiif fansels, gjin gefoel mear yn de skonken, mar der wie hurdriden yn Poppenwier en dus dêr dochs mar hinne. Wûn ik ek noch de earste priis”. Betty har mem kaam mei moai winterwaar wol gauris del om op de bern te passen. “Dan kinne jim moai tegearre te riden”, sei se.
It wie soms wol in toer om de eintsjes oanelkoar te knoopjen. As Roel syn leanpûdsje krige, waarden dêr earst de boadskippen fan betelle. Dêrnei krigen de bern bûsjild en jild foar de buskaart. En dan wie der soms noch mar tsien gûne oer om dy wyks fan rûn te kommen. Dochs slagge dat altyd sûnder dat der grutte problemen fan makke waarden. Ut âlde jassen, dy’t se soms krige, naaide Betty jaskes foar de bern. Se hie wolris help fan in stazjêre dy’t yn in húshâlding wurkje moast. En ûnderguod makke se ek sels. Dat wie doe sa en se rêden har.
Sport
Roel hie fan thús út in grut plichtsgefoel meikrigen. It wurk stie boppenoan. De húshâlding wie foar Betty. Mar Betty mocht graach sporte en pakte dy tried nei de bertes fan de bern altyd gau wer op. Gjin probleem, Roel brocht de bern wol op bêd. “Ik ha jierren op folleybal sitten”, seit Betty, “en op gymnastyk”. Gymnastykje docht se noch altyd. Roel mocht graach keatse. Benammen mei de 45+ ploech dêr’t Aebe Haima, Pier Koopmans en Wytse Vlietstra ek yn sieten, hat er in soad op stap west. Se kamen rûnom yn Fryslân en hiene in bulte wille.
Yn ’e bou
It wurk by de boer waard op in stuit ynwiksele foar de bou. Roel kaam as opperman by Tamme Veldstra en Folkert Oosterbos en learde dêr it mitseljen. ”In pear simmers moasten wy oan it wurk op Skylge. Yn it wykein kaam ik dan op it fytske wer thús mei fiif repen yn ‘e bûse foar de bern. Dêr wie altyd ien wite by; dy krigen de bern om bar”, seit Roel. Nei in pear jier kaam er by Timmerbedriuw Sinnema yn Wergea en dêr hat er 17 jier wurke. De lêste 9 jier wie er yn tsjinst by Van der Vegt hjir yn Weidum. Op syn 60ste koed er mei pensjoen. Nei safolle jierren swier wurk wie dat noflik. Doe’t er yn de bou siet hied er soms slim lêst fan de rêch. Mar de wyklikse gong nei de kreaker yn Deventer soarge der foar dat er him no ek noch altyd aardich kwyk fielt. Ek in iepen hertoperaasje is er hielendal te boppen kaam. Hy hat wiken siik west, ek troch in sikehûsbaktearje en ferkearde medisinen, mar it kaam wer klear.
De bern
Op ’e Buorren wie it foar heit, mem en bern prachtich wenjen. De bern boarten moai foar yn de boarterstún. Durk moasten je yn ’e gaten hâlde. Dy wie samar útnaaid. Gelokkich wie it doe noch net sa drok op de Hegedyk, want dy kant gong er faak út. Soms wied er ûnderweis nei beppe ta yn Mantgum. Beppe hie ommers altyd wol wat lekkers foar him. Loltsje hie der ek slach fan om har eigen gong te gean. Betty sette har fêst oan in tou yn de boarterstún. Mar se makke har altyd wer los. En as dat net slagge strûpte se alle klean út en kaam bleat achterom troch de steech. Letter wie Loltsje mear op it keatsfjild te finen. Se keatste mei yn de heechste klasse en wie yn 1980 sels Keninginne fan de Froulju’s PC. Wytse wie ek in keatstalint. Hy hat yn de haadklasse en de earste klasse syn spoaren fertsjinne. Roel wie in soad mei de jonges op stap yn de âld mercedes fan Haima. Mar de útlaat moast wol gauris makke wurde mei in konservenblikje oars kamen se mei fierstente folle leven yn de wedstriidplakken oan. Jan kaam troch syn wurk by de wegenbou in soad yn it bûtenlân. Hy reizge ûnder oaren nei Oekraïne, Suriname en Sint Maarten. Folkert folge syn heit yn de bou. Hy wurket al jierren by Van der Vegt en is fierder aktyf yn it doarpslibben.
Grutte famylje
De bern binne no allang de doar út en ha harren eigen húshâlding. De jierdeis fan pake en beppe binne sa stadichoan in hiele organisaasje. De famylje komt mei Roel syn jierdei, begjin jannewaris en de bern, bernsbern en oerpake- en beppesizzers in pear wike letter mei Betty har jierdei. Dat wie yn it ôfrûne wykein. It hûs sit dan fol mei 34 grutte en lytse minsken. De garaazje wurdt ferwaarme mei in kacheltsje en dêr wurdt boartersplak foar de lytskes makke. “It is in aardichheid om te sjen hoe’t guon bernsbern harren fermeitsje mei de lytskes”, seit Betty. “Dêr ha de grutten gjin wurk fan.”
Mar Roel en Betty ha hjoeddedei mear tiid foar harren sels. Stilsitte dogge se noch altyd net. Betty is frijwillichster yn Nij Dekama, se folksdûnset en gymnastiket. Roel mei graach fiskje mei syn sweager. En hy hat tegearre mei Folkert in folkstún yn Bears. Lekker ite fan eigen tún. En soms moarns in aaike helje út it hinnehok as de hinnen werris oan ’e lech binne.
Daalders plak
In daalders plakje is it, sa oan de tafel yn de achterkeamer by Roel en Betty. In prachtich útsicht ha se dêr oer de tún hinne oan Bears ta. No wie it op de moarn dat wy mei ús trijen gesellich oan de kofje sieten wat damp waar en wie it sicht wat minder as oars, mar fierder biede alle seizoenen dêr nije bylden. Prachtige wolken dy’t oerskowe, griene fjilden, de kleuren dy’t it jier troch wikselje en dat mei de toer en de loftspegeling fan Bears op ’e eftergrûn.
Al goed 52 jier wenje Roel en Betty hjir no oan de Grutte Buorren yn it hert fan Weidum deun by de âlde tsjerke.
It moaiste plakje fan it doarp.
Janny Bottema