Blik op it ferline: It âld suvelfabryk

9 juny 2024

Blik op it ferline: It âld suvelfabryk

(Ut de Rûnkranter fan april 2015)

It is dik 45 jier lyn dat it âld suvelfabryk op It Wiel ticht gong. Fjirtich man persoaniel (en miskien in inkele frou?) hie dêr earder wurk. Wat in wurkgelegenheid wie dat, sa ticht by hûs! Hoe wie it om dêr te wurkjen? En wêrom koe it fabryk net iepen bliuwe?

It ferhaal fan Coöperatieve Stoom Zuivelfabriek De Takomst begjint yn 1893. Op 6 april om krekt te wêzen. Sa'n fyftich boeren en belangstellenden út Mantgum, Jorwert, Weidum, Jellum en Bears binne oanwêzich yn de herberch fan Samplonius te Weidum. At foarsitter fan de gearkomste R.J. Oostra freget wa ’t him oanslute wol by in op te rjochtsjen koöperaasje, stekke 22 boeren de hân op, ûnder harren in protte bekende nammen (Kalma, Rypma, Kingma, Oostra, De Boer.) Wat in ûndernimmersmoed, at je dêr op weromsjogge. Fanút it neat in komplete fabryk delsette. Ofhinklik fan it oantal kij lizze de boeren jild yn en krije se stimrjocht op de ledegearkomste: ien stim by minder as tsien kij, twa stimmen bij tsien oant tweintich kij en boppe de tweintich trije stimmen. De tsjerke stipet it inisjatyf mei de oankeap fan fjouwer oandielen foar in bedrach fan twahûndert gûne. In jier letter is der – út mar leafst 57 gadingmakkers – in direkteur oansteld, T.J. Swierstra, suvelkonsulint út Leiden, en is it earste persoaniel oannommen. Op 9 april 1894 komt foar it earst reek út de skoarstien.

Molkriders

Yn it begjin fan De Takomst brochten de boeren de molke sels nei it fabryk. Dat moast dan wol barre oer it wetter of mei in wein mei solide fearen, sa wie de bepaling. Om foar te kommen dat de molke al soer wie ear ’t er oankaam? Tink je ris yn wat allinnich dizze earste stap yn it produksjeproses – de oanfier – al oan wurk meibrocht. Kij melke, molke út amer yn molkbus, bussen op karre, fan karre op wein of boat, by it fabryk bussen fan wein/boat op it stalt, fan it stalt op in karre, fan de karre nei it plak fan de molkûntfangst. In molkbus mei ynhâld weaget al gau mear as 40 kilo. 'En dan hiene je twa bussen yn eltse hân', wit Jan Monsma noch. 

It jierferslach fan 1931 fermeldt dat it molkeferfier 'eene belangrijke wijziging heeft ondergaan. Was  tot dusver het zelfbrengen van de melk regel, thans is deze toestand geheel veranderd en is het zelf brengen zoo goed als geheel vervallen. Besloten werd het vervoer vanwege de fabriek aan te besteden.' Wurk foar molkriders! Ien fan dy molkriders wie Tiede de Jong, hy helle de molke mei hynder en wein by de boeren op. It hynder stie efter hûs (oan de Greate Buorren) en moast alle dagen troch de gong om by de wein te kommen. De fierderôf-ritten die Bertus Lunshof mei de frachtauto.

Sjef tsiismakker

By de molkûntfangst waard de molke as earste sentrifugearre. Haye de Jong – heit fan Andrys – stie op dat plak, krekt as Douwe Brandinga. 'De minsken fan de molkûntfangst moasten moarns om fjouwer oere as earsten begjinne', wit Jaap Heida noch, 'dan siet de molke al yn de bakken at de tsiismakkers oan it wurk gongen.' Jaap wie ien fan dy tsiismakkers, hy hat fjouwer jier op it fabryk wurke, kollega Frans Monsma gâns langer. Monsma: 'Ik bin begûn doe ’t ik 13 wie. Of wie ik âlder? Ik ha fan skoalle ôf earst by de boer wurke en dêrnei koe ik by it fabryk oan ’e slach. Do meist ek wol 14 of 15 opskriuwe hear, want ik wit it net krekt mear.'  [Foar de jonge lêzers: tink je dit ris even yn: op je 13e begjinne te wurkjen by in baas! Fuort nei groep 8 oan ’e slach, je kinne rekkenje en lêze, wat wolle je noch mear witte? Dus wurkje mar en de kost fertsjinje.]

Frans syn ûnthâld wurdt op punten miskien wat minder, mar dat er it moai fûn om yn ’e suvel te wurkjen wit er noch sekuer. 'Ik fûn it prachtich moai wurk!' At hy beskriuwt wat se yn de tsiismakkerij diene, komme der nijsgjirrige tiidwurden foarby: de tsiis yndoekje, ôfrantsje.... Ut syn beskriuwing wurdt ek dúdlik wat foar fakmanskip der by kaam te sjen: fiele oft de wrongel stevich genôch is, yn de gaten hâlde dat de tsiis net te lang yn it pikelbad leit, mei de hân bepale oft de tsiis dik genôch is om te snijen. Monsma: 'Ik hie der wol idee oer hoe ’t de tsiis it bêste makke wurde koe. It kaam wol foar dat direkteur Schat in suveladviseur út Ljouwert op besite hie dy ’t saken oars ha woe. Dan tocht ik: dit komt sa net klear. Letter kaam Schat by my: hiest wol gelyk hear Frans. 'As jonkje begûn, klom er op ta earste tsiismakker en waard úteinlik sjef tsiismakker. Yn ’e rin fan de jierren waard it wurk hieltiten mear automatisearre. 'Doe fûn ik der net safolle mear oan. Je stelden de masine yn en dy die dan it wurk. Ik wie mear in man fan sels regelje.'

Op nei de hûndert

Yn 1969 wurdt it 75-jierrich jubileum fierd. Grut feest yn it doarpshûs. Frou Schat hie grutte platen makke oer de skiednis fan it fabryk, wit Jaap Heida noch. 'Op nei it 100-jierrich bestean!', klonk it optimistysk yn ien fan de taspraken. Maar Jaap wist al dat dat der net fan komme soe, der gong al praat. 'Doe ’t der in nije molktank pleatst waard, seine we tsjin elkoar: hoe lang sil dy noch tsjinst dwaan? No, je kinne him wol mei in kraan ferhúzje hear, sei ien.' En sa is it gongen. Noch yn it jubileumjier foel it beslút om de lokaasje yn Weidum te sluten, de tank koe nei Dronryp. Krektlyk as it persoaniel.

De Takomst wie yn it begjin ien fan de grutste suvelfabriken, mar hearde op it lêst by de lytsere produsinten. De produksje fan fjouwerkante tsiis koe lang út, mar no moast der óf ynfestearre wurde óf de skaal moast grutter. It waard it lêste, troch in fúzje mei twa oare koöporaasjes. Fresia wie de nije namme, Dronryp it festigingsplak. Jaap Heida: 'We fûnen it net leuk, mar it wie net te kearen. Je snapten it wol. En gelokkich wie der genôch wurk. Je koene mei nei Dronryp, mar der wie oars ek genôch wurk te finen.' Frans gong mei nei de nije lokaasje. Jaap stapte oer nei de Frico yn Ljouwert, mar kaam letter werom op 'it âld stee' doe 't Andringa dêr in tsiisopslach begûn. Lang hat Andringa der net yn sitten, mar hy sloopte wol de âlde skoarstien. Ivich skande!

Gelokkich is der mear as in ieu nei de start fan it suvelfabryk noch hieltiten ûndernimmerslust. Sa'n tsien lytse selsstannigen ha yn it âlde gebou in ûnderkommen. Mei mekoar ha se gjin wurk mear foar fjirtich man, mar libben jout har bedriuwichheid wol!

Katja Westra
Mei meiwurking fan
Jan Monsma en Jeppe Teensma

(argyf wurkgroep histoarje)