D’UM

Skande, it hiele doarp praat oer Fetje fan Borniastate!

27 maart 2025

Skande, it hiele doarp praat oer Fetje fan Borniastate!

Bernemoard op Borniastate yn Weidum

Op de gearkomste fan It Nut op 13 ferewaris l.l. fertelde Siem van der Woude (earder ûndersiker by Tresoar yn Ljouwert) oer in bernemoard dy’t yn 1802 yn Weidum plakfûn hat.
Fetje Frederiks de Graad, dy’t as tsjinstfaam wenne op Borniastate,  waard fertocht fan de moard op har dochterke flak nei de berte. Se is yn jannewaris 1803 feroardiele en ferbanne út Fryslân. Alles oer har misdied stie beskreaun mar hoe’t it Fetje nei de feroardieling fergie, wie neat fan bekend.
It ‘Cold Case’ tiim fan Tresoar hat yn 2013 de saak fan Fetje fierder ûndersocht. It tiim kaam der achter dat Fetje yn Grins telâne kaam wie. Hoe gong it dêr mei har?
Wiger Zijlstra út Mantgum, hat it ferhaal oer de bernemoard en it libben fan Fetje yn de Rûnkranter fan april 2021 wiidweidich beskreaun. Hjirûnder syn ferhaal.

Do en ik, wy allegearre ha ús ferline, ús skiednis. It measte dêrfan wurdt wei, ferdwynt út ús ûnthâld, rekket yn it ferjitboek. Dat is mar goed ek, want de al mar waaksende ballast soe te swier wurde. Allinnich as it fêstlein wurdt, d.i. eartiids, opskreaun waard, koe it bewarre bliuwe. En omdat we elkoar doe ek al graach miggen ôffongen, betrapen op flaters en fouten, op misstappen en misdieden, kaam soks krekt wol yn de boeken en kin it no, soms jierren, nee ieuwen letter, troch de nijsgjirrige sneuper, faaks mei nocht oan ûnnocht, werom fûn wurde.

Sa is it ek gien mei it libben en lijen en de skoof- en skandedieden fan Fetje Frederiks de Graad, faam fan professor Johannes Verschuur fan Borniastate yn Weidum. Borniastate wie in moaie stins of bûtenpleats foar lju fan kwizekwânsje lyk as riedshearen en professors.

Fetje Frederiks de Graad wie yn 1802 faam by professor Verschuur. Doe’t Verschuur, earder dûmny yn Boalsert, no heechlearaar Easterske talen yn Frjentsjer, in frisse faam socht hie foar syn húshâlding, tocht hy net alderearst oan ien fan de doarpsfamkes. Dat wienen neffens him fan dy boeretrinen, te plomp om de heechachte  gasten, syn kollega’s bygelyks, op Borniastate mei stân en styl te betsjinjen. En hy woe wol earlik wêze, hy seach sels ek leaver in tsjep famke út de stêd as sa’n drege doarpsdochter dy’t alles wat der op Borniastate barde mei har freondinnen yn it doarp berabje soe. Ien út Ljouwert dus, dêr siet krekt wat mear staasje oan en se wisten wat better wat der yn de wrâld te keap wie. Dat doe’t Fetje op sicht kaam, wie hy gau út ’e rie. Se wie yn De Lemmer berne, mar mei har mem ferhuze nei Ljouwert. Doe’t se fan de beurtskipper fan Weidum hearde dat se op Borniastate in flinke faam sochten, woe se wol graach gading meitsje. It paste daliks en binnen de koartste kearen poetste en skrobbe Fetje as in eptige faam de stoepe fan de state yn Weidum.

Yn jannewaris 1802 giet Fetje op besite by har mem yn Ljouwert. Jûns hat se in ôfspraakje mei har feintsje Menne Cornelis. Se fine in plakje yn it prikeljende hea, ha tegearre in protte wille. Mar nei in pear moanne krijt Fetje yn ’e gaten dat se swier is. Mei in brief oan Menne bringt se de heit fan har ‘swarigheid’ op de hichte. Mar Menne wol der neat fan witte. Hy is fan betinken dat ‘de gemeenschap die wij saamen gehad hebben u de minste leed niet van zou overkomen’. It wol him net oan of hy seit dat it him net oan wol dat harren ‘snobberij fan huwelykse geneugden’ yn ’t hea yn jannewaris har in lytse poppe yn ‘e búk opsmiten hat. It hat neffens Menne net folle foarsteld, it is ommers by wat tútsjen en striken bleaun. Hy wol ha dat se mei oaren noch folle mear wille hân hat: ‘silst wol mei oaren yn it strie lein ha en vleeselycke conversatie hân ha.’ Hy wit fansels hiel goed dat him, de feint dy’t in útglider makke hat, neat oanrekkene wurde sil. Hy mei hetsich en hynstich wêze safolle as hy wol, it fanke, moat yn har leidigens mar op har keinens passe en de kop der by hâlde.

Wat moast Fetje no? Net troud, mar ien kear snobbe fan ‘huwelykse geneugden’, ien kear ‘vleselijke conversatie’ en daliks al swier fan in poppe. Se wit noch klear wat de kokenfaam koartlyn sa stikemwei tsjin har sei. Sy hie ek alris preaun fan de ‘vleselyke geheimen fan  man en vrou’. It wie gelokkich sûnder gefolgen bleaun. De faam hie dêrby Fetje tantsjend oansjoen. Dy hie ferdomd goed yn ’e gaten wêrom’t it fanke sa fertroulik wie. Se hie in kleur as in byt krigen, mar liet neat los. Benammen fan dat ‘ek’, ‘ek alris preaun. . . ‘ wie Fetje oe sa skrokken. Dy faam hie it dus net allinnich oer harsels, mar se bedoelde dat it har dúdlik wie dat ‘ek’ Fetje fan dy geheimen preaun hie. Gelokkich wie der fierder net trochfrege. Mar Fetje is bang, oe sa bang en bringt net ien yn har omjouwing op de hichte fan it lytse, mar groeiende libben yn har búk. As der al ris ien him of har útsprekt oer it búkje dat foarút stekken giet, beart se wakker: ‘hoe komst derby?’

Mar dan, it is yn de nacht fan 4 op 5 oktober 1802, oppenearret it popke him. Fetje wit net wêr’t se it sykje moat, se ferstoppet har in hiel skoft op it sekreet fan Borniastate. Nei mear as in oere fielt se dat se twa ‘stikken’ kwyt rekket. Dêrnei giet se, oe sa allinnich, stikem nei har keamer. Bang, beswit en beklomme. Se is der glêd mei oan.

De oare deis is se flink siik, se kin hast net út stee komme. Oan it kokenfamke en Margaretha Verschuur, de dochter fan de professor, fertelt se fan in lyts popke dat har yn it sekreet ôfgien is. Se wol de sjirurgijn fan Jorwert der net by ha.  Wa wit wa’t dy der allegear by helje sil. Op Borniastate, de professor foarop, fine se dan dat Fetje mar in skoftke út ’e wei moat. Se wurdt mei it trekskip oer de Swette nei Ljouwert brocht. Dêr kin se by har mem wat opknappe. Dan sjogge se letter wol wer.

Dan wurdt op Borniastate yn it sekreet it lykje fan in foldroegen famke fûn. Professor Verschuur wol syn fingers fierder net brâne en skeakelet it gerjocht yn, foardat de doarpsrabberij skeller lûd krijt as de beskamsume wierheid. Der wurdt in ûndersyk opstart, dat foar Fetje wolris net sa noflik wurde kin. Dy hat by har mem yn Ljouwert wol yn ’e gaten dat se har wolris sykje kinne. Se wachtet net ôf. Spookbenaud mar dochs gau beret, makket se dat se fuort komt en giet mei de Lemster boat nei Amsterdam. Spitich foar Fetje, se binne dêr al op de hichte, se wurdt oppakt en mei de hannen op de rêch bûn as in grutte misdiedichster werom brocht nei Fryslân en opsluten yn it Blokhús. De oanklacht fan de rju achte hearen fan it gerjocht:

“Het verborgen houden van de zwangerschap en in stilte bevallen van een kind. Het kind in het secreet laten vallen en laten stikken".

As se seit dat se net yn ’e gaten hie dat se swier wie, wurdt se net leaud. Se hat ommers poppeklean yn har kiste ferstoppe en it brief oan Menne is ek wol dúdlik. Menne sels komme we net mear tsjin. Blykber is syn ferhaal yn it brief oertsjûgjend genôch. Watte? Oer in heit dy’t echt wol earne omrint, wurdt mei gjin wurd praat. Fetje wurdt troch it Provinsjaal Gerjochtshôf feroardiele ta de skande fan tepronkstelling op it skavot. Se wurdt troch de skerprjochter oan in peal bûn mei in poppe yn doeken yn de earmen. 

Nei ’t se in kertier troch de minsken begnúfd en útlake is, mei Fetje al op 29 jannewaris 1803 it Blokhús efter har litte. Se moat Fryslân daliks ferlitte en de earste sân jier mei se net werom komme.

Dan ferlieze we har in moai skoft út it each. Op 1 desimber 1810 trout se yn Grins mei in Wilke Broekmans. Se wurde heit en mem fan in twilling, Evert en Frederik. Mar de twa jonkjes rêde it net op en meie mar fiif dagen libje. Noch fjouwer dagen letter ferstjêrt Fetje sels. It libben is sa wif.

En de professor? De skiednis mei syn faam út de stêd siet him dochs wol dwers. Sa gie hy mei Borniastate oer de tonge. As sa’n kreaze faam út de stêd har ear en skientme sa gau kwyt wie, koe hy ek wol in famke út it doarp oannimme, dy wienen faaks wat deegliker en foarsichtiger mei frjemde keardels. Mar dêrom koe it fansels noch wol in tsjep famke wurde. Syn each woe ek wat en foel op de dochter fan syn túnman. Dat in pear dagen letter bjinde dat famke de tegels fan syn stoepe en makke wille mei de bakkersfeint dy’t no al foar de twadde kear op ien dei op Borniastate kaam om’t er, mei sin, in stikje brea ferjitten hie.

  1. Yn dit ferslach oer wat Fetje de Graad yn Weidum belibbe hat, binne wat tocht en sein wurdt, myn betinksels, mar se flokke net mei wat der bard is, wat histoarysk wier is en yn Ljouwert by it Gerjocht opskreaun is. Dat it mear as 200 jier lyn is hat my, nei myn betinken, de frijheid en it rjocht jûn de feiten oan te foljen mei wat fantasije.
  2. Fetje Frederiks de Graad is wer ta libben kommen doe’t yn 1982 Greddy Huisman fan de universiteit fan Grins it dossier fan Fetje ûnder eagen krige. Doe’t se nijsgjirrich fierder socht, wie al gau dúdlik dat Fetje net unyk wie. Der wienen fan 1700 oant 1811 yn Fryslân samar noch sa’n 60 fan sokke famkes en froulju fûn dy’t der ek sa glêd mei oan west hienen. Dat oantal falt my trouwens ta, mar we witte fansels net hoefolle memkes, mei of sûnder help, harren berntsje nei’t se it omkomme lieten of deamakke hienen, bedobben en dat fierder net ien it yn ’e gaten hie. Wol 60 dus, yn de 111 jier dat sokke saken it dúdlikst fêstlein binne. (Greddy Huisman yn diel 68 fan ‘De Vrije Fries’ fan 1988): ‘Vrouwmensch, Vrouwmensch, hoe bistu hier toe gekoomen’.
  3. Borniastate is û.o. bewenne troch de famylje Buma. De stins stie net fier fan Nij Dekama ôf, sa’n bytsje neist Papingastate, oan ’e ein fan de Kûperssteech. Yn de jierren 1864-1868 is ‘de sieraad voor het dorp’ totaal ôfbrutsen en no is der neat mear fan oer. Sels it sekreet ha se net stean litten.

                                                                                                                      Wiger Zijlstra