D’UM

Blik op it Ferline: In wiid ferneamd stasjon

4 juny 2024

Wizige op 21-06-2024, 22:44:29

Blik op it Ferline: In wiid ferneamd stasjon

(Rûnkranter, oktober 2014)

Der sille op 'e wrâld net folle stasjons wêze dêr't in liet oer makke is. Sa besjoen is it mar bysûnder dat it eardere stasjon fan Jellum-Boksum dy eare wol takaam en dat elts dat ferske doedestiids meisjonge koe. Alteast, dat meitsje we op út de bekende kanon fan P. Folkertsma:

It muzyk giet troch de buorren, it is allegearre folk:

Rombombom, rombombom slacht de tromme, dêr begjint it al:

“Jellum-Boksum is in wiid ferneamd stasjon!”

                                               Alle jonges, alle famkes sjonge mei.

Wêrom 't dit beskieden stasjon dan wol sa wiid ferneamd wie, ûnthult it liet net. En dy reputaasje hat ek net foarkomme kind dat it gebou yn 1958 sloopt waard. Binne der noch Jellumers dy't dêr oait op 'e trein stapt binne?It stasjon fan Jellum-Boksum hat fan 1883 oant 1938 yn gebrûk west. Mar dêrnei waard it foar in inkelde gelegenheid ek noch wolris iepen steld. Sa kin Jan Monsma him yn ’t sin bringe dat se mei de klas op skoalreiske nei Arnhim tagongen en dat se doe yn Jellum opstappe koene. Ek is der in ferhaal dat de âlde mefrou Skat op in koar siet en dat regele waard dat se foar in optreden fanút Jellum mei de trein reizgje koe. Miskien hat se harwol nei it stasjon bringe litten troch Marten Hagedoorn. Dy hie in koets en brocht de minsken dan earne hinne. Der wiene wol mear fan dat soarte fan koetsen dêr ’t je op meiride koene.

Loket

Ek yn Bears koene je earder op 'e trein stappe. Yn de buert fan wat no de bernebuorkerij is, wie in wachtpost mei in loketsje. By Jorwert wie al wer de folgjende halte, ek dêr mei in loket bemanne troch in boere-arbeider.
In loket... hoe lang is it net lyn dat je op it stasjon in kaartsje keapje koene? Wannear is der yn Mantgum in kaartsjesautomaat kaam? En hoe kamen je earder oan in jildich ferfiersbewiis? Ik kin it net mear foar de geast krije. Wisten jim trouwens dat it stasjon fan Mantgum jierren net yn gebrûk west hat en pas yn 1972 wer iepen steld is? Dat wie foar de FRAM reden om dan mar minder bussen ride te litten en de doarpen Jorwert en Mantgum út de tsjinstregeling te heljen. Yn Jorwert lieten se dat net samar passearje: sjoch op internet foar in moai ferhaal oer in buskaping (www.autobussenwebsite.nl)

Giele bussen

Ach ja, de FRAM.... mei syn giele bussen. En mei in namme dy 't noch te begripen wie: Friese Autobus Maatschappij. Opfolger fan de LAB: Leeuwarder Auto Bedrijf, mei reade bussen en de NTM: de Nederlandse Tramweg Maatschappij. Janny Bottema wit noch dat dy bussen grien wiene.  “Sa'n fiisgriene poepkleur. As ik mei ús mem nei famylje gong en wy moasten yn Snits oerstappe op de LAB, dan fûn ik dat prachtich. Sa'n moaie reade bus!” Yn Ljouwert koene je oerstappe op bussen fan de LABO: de Leeuwarder Auto Bus Onderneming, dy 't de noardelike hoeke fan Fryslân betsjinne. Wat ha we sûnt dy tiid net allegear oan firma's hân? De belbussen fan NoordNed (gjin súkses), Arriva, Connexxion...  Wat moaier namme, wat minder bussen. Jeppe Teensma kin him herinnerje dat hy om 1998 hinne jûns om 23.00 oere noch mei de bus nei Weidum komme koe, nei in kursus of in foarstelling yn De Harmonie. In jier letter gong de lêste bus om 19.00 oere en noch wer in jier as wat dêrnei waard dat 18.00 oere. De snein gong der al gau út en letter de sneon. Arriva sette dapper útein mei in skema fan alle oeren in rit, mar koe dat net folhâlde. Connexxion rydt no ek net tusken 9.00 en 14.00 oere. Busrûtes binne yn 'e rin fan 'e tiid ek feroare. We fine it no gewoan dat de bus fan Weidum ôf oer Jelllum en Boksum rydt, mar earder sloech dy by de bistro ôf en gong fia de Dekemawei en de Overijsselsestraatweg nei Ljouwert.

Ubertaxi

Hoe 't it yn de takomst mei it busferfier komt? In soad folk sit der meastentiids net yn de bus. Miskien ûntstiet der in moderne fariant fan Marten Hagedoorn syn koets en krije we hjir in plattelânske ferzje fan de stedske Ubertaxi's. We poste mei ús smartphone efkes in berjocht en sjoch: dêr stiet al in doarpsgenoat foar de doar mei wa 't we meiride kinne nei stasjon of winkel.

Katja WestraMei meiwurking fan Jan Monsma en Jeppe Teensma
(argyf wurkgroep histoarje)