31 maaie 2024
Wizige op 01-06-2024, 11:47:04
Rûnkranter, july 2014
Yn Weidum, Jellum, Bears is neat te keap. Dus moatte je der op út, at je wat ha wolle. Op 'e fyts nei Mantgum, mei de auto op en del nei Ljouwert. Of ynternet op gean en mei in pear mûsklikken it spul oan hûs besoargje litte. Hoe wie dat eartiids? Wat koene je yn it doarp krije? Wat moast út 'e stêd komme en hoe regelen je dat dan?
It ferhaal is net nij, Geert Mak hat it yn 1996 al treffend ferteld yn Hoe God verdween uit Jorwerd. Mar at it oer je eigen doarp giet, bliuwt it ûnfoarstelber: hoe kin it dat de folsleine middenstân yn in pear desennia ferdwûn is? Mar ek: hoe koene al dy winkeltsjes bestean?
Doe 't ik yn 1990 nei Weidum ta ferhuze, koe ik foar ferve foar myn nije wente terjochte by Pier en Anna, koe ik Cor de Smid freegje de elektrisiteitskast te ferfangen en hellen we by de Troefmarkt in kratsje bier doe 't de ferhuzing dien wie. Al gau hie ik op freedtemiddei myn fêste loopke nei Harm Post om jild op te heljen, op sneontemoarn nei de slachter en dêrnei nei Andrys & Pytsje. In aardich ferskaat oan winkels dus, at je der no op werom sjogge.
Fan pypkejern oant soere hjerring
Mar it is neat yn fergeliking ta wat it earder wie. At Jan Monsma it plaatsje fan syn jeugd opsomt - we ha it oer ein jierren fyftich - kin ik my dêr amper in foarstelling fan meitsje. 'Op 'e Lytse Buorren hiene je de krudenierswinkel fan De Haan en Sytske, de bakkerij fan Bouwmeester, op 'e Strûken ferkocht Aebeltsje Kamstra petroalje, dan wie der noch Anne de Jong, krudenier en molkrider (it hynder dat hy foar de wein hie moast troch de gong fan de winkel om achter by de stâl te kommen). ... ' Monsma giet fierder mei de winkels op it Sânpaed: 'Hiddinga ferkocht pypkejern en manifak-
turen, by Van der Sloot kochten je griente mar namen je ek wolris in soere hjerring mei, De Vries hie in winkel fan sinkel, dan wie der noch Klaas Hernamdt mei in krudenierswinkel... ' En dan hat er de ‘rijwielhandel’ op de Hegedyk noch net neamd, de winkel fan Dijkstra yn Jellum net, de bakkers yn Jellum en Bears ...
Te freon hâlde
Wat in kar oan winkels! Hoe diene je dat as doarpsbewenners? De iene dei nei krudenier A en de oare dei nei krudenier B om beide te freon te hâlden? Ja, sa gong it al, jout Monsma oan. 'Foar lekker brea gongen je nei Bouwmeester, mar mei in jierdei hellen je bij Kortstra oranjekoeke. En fierder spilen der ek wol belangen mei, dat de iene winkelman bygelyks wol hânmelke koe en dêr hiene je dan as boer soms wol ferlet fan. Foar de winkelman kaam dy byfertsjinst ek goed út want fan allinnich de omset fan de winkel koene de minsken eins net bestean.'
Je hiene doedestiids noch gjin kuolkast, dus gongen je hast alle dagen foar farsk spul nei de winkel. Ek handich: in soad waard oan de doar brocht. Gerrit molkboer kaam rjochtstreeks fan it molkfabryk by de minsken oan hûs, de bakker en de grienteman sutelen lâns de doarren, potskippers diene de doarpen oan mei potten en pannen oan board, biezems en klompen koene je oan de doar keapje. En dan wiene der noch de bolkoerrinsters, faak widdofroulju dy 't mei dy hannel in eigen ynkommen bymekoar skarrelen.
Flewielen pûde
Ek at spul stikken gong, koene je dat oan hûs ôfhannelje. De stuolmatter kaam oan de doar, stikkene skuon joegen je mei oan Schaafsma út Easterwierrum. 'Dy hie in flewielen pûde op 'e rêch en dêr die er de skuon dan yn', wit Monsma noch.
Je hoegden foar deistige saken it doarp dus net út. Dat kaam de minsken goed út, want foar in rit nei de stêd hiene se hast gjin tiid. At it al needsaaklik wie, gong men op 'e fyts.
Boaderider
At je it sels net oan tiid hiene, koene je boaderider Wolke Jongstra freegje om in pakje mei te nimmen of om in boadskip te dwaan. In nije ljedder keapje by Auke Rauwerda, in stikken horloazje fuortbringe nei de horloazjemakker, Wolke regele it alIegear. Hiene je wat besteld út Hallum, Dokkum of wat foar plak dan ek? Op it Aldehouster tsjerkhôf troffen alle boaderiders mekoar en waard fracht oerdroegen dat nei in oare regio moast. It liket hast wol op in hjoeddeistich distribúsjesintrum, ‘retail logistics’ sille we mar sizze. Sa besjoen is der net sa folle ferskil tusken de boaderider fan doe of de DHL-koerier fan no. Tiden hawwe tiden, mar soms komme saken gewoan werom yn in nij jaske. Hynder en wein is no in bestelautootsje, mar de tsjinst is it selde.
Katja Westra
Mei meiwurking fan Jan Monsma en Jeppe Teensma
(argyf wurkgroep histoarje)